Sammele wurk Tjitte Piebenga troch de eagen fan in oare Peinzer skriuwer

JOSSE DE HAAN – 

Yn 2011 hat útjouwerij Bornmeer it sammele wurk (poëzy en proaza) fan Tjitte Piebenga útjûn. Yn in moaie kassette binne de twa dielen mei ynliedings fan Abe de Vries, Joke Corporaal en Hylke Tromp ferskynd. Yn de opnommen bylagen steane: 1). List fan fersen; 2.) Fersen alfabetysk op titel of begjinrigel; 3). Fotokatern mei famyljefoto’s; 4). Bibliografy en 5). Register op persoansnammen.

Joke Corporaal fertelt oer it libben en it wurk fan Piebenga, Abe de Vries skriuwt in essay oer de poëzy fan de skriuwer, en Hylke Tromp besiket in beskriuwing fan it neffens him wichtichste tema yn it proaza fan syn sweager te jaan – it ferhûddûke jonkje.

 

DOARPSGENOAT

myn kattepûl is stikken en it begjint to

reinen. de rútsjes sjogge swart ûnder it

tek wei. gerryt keart it kret om, de kij

balte al. 

en hiel fier efteroan giet master om

salaris.

(tj.p. peins, ’71)

 

 

Ik haw nea oer it wurk fan Tjitte Piebenga noch oer syn persoan skreaun, ek net reagearre op de ‘behannelingen’ fan myn persoan troch Piebenga yn Prym of op oare plakken – ik koe him te goed. Yn Peins hiene wy jierren hast buorlju west.

Syn mem learde my op de legere skoalle it lêzen en it skriuwen, syn heit korrigearre myn earste roman Forneukte Stêd, 1972 – ‘do bist in Peinzer, en as it wat is doch ik it’, sei er, doe’t ik him frege. Op syn suster Anke haw ik jierren fereale west. Yn myn roman Piksjitten op Snyp hat myn ferteller it opnommen foar in man dy’t troch it grau opjeid wurdt (wat soms mei ‘foute’ minsken yn en nei ’45 barde).

Doe’t Tjitte Piebenga yn Peins kaam wie ik seis of sân, hy tolve of trettjin. Ik bin yn Peins berne en haw dêre 21 jier wenne, Piebenga in 30 jier mei inoar. Doe’t er nei Arum gong as skoalmaster yn 1959 wie ik achttjin en haw him dêre wol opsocht – ik fûn syn gedichten nijsgjirrich. Ek it tiidskrift Asyl, dat er mei Bauke de Jong opsette en yn Arum makke, spruts my oan. We hawwe dêroer yn it skoalhûs yn Arum diskusjes hân.

Meidat hy in fiif en in heal jier âlder wie, hie ik as jonge mei him gjin yntinsyf kontakt yn Peins, út en troch rekke er ris op ‘e tekst oer Hemingway, Claus en guon toanielskriuwers dy’t er goed fûn. My heucht in kear doe’t er appelbeamkes oan ús heit ferkocht. Ek oer Pound en Eliot, de favoriten fan syn heit, hie er it gauris. Hy kaam út in famylje mei boeken en kultuer.

Alles wat er (faak heftich) nei foaren brocht fûn ik doe ynteressant. Dat er simmers ferbûn wie oan in autoskooter wie foar my helendal it toppunt. Hawar, Tjitte Piebenga hat foar my in pear jier ynspiraasjeboarne west – as persoan en as skriuwer.

Doe’t ik wat âlder wie en op de kweek kaam, krige ik mear kontakt mei de famylje. Mei de jongere broer Edzard hie ik in Royal Enfield, dy’t faker stilstie as ride, fan de âldste suster Grite kocht ik foar de earste learkring (klas 1 en 2) fan de Rykskweek yn Ljouwert har boeken – sij wie trije jier âlder – Anke, de twadde suster gong wol mei nei feesten fan de kweek, en fan Haring Piebenga, de heit fan Tjitte, haw ik boeken te lien krigen.

Mei oare wurden, ik koe it libben fan Tjitte Piebenga frij goed. Syn wurk wie Peins, Peins en nochris Peins. In soad wat de haadpersoanen yn syn ferhalen belibben en úthellen hie Peins as achtergrûn. Autobiografysk? Autofiksje? Anekdoatysk faaks? Ik moast doe yn it begjin noch in hâlding fine oangeande dy ferhalen dy’t my sa ticht op ‘e hûd sieten. Ik moast ek mear kennis fan literatuer hawwe om antwurden te finen, om eventueel reaksjes op papier te setten. Dy antwurden haw ik no. It sil nimmen nij dwaan, dat ik it mei de trije ynlieders op it wurk fan Tjitte Piebenga net helendal iens bin – soms helendal net.

 

Peins – Keatse, aaisykje en reedride
Ast opgroeidest yn Peins dan moast as jonge op syn minst keatse, aaisykje en reedride kinne. Tjitte Piebenga wie gjin keatser, gjin aaisiker en op it iis ek net ien fan de fluchsten. Mei oare wurden, as jo gjin weiten hin wêze woene, dan moasten jo útblinke yn oare saken as keatsen, aaisykjen en reedriden om in plak yn it doarp ûnder de opgroeiende jonges yn te nimmen. Dy oare saken komme foar in part ‘letterlik’ en metafoarysk yn de ferhalen fan Piebenga werom.

Tjitte Piebenga hearde by de groep jonges dy’t fiif oant acht jier âlder wie as ik. Se koene ús dy’t jonger wiene net brûke as se ris wat úthelje woene.

Dochs kin ik heel wat ferhalen fan Piebenga dy’t spylje yn in lyts doarpke ien op ien lêze – ik werken de persoanen, de nammen dy’t brûkt wurde. Meidat soks net yn diskusje stiet – myn assosjaasjes binne foar elk fan myn generaasje út Peins falide – kin ik de ferhalen ek as ferhalen lêze, kin ik se as literatuer beskôgje, omdat ik as persoan net letterlik meidoch, der bûten stean.

It binne de nammen fan bern en folwoeksenen yn de ferhalen dy’t foar my mear betsjutting hawwe as allinne yn de stoarjes. Alles kloppet yn de ferhalen fan Piebenga, want ek ik haw bygelyks op de ‘Hoantsjepôle’ boarte, of op de Peinzer feart riden, en op de opfeart fan Peins nei Wallinga by ljochtmoanne – in frijplak foar spantsjes. Mar dat hâldt net yn dat myn ûnderfinings lykop rinne mei de literêre ynhâld fan de ferhalen fan Piebenga. De echte ‘Dut’ wie twa jier jonger as ik, de echte ‘Suk’ wie fiif jier âlder. De echte ‘Anneke’ dy’t op it omslach fan de twadde printinge fan It lyk wurdt oantaast stiet, wie seis jier âlder. Yn de ferhalen fan Piebenga spylje fammen mei dy nammen in literêre rol.

Yn dit ferbân is de ynlieding oer it libben en it wurk fan Tjitte Piebenga troch Joke Corporaal tipelsinnich en klisjeemjittich, opynje-befêstigjend. De skriuwer soe yn selskip gauris beweard hawwe dat er de soan fan de ‘ferkearde’ Piebenga wie (de goeie wie dan de broer fan syn heit, Jan Piebenga, haadredakteur fan de LC). Corporaal seit dat Tjitte Piebenga hyltyd konfrontearre waard mei de ‘foute’ kar fan syn heit yn de twadde wrâldkriich. Oant en mei de Rykskweekskoalle waard er as ‘lânferrieder’ en as ‘nsb-er’ narre.

Ik kin dizze feiten wat Peins oanbelanget net befêstigje – ik haw nea merkbiten dat de skriuwer en syn famylje troch de ‘foute’ kar fan de heit yn Peins skoudere waarden. Wat de Rykskweekskoalle oanbelanget kin Reinder van der Leest dy’t dêre twa klassen heger siet as Tjitte Piebenga him net heuge dat dy pakt waard troch de hâlding fan syn heit yn de oarloch. Reinder siet mei Tjitte ien of twa jier yn de skoalkrante ‘Monocle’ fanôf augustus ’53. Se hawwe dat blêd oprjochte. Meindert Bylsma en ik hawwe letter ek yn dy skoalkrante skreaun.

 

KULTUREEL KAPITAAL

it is sa’n spultsje sa’t beppe sei:

der steane hûndert mar der lizze wol

tûzend.

as it reint drippe de iperen beammen

sa lang nei.

oer de buorren waeit de rook fan grouwe

earte mei spek. 

(tj.p. peins, ’71)

 

Tjitte Piebenga ferwiksele nei in pear jier de Rykskweek foar de Herfoarme kweekskoalle ‘Mariënburg’ yn Ljouwert. Syn âldste broer en âldste suster bleauwen op de Rykskweekskoalle yn Ljouwert. It sil in oare reden as pesterij west hawwe dat Piebenga de Ryks ferliet. Yn 1957 begûn ik op dyselde Rykskweek.

‘Yn 1959’, skriuwt Corporaal, ‘waard Piebenga it op ien nei jongste skoalhaad fan Nederlân (hy wie 24), de jongste wie syn broer yn Bears’. Neffens my moatte je gjin myten kreëarje noch yn stân hâlde: jo koene pas haad fan in legere skoalle wurde as jo 25 wiene, ûnder 25 wiene jo waarnimmend haad. Iksels hie ek frijstelling fan tsjinst lykas Piebenga, meidat ik op in ienmansskoalle wurke, en waard op myn 21e waarnimmend haad yn Hjerbeam. De jongste? Mei oare wurden, we ha neat oan geswets, biografyske beskriuwers moatte neirinne oft feiten klopje. Mear saken oangeande it libben fan Piebenga hat Corporaal net goed tsjekt.

Se skriuwt ek dat Piebenga yn 1966 ûntslach naam as haad fan de iepenbiere legere skoalle fan Arum, omdat er psychology studearje woe yn Grins. Mar ast lykas Piebenga gjin HBS of Gymnasium hiest koest net oan de universiteit studearje. Letter wie de universitêre stúdzje ûnderwiiskunde (mei de haadakte) mooglik, wat bygelyks Tinus Santema dien hat. Boppedat spile de skieding tusken Piebenga en syn frou yn 1966 in wichige rol, dy’t der mei foar soarge dat er it ûnderwiis farwol sei.

Dat syn âldelju de stúdzje net bekostigje koene, en dat er troch syn ‘foute’ heit gjin beurs krije koe is dus allegearre diskutabel. Syn heit en mem wiene by steat en betelje foar de sân bern de basisstúdzjes – Mulo en kweekskoalle (al of net mei beurzen), en dat wie al folle mear as wat it gros fan de Peinzers studearje koe. Iksels koe mei in beurs dêre studearje, mar moast yn de earste learkring fan twa jier op de 14 fakken gemiddeld in 7 hawwe om de beurs te hâlden.

Opgroeie yn it gesin dêr’t Tjitte Piebenga de âldste wie betsjutte foar in part opgroeie yn in befoarrjochte sitewaasje fergelike mei it meastepart fan it doarp. It kultureel kapitaal wie grut, en ek it netwurk mocht besjen lije. Tjitte Piebenga hie der al heel jong profyt fan.

De beskriuwing dy’t Corporaal jout oangeande it besteande ‘Byld’ fan Piebenga is ek wer krekt net presys it byld dat de wierheid en de feiten dekt. Yn syn omke, de bekinde dichter en literatuerman Douwe Tamminga, hie er in wichtige stiper en helper. Piebenga hearde net by de fernijende quatrebras-groep, sa’t ek in Durk van der Ploeg dêr net by hearde. Beide dichters skreauden yn de tradisjonele De Tsjerne, dêr’t Tamminga in grutte rol spile. Piebenga hat in pear kear oan quatrebras meiwurke. Ik haw nea begrepen wêrom’t hy dy fernijers letter ferspijde. Sij ommers brochten de Fryske poëzy yn kontakt mei de eksperiminten dy’t oeral yn Europa op gong kamen. Hessel Miedema, Jelle de Jong en Marten Brouwer besochten nije wegen te gean sûnder dat se har útleveren oan guon would be-groepen fan Hollân. Ik haw my wol ôffrege oft Piebenga echt ôfskied fan de tradisjonele Fryske poëzy nommen hat.

Tjitte Piebenga hat toanielspile en toaniel oersetten. Ik haw dêr temin sicht op om der wat bestekliks oer te sizzen. Hawwe dy oersettings ynfloed hân op syn primêre literêre proazawurken, op syn dialogen bygelyks, meidat er ek wurk fan Edward Albee oersetten hat?

 

Literêre berteleppel yn ‘e mûle
It polemyske blêd Asyl (1963-1966) fan Bauke de Jong en Tjitte Piebenga hat wichtich west troch it opromjen fan konservatyf-konfesjonele krêften lykas in E.B.Folkertsma en it blêd De Tsjerne. Piebenga hat yn Asyl nijsgjirrige stikken skreaun. It is heel apart dat dy polemyske proazastikken net opnommen binne yn dit sammele wurk – se hiene in goed byld jaan kinnen fan de kwaliteit fan it blêd én fan de polemist Piebenga.

Corporaal skriuwt dat de ferhalen fan Piebenga skreaun binne fan út it perspektyf fan in bern fan in ‘foute’ heit. Dat is fier besiden de realiteit – it binne mar in tal ferhalen dy’t mei dit aspekt te krijen hawwe. Ik tink dat dit it misferstân west hat, en dat dêrtroch gjin mins oandacht bestege oan syn oare wurk.

De tema’s en de motiven fan de ferhalen jouwe in grut ferskaat. Syn debútroman, syn novelle en heel wat ferhalen hawwe mei oare saken te krijen as ‘foute’ heiten en/of slachtoffer fan sa’n heit.

Yn har skets oer Piebenga en syn wurk skriuwt Corporaal dat er al jong ynteressearre wie yn literatuer. Syn pakes skreauden en syn heit en omkes hearden by de kearn fan de Fryske literatuer. Dat kloppet folslein – hy libbe yn kultuer.

Ofsjoen fan in ‘foute’ heit is Tjitte Piebenga berne yn in kultuerfermidden dêr’t literatuer in grutte rol spile. By syn berte bestie it netwurk al. Al heel jong koe er debutearje troch al dy kontakten yn de literêre wrâld – Jan Piebenga (haadredakteur LC), Douwe Tamminga (wichtich dichter en lieder fan it literêre tiidskrift De Tsjerne), Fedde Schurer (haadredakteur Friese Koerier), Freark Bergstra, Anne Wadman, Lolle Nauta, Jo Smit, Freark Dam en Geart Jonkman. In gouden sitewaasje foar in begjinnend skriuwer (?).

Syn heit spile as oersetter fan Pound en Eliot in oare rol. Dochs is it byld ûntstien – nettsjinsteande dizze gouden berteleppel – dat er der literêr troch in ‘foute’ heit ûndertroch gongen is. Dat fûn er alteast sels. Ik set dêr fraachtekens by.

De wichtige striid yn de fyftiger en sechtiger jierren op it literêre mêd hat yn Tjitte Piebenga net in meistanner fûn, hy hat nea echt ôfskie nommen fan de fêstige oarder dêr’t syn heit, omkes, freonen/skriuwers by hearden. Hy bleau lang yn De Tsjerne publisearjen doe’t de nije generaasje foar quatrebras keas. Hy stuts lykas Jappy Noordmans Jozum Walstra en Paul Panhuyzen fan De Blauwe Hand yn Harns en de Keunstakademy Vredeman de Vries te Ljouwert yn syn blêd de gek oan, wylst dy mannen de nije literatuer en keunst yntrodusearren yn Fryslân. In soarte fan avantgarde wiene yn dit bûtengewest.

Hy neamde de lju fan de WKF (Wurkgroep Kultuer Fryslân) gekoanstekkerich demokratisearders. Piebenga hat nea foar de Koperative Utjouwerij keazen, nea foar trotwaer, nea foar Operaesje Fers. Hy bleau de konservative kant it neist.

 

SLACHTOFFER?

tsjalling giet fan hûs nei hûs. hy

laket net en hy gûlt net.

âlde maeike hat fannacht de holle

dellein. de familie is diep bedroefd.

sneon is de bigraffenis. 

(tj.p. peins, ’71)

 

Tjitte Piebenga hat yn syn eigen blêd Asyl in pear skerpe polemyske stikken tsjin De Tsjerne skreaun. Mar doe wie it hast al ôfrûn mei dat blêd – quatrebras wie al jierren as literêr eksperiminteel tiidskrift dwaande, oare tiidskriften kamen (trotwaer, sonde, alternatyf, awyt, hjir).

Corporaal neamt as nijsgjirrich punt dat in tredde part fan it losse wurk út kritiken bestiet (120 yn de LC, 70 yn Het Vrije Volk), foaral essays en polemyske stikken. ‘Piebenga mocht graach stikelje’, skriuwt Corporaal. Ik doar wol fierder te gean en tink dat er ek nocht hie oan it ‘de gek oan stekken’, en soms hast in sadistyske wille sjen liet om immen ûnderút te heljen yn syn kritiken.

Durk van der Ploeg is der in foarbyld fan, en net sa’t Corporaal mient, omdat er in rivaal wêze soe. Dat hie mei oare saken te krijen. Under oare mei Van der Ploegs redakteurskip fan De Tsjerne. Foaral Benny Holtrop kin der fan meiprate, want dy doarde it oan en skriuw ek oer in ‘foute’ heit yn in roman en yn in bondel gedichten. Spitigernôch foar Holtrop wie dat terrein eksklusyf ornearre foar Tjitte Harings Piebenga (fûn er sels).

Dat sadisme sjochst ek yn guon ferhalen werom, en út en troch yn de dialogen fan syn iennige roman It lyk wurdt oantaast. Ek yn de dialogen fan it harkspul dat Piebenga skreau. Corporaal is it mei Piebenga iens dat de basis fan syn tiidskrift Prym (1970) de rankune wie. Piebenga sei dat it literêre klimaat him te nuet wie, der hong tefolle de sfear fan freonen ûnder inoar. It kranksinnige lykwols wie dat er sels by de nomen klatoera hearde, net de kar foar it nije die, mar him oansleat by de lju fan it nije Skriuwersboun (Jo Smit c.s.). Yn in brief oan Flippus Breuker yn it lêste nûmer fan Prym skriuwt er: ‘Do moatst witte, ik hearde der yndie net by, en noch net’. Hy beskôge himsels as slachtoffer.

 

Foarbyld krityk fan Piebenga

Schermafbeelding 2014-09-02 om 10.08.20

 

Schermafbeelding 2014-09-02 om 10.08.50

 

 

 

Posysje neffens Corporaal
Corporaal skriuwt ek noch dat ‘de tematyk fan de ferhalebondel De rook fan mesjester giet oer in inerlik konflikt fan in bern dat ferspijd wurdt troch de bûtenwrâld, mar noch net begrypt wat heit ferkeard dien hat’. Der net by hearre – dat hie Piebenga yn syn hert mitsele. Ek dêr set ik fraachtekens by.

De bondel ferhalen De rook fan mesjester hat 14 ferhalen, mei inoar 85 siden. De net bondele ferhalen telle in 65 siden, alles mei inoar 23 ferhalen op 150 siden. Yn 9 ferhalen komt de problematyk fan de ‘foute’ heit nei foaren, as bern en soms folwoeksenen de ik der op oansprekke. Ut en troch lokket dy dat sels ek út. It inerlik konflikt fan it ferspijde bern yn al de ferhalen is oerdreaun, meidat de measte ferhalen oare tema’s hawwe.

Yn 9 ferhalen wurdt de ‘ik’ útskolden – ‘nsb-er’ en ‘lânferrieder’ binne de skelwurden. Fan de 150 siden geane in 50 siden oer dat aspekt – dat is in 30 prosint. Rekkene oer it totale proaza fan 415 siden is dat in 12,5 prosint. Folle mear siden geane oer famkes- en jongesseks, oer it gnidzjen fan famkes en jonges, yn feite oer de wreedheden en it sadisme op in doarp krekt nei de oarloch en noch wat jierren dêrnei.

Yn har ynlieding op it sammele wurk sitearret Corporaal Hylke Tromp dy’t beweart dat de ‘kritisy troch it autobiografyske karakter fan it proaza fan Piebenga faak gjin each hiene foar de literêre wearde fan syn wurk’.

Dan stelt Corporaal dat Tjitte Piebenga as kritikus skerp wie en op ‘e nij lykas Anne Wadman in heech nivo easke: ‘it leafst joech Piebenga rivalen lykas Josse de Haan en Durk van der Ploeg in grutte behanneling. Dêrtroch waard syn eigen wurk soms negearre of negatyf beskreaun. Yn de nijste Fryske literatuerskiednis wurdt bygelyks De rook fan mesjester al net mear neamd’. Se ferwiist dan nei Prym-19 en it petear mei Piebenga yn in Alternatyf-nûmer út 1973.

Hjir wurde dus allegearre losse gjalpen lansearre dy’t it wurk fan Piebenga net tichterby bringe. It is yndied in skandaal dat de ferhalebondel De rook fan mesjester yn it s.n. Wolkenboek negearre is. Mar dat hat neat te krijen mei de skerpe kritikus Piebenga, mei it autobiografyske aspekt fan syn wurk of mei de problematyk fan de ‘foute’ Nederlanner. Dat hele Wolkenboek is ien oanfluiting, foaral wat it moderne proaza oanbelanget – der mist tefolle, en dat moderne proaza is normatyf beskreaun en net beskriuwend sa’t wenst is mei sokke oersichten fan literatuer.

Doe’t myn earste roman ferskynde (Forneukte Stêd, ’72) wie Tjitte Piebenga wat ferheljend proaza oanbelanget al útskreaun. Hy skreau út en troch noch in ferhaal foar de Rely-rally. Wat dat oanbelanget koe ik gjin rivaal wêze. Corporaal skriuwt nonsens, of it soe wêze moatte dat Tjitte de hel yn hie dat der noch in skriuwer út Peins kaam.

Ik stipe wol De Blauwe Hand yn Harns (1964 e.f.), publisearre yn quatrebras, wie lid fan de WKF (Wurkgroep Kultuer Fryslân), agearre tsjin it Skriuwersbûn – allegearre saken dêr’t Piebenga folslein oars oer tocht, want hy stipe de status kwo yn kultuerlân.

Yn augustus 1971 ferfear ik nei Noard-Hollân. Ik haw Prym-19 (hoewol’t ik him frege haw in eks. te stjoeren) nea lêzen. Meidat ik doe syn wurk ien-op-ien lies (in soad ferhalen hiene har ûnder myn eagen ôfspile), én syn negative hâlding tsjinoer my dy’t ik net begreep, haw ik oer syn wurk nea skreaun, útsein oer de tsien miny teksten (48 rigels.) yn de yn eigen behear útjûne bondel peins. Yn myn bondel Bonifasius en it ûnderbroekje fan god (1971) haw ik yn it kolofon opnommen – neffens it piebenga-syndikaat (tjitte harings en skriuwersbûn).

Tjitte Piebenga en ik akkordearren net. Ik haw it nochris twa kear besocht doe’t ik al jierren yn it westen wenne. Ien kear doe’t ik yn Peins myn âldelju opsocht en even in praatsje makke mei him en Hanna yn de Peinzer pastory dêr’t se yn ’75 kommen wiene. Myn ferhaal oer syn heit dy’t myn earste roman korrigearre hie, dy’t my folle earder wol boeken liende, en oan wa’t ik gjin minne neitinzen hie, woe er neat fan witte.

Dochs hie er De rook fan mesjester mei ferhalen oer de ‘foute’ heit en de skellerij op de buorren ek oan syn heit opdroegen. Foar de bûtenwrâld moast blykber dat negative byld oer syn heit bestean bliuwe. Ik haw nea rivaal west, mar ik wist wol in soad fan him en syn famylje. As Peinzer, as freon fan ien fan syn bruorren, as freon fan syn twadde suster Anke.

tjitteNaamloos

Foto: Henk van der Veer

 

BELACHLIK MEITSJEN

sleauwe suk. juster hat se wer mei

sjouke nei de hoantsjepôle west.

se hie in rôse broekje oan. 

(tj.p. peins, ’71)

 

Durk van der Ploeg hat er as kritikus gauris ôfmakke – sawol de poëzy as it proaza. Durk wie redakteur fan De Tsjerne – mar omke Douwe Tamminga doarst er net belachlik te meitsjen lykas Van der Ploeg. Itselde barde mei Margryt Poortstra en bygelyks Benny Holtrop. De lêste hie it lef en skriuw yn In appel foar ûnderweis en yn in bondel poëzy oer deselde problematyk as Piebenga – ‘foute’ heiten en de konsekwinsjes foar de bern.

Holtrop waard delmeand. Hoe doarst dy idioat soks te skriuwen – allinne Piebenga sels hie it monopoalje op dat ûnderwerp. Beide, Corporaal en Tromp, skriuwe oer dit ûnderwerp as hie Piebenga it oktroairjocht. Mar neffens my is Piebenga syn wurk op oare grûnen as dy oarlochsproblematyk ynteressant. 87,5 prosint fan it proaza giet oer oare saken.

Corporaal beweart dat Piebenga him ôfsidich hâlde. Ik tink dat dit net kloppet – yn syn fûle en soms ôfbrekkende kritiken (út rankune sa’t er sels tajoech) yn ûnderskate blêden (jierren Vrije Volk en 6 jier LC!) wie er in ûnderdiel fan it systeem, sterker, hat er der foar soarge dat guon skriuwers nei syn sadistyske tirade swijden.

My is hast itselde oerkommen, mar dan troch syn sweager H. Tromp, dy’t in goeie learling bliek te wêzen, deselde Tromp dy’t no yn de ynlieding op it sammele wurk in essay fan in 40 siden oer it proaza fan Piebenga skriuwt. Spitigernôch wer mei de klam op de ‘foute’ heit. Om noch in yndruk te jaan fan de wurkwize fan Piebenga hjir in stikje fan syn sweager en epigoan, dat op identike wize bedoeld is.

Ein maart ’93 hie Tromp in Omrop Fryslân-útstjoering op in snein út Hjerbeam, it doarp dêr’t ik 9 jier mei nocht haad fan de skoalle west hie. Ik koe Tromp net, ik wie krekt wer in jier yn Fryslân nei in 20 jier Schagen en Amsterdam. Tromp soe oer myn boeken prate. Ik wist dat er Nederlânsk studearre hie – en ik tocht: ‘dat kin ynteressant wurde’.

Wat sketst myn ferbazing, dat er my iepenlik de gek oan stekt en belachlik makket – it giet net oer de boeken, it giet oer mysels. Myn foto op it boek, myn kuif, de sitaten op de achterflap dy’t ik sels wol betocht hawwe sil. Hy sjocht de foto fan in profeet. Hy hat de boeken net lêzen sa’t er seit, mar hy fynt myn wurk moralistysk (de boeken geane oer de leafde fan in learares en in learling, en oer in man dy’t mei twa froulju libbet). Yn 1998 komt dit allegearre yn it boekje Spikersmeikoppen – de earste publikaasje fan Tromp. Hy hie it goed ôfsjoen fan sweager Tjitte Piebenga.

Ik haw dy oanfal nea begrepen – net oer boeken prate, mar oer de skriuwer sels en beskuldigje fan moralisme dat nearne te finen is. Fine trúkjes, seine wy eartiids. Hawar, in ‘rivaal’ fan de sweager wie ôfmakke. Tocht Tromp dat er op dy wize yn de ‘clan’ opnommen wurde soe?

Doe’t ik de Gysbert Japicxpriis krige yn 2007 haw ik neat heard fan de âld-Peinzers Tjitte Piebenga en Hanna Ludwig, noch fan Tromp en syn Peinzer freondinne. Rivalen? Nee, de realiteit yn it Fryske letterenlân – en fan Peins.

 

jamesdean tjittepiebenga

 

Neo-romantyske swerver Gossaert
Hylke Tromp hat in analyse jûn fan it proaza fan Tjitte Piebenga yn it sammele wurk ûnder de titel Tusken miskenning en ûnbegryp. Yn tsjinstelling ta Tromp fyn ik dat de produksje fan Piebenga lyts bleaun is – ien roman, ien lytse novelle en 14 publisearre ferhalen yn ien bondel. Net bondele binne 9 ferhalen. Yn totaal beslacht it wurk in 415 siden ferheljend proaza. Tromp ferdigenet dizze lytse produksje troch te wizen op de hege literêre easken dy’t Piebenga oan himsels stelde.

Tromp besiket oan te jaan en te bewizen dat Tjitte Piebenga wichtiger foar de Fryske letteren west hat as wat yn de offisjele kommentaren beskreaun is. Hy freget him ôf wêrom’t de kritisy dat net sjoen hawwe en hysels wol.

Piebenga hat neffens Tromp sels de klam lein op it autobiografyske elemint yn syn wurk – ‘foarm jaan oan emoasjes dy’t oan it libben syn betsjutting jouwe’, seit Tromp. Foar de literatuer (wittenskip) makket soks yn prinsipe neat út. Foarm jaan oan emoasjes dy’t it libben sin jouwe kin op heel wat wizen. Sels skriuwe oer in sinleas libben kin dat libben betsjutting jaan en ek literatuer opleverje. Tromp skeakelet autobiografysk en ‘útgean fan eigen ûnderfining’ gelyk. Dat is simpel, want eigen ûnderfining hoecht net te resultearjen yn in biografysk ferhaal. Elke skriuwer giet út fan eigen ûnderfining as minske yn de wrâld. Hoe soe soks oars moatte?

Piebenga seit dat er skriuwt oer saken dy’t er sels emosjoneel meimakke hat, omdat dan de wierheid boppe wetter komt. Hy seit dit nei oanlieding fan Retoer Juster – Tromp brûkt dit foarbyld as bewiis – en dat is no krekt in stoarje dy’t er net meimakke hat, omdat er bgl. net yn it ferset sitten hat. Dat wol net sizze dat dizze novelle net oertsjûgjend is, mar it foarbyld fan Tromp is dêrmei kwats wurden. In goeie skriuwer kin de emoasjes fan it ferset beskriuwe sûnder dat er it meimakke hat (oer de eangst bygelyks).

Tromp besiket dêrnei oan de hân fan it gedicht De moeder fan Geerten Gossaert, dat ‘Omke Douwe’ oan it jonkje yn it ferhaal op syn alfde/tolfde joech te lêzen, te beskriuwen hoe’t Piebenga wurke, want Piebenga ‘skreau net foar ymbesilen’ sa’t er sels faak sei.

Spitigernôch foar Tromp leau ik neat fan syn útlis, dat ‘al de ûnwissens fan it jonkje troch dit fers fuortnommen waard, om’t it him de hope joech dat mem thús alle dagen op him wachte’. Tromp seit: ‘Tjitte Piebenga brûkte syn persoanlike ûnderfinings om in literêre wierheid stal te jaan’. Mei in fers fan Geerten Gossaert dat it jonkje krijt te lêzen! Dizze neo-romantyske swerverspoëzy mei kristlik-religjieuze ynslach soe troch it jonkje al oanfield wêze: ‘Dy man wit in protte’, sei it jonkje. Tromp soe hjir oanjaan kinne wat it ferskil is tusken in gewoane wierheid en in literêre wierheid.

Dat ‘Omke Douwe’ it jonkje fan alve/tolve in gedicht fan Gossaert jout te lêzen – en net it meast simpele – is al absurd, mar dat dêrút ek noch konkludearre wurde moat hoe’t Piebenga literêre wierheden stal jout is helendal net te begripen. Ditselde gedicht is my ris in kear foarlein op in tentamen Nederlânsk-MO (mar net om literêre wierheden op it spoar te kommen).

Om jo op jo tolfde te identifisearjen mei de hy yn it fers De moeder (letter beskreaun troch de folwoeksen skriuwer Piebenga) is mei dit fers yn feite net mooglik. It giet hjir net om it ûnderskie fan de ‘ik’ (jonkje fan tolve) en de skriuwer, it giet hjir om de gedachten fan in jonkje fan tolve en dy fan in folwoeksene.

Tromp soe ûnderskie meitsje moatte tusken de skriuwer en de (alleswittende) ferteller yn it ferhaal. It autobiografyske fan Tjitte Piebenga is hjir fan gjin belang foar de lêzer, en boppedat yn dit gefal diskutabel. Op syn heechst kin it hjir gean om autofiksje, dat in pear graden ferskeelt fan gewoane fiksje, dat letter troch de folwoeksen skriuwer ‘hinein interpretiert’ is.

Yn myn essay oer it wurk fan Piter Boersma (Eksistinsjeel proaza fan Piter Boersma, yn Kidelstiennen heine en slaan – 2007), haw ik de term autofiksje yntrodusearre en tapast op guon literêre wurken fan Boersma. It hat derfan dat Tromp noch nea heard hat fan dy literêre omskriuwing. Sterker, Tromp fiert in nij literêr begryp yn: ‘de emosjonele betsjutting is autobiografysk, omdat de haadpersoan yn it boek en de skriuwer oantangele sitte mei in net ferwurke ferline’.

Yn de literêre wrâld hyt soks autofiksje, en as streaming kin it rekkene wurde ta de ‘nouveau roman’. Skaaimerken binne:

  1. It isolemint fan de yndividu;
  2. De fijannige bûtenwrâld dy’t net tagonklik is;
  3. De teksten besteane faak út ego-dokuminten.

Deiboeken, brieven en rekonstruksjes fan persoanlike barrens binne normaal yn de ‘nouveau roman’. Ek it autobiografyske spilet faak in rol. Autofiksje is hjir de bêste omskriuwing. Oft de tekst in emosjonele betsjutting hat foar de lêzer sil de lêzer sels wol útmeitsje. De emoasjes fan de skriuwer – autobiografysk of net – hawwe lêzer en literatuer gjin boadskip oan. Tromp fiert in net-brûkbere literêr begryp yn.

Yn syn stik oer de roman It lyk wurdt oantaast giet de amateurpsycholooch Tromp fierder mei syn bûtenliterêre opmerkings ynstee fan oer de literêre aspekten fan de roman te skriuwen. Hy giet ôf op in radio-útstjoering en op orale ferhalen fan de skriuwer fan de roman. Skriuwers kinne better har boeken foar harsels sprekke litte, en analysearders moatte sels lêze. De skriuwer fertelt oan radioynterviewster Gryt van Duinen dat ik yn Arum in hele tiid hân haw dat ik sa ferrekte depressyf waard.

Tromp skriuwt dat soks te krijen hie mei de oantinkens oan syn jeugd, dy’t bot beynfloede wiene troch de rol dy’t syn heit yn de oarloch oannaam hie. Beide aspekten – de depresje en de rol fan de heit yn de oarloch – komme yn de roman net nei foaren. Tromp wol it strikt literêre aspekt ophingje oan de ‘foute’ heit, wylst it net yn it boek aktueel wurdt, net iens yndirekt. De depresjes kinne te krijen hawwe mei it minne houlik dêr’t de roman foaral oer giet. Mar streekrjocht sjogge jo gjin depresjes yn de roman.

As Tromp ferbaasd is dat it wurk fan Piebenga ûnderwurdearre is dan soe dat miskyn te krijen hawwe kinne mei it iensidich besjen fan de literêre ynhâld dêr’t foaral de skriuwer sels oer praten hat. It liket in bytsje op Willem Abma dy’t in eigen besprek fan ien fan syn bundels fersen skreau doe’t er it net iens wie mei in besprekker (trotwaer). Nochris, de lêzer fan in roman hat gjin boadskip oan de opynje fan de skriuwer oer syn eigen roman.

 

Noch mear ‘hinein interpretieren’
Tromp skriuwt: ‘de roman It lyk wurdt oantaast lit sjen hoe’t in libben oan gruzels lizze kin; dat wol sizze dat ien net mear wit hoe’t er tsjin syn bestean oansjen moat’. Neffens my en de measte kritisy giet de roman oer in mislearre houlik. Foaral de dialogen tusken de man en de frou jouwe hierskerp oan wat der te rêden is: dit binne perfekte dialogen dy’t net ûnder dogge foar guon yn Who is afraid of Virginia Woolf (oersetten yn it Frysk troch Piebenga).

De roman hat klasse, de roman is yn de Fryske literatuer in wichtich literêr barren fan ein sechtiger jierren. De problematyk dy’t de skriuwer nei foaren bringt hat mei dy tiid te krijen, dêr’t froulju net mear automatysk manlju folgen yn har ideeën en winsken. De man hat romantyske ferwachtings fan in houlik, de frou sjocht it wat realistysker. De twa minsken passe net by inoar.

Alle oare saken dy’t Tromp ‘hinein ynterpretiert’ binne ûnbelangryk. De lêzer hat as lêzer allinne mei dat fallite houlik te krijen yn de roman. De lêzer kin him/har identifisearje mei de man en de frou; by heel wat gefjochten foar in skieding lizze libbens fan de eks-partners even yn gruzels. Soms ek noch in skoft dêrnei.

It skriuwen oer dizze saken begûn benammen yn dy sechtiger jierren, sels en foaral yn autofiksje. Bûtenliterêre oarsaken yn ien of beide partners dy’t net op it aljemint komme yn de roman – ek net yndirekt – hat de lêzer neat mei te krijen.

Foar myn eigen roman Sliepe yn spinreach (1975) hat de oanlieding de selsmoard west fan in leave freondinne in pear jier dêrfoar. De roman giet net oer dy selsmoard – ik haw yn petearen oer de roman dat aspekt nea neamd. Tromp bringt dêrtsjinoer eleminten yn It lyk wurdt oantaast dy’t mei dat boek neat te krijen hawwe.

Hylke Tromp is yn syn analyse fan It lyk wurdt oantaast by oare kritisy op syk nei de term autobiografysk – ‘se rinne yn de fâle fan it autobiografyske, se identifisearje de skriuwer mei de haadpersoan, se beoardielje de roman as autobiografysk’, en dat is der neffens Tromp fier by troch. Hy ferjit foar it gemak dat Piebenga sels fakernôch ferkundige dat er autobiografysk skreau. Wat soks dan ek mar ynhâlde.

Dat sykjen nei autobiografyske eleminten hat mei literatuer sa’t Tromp seit neat te krijen. Ik ûnderskriuw dat folslein! Allinne, Tromp wol hawwe dat oare bûtenliterêre eleminten as autobiografyske in rol spylje, en dan fersile je yn deselde patsitewaasje – wat is noch autobiografysk en wat net, en wat moatte je as lêzer mei eleminten, dy’t der net yn stean mar bûtenliterêr in rol spylje?

Tromp stelt dat gjin resinsint de kearn fan de roman It lyk wurdt oantaast sjoen hat – Anne Wadman, Marten Sikkema, Jo Smit, Ko Pop en Trinus Riemersma om mar in pear te neamen. Tromp leit út:

‘De wierheid fan It lyk wurdt oantaast wurdt foarme yn de holle fan de lêzer’. En noch eat dat gjin mins seach: ‘Piebenga stelt dat eltse frou by eintsjebeslút wat hat fan in hoer’ – as opdracht foar yn it boek.

Dat ferwiist neffens Tromp nei in útspraak fan Strindberg – Yn elke frou sitte twa Maria’s, in Maria Magdalena en in Maria, de Mem fan God. Dêr giet it yn dit ferhaal dochs om?’

De wierheid dy’t yn myn holle foarme wurdt hat mei dy fan Tromp neat te krijen – ik ken de problemen fan in poermin houlik, faaks leit it dêr oan.

Ik wit net wêr’t Piebenga de namme Strindberg falle lit, mar net yn de roman sels. De niisneamde kritisy ha letteren studearre, mar nimmen hie in assosjaasje mei Strindberg. Yn 1968 ferskynde yn in oersetting fan Rita Törnqvist fan Strindberg yn it Nederlânsk Huwelijksverhalen, itselde jier dat fan Piebenga It lyk wurdt oantaast ferskynde.

Strindberg hat it essay It ynferieure fan de frou skeaun, dêr’t hy syn problemen mei froulju beskriuwt. Ek binne der brieven ferskynd dy’t hy oan in pear fan syn froulju stjoerde, oersetten yn it Nederlânsk foar de searje Privé-domein yn 1990.

It is mooglik dat Tjitte Piebenga de skriuwer Strindberg nijsgjirrich fûn, benammen troch syn toanielstikken, en troch de ferhalen oer syn houliken. It kin wêze dat er beynfloede is troch Strindberg, mar dat hie Tromp dan mei foarbylden oanjaan moatten yn syn essay. Yn de roman fan Piebenga sjoch ik dat net. It boek giet net oer de Maria’s fan Tromp, ek net yndirekt of yn de foarm fan metafoaren.

De pear yn it Hollânsk stelde brieven oan Astrid (dy’t der wat by hingje), sa’t ek Strindberg brieven skreau oan froulju, moatte oanjaan neffens Tromp dat de kearn fan it boek giet oer de minske as in riedsel foar himsels en de oaren. Mei dit mânske wrâldklisjee wol Tromp bewize hoe grut dizze skriuwer en dizze roman binne. Ek hjir hawwe de besprekkers dat net sjoen. Ek Trinus Riemersma net. Dy sjocht oare saken:

‘Yn dizze roman sjogge je ik- en hy-fertellers, en noch in oare ‘ik’ dy’t in boek skriuwt. Yn de literatuerkrityk bliuwt it skriuwproses as sadanich bûten de diskusje’, seit Riemersma. ‘De ‘ik’ is de skriuwende skriuwer dy’t sûverein alle kanten út kin yn syn eigen boek – yn feite in ik-auteursboek, en him ferienselviget mei de ik-persoan. Hy kin him ek foardwaan as personale en neutrale ferteller’. Yn feite seit er dat it autofiksje is wat hjir yn dizze roman skreaun wurdt.

Yn in brief oan Riemersma yn myn boek Frozen moonlight yn myn hannen (2013) haw ik beskreaun wat dy autofiksje ynhâldt. Jerzy Kosinsky hat yn 1965 mei The Painted Bird/De Ferve Fûgel autofiksje skreaun, ek it neologisme betocht foar ditsoarte literatuer. Piebenga en Kosinsky wiene fan deselde leeftiid, en Piebenga sil faaks it wrâldberoemde boek lêzen hawwe.

De ‘ikken’ fan de skriuwers binne net subjektive ikken dy’t mieningen yn it boek ferkundigje, se hoege net lykop te rinnen mei dy fan de skriuwer.

Mei Riemersma fyn ik de dialogen yn It lyk wurdt oantaast – 9 kear – sterk skreaun en goed ferdield oer en opboud yn it boek – se jouwe treflik wer hoe’t de sfear is. Yn dizze dialogen wurdt hast mear ferteld as yn de oare dielen.

De 9 leafdesfersen oangeande de frou stekke der meager by ôf, sa’t ûnderskate besprekkers oanjouwe. Riemersma pleatst dizze roman tusken de rige fernijingen: quatrebras, fersen miedema, leafdedea, de smearlappen, en Fabryk.

 

Novelle ‘Retoer juster’ – fenomenaal literêr wurk
Guon teoretisy wolle de fiksje fêstkeppelje oan de persoan fan de skriuwer – in lykskeakeljen fan de fiksje fan it ferhaal en it eigen libben. De moderne skriuwer hat dêr gjin boadskip oan – dizze autofiksje neffens de oanpak fan Kosinsky is nij, en Piebenga hat dat yn Fryslân mei stal jûn. De fraach autobiografysk of net is net oan de oarder – sa’t Piebenga sels miende, en dêr’t Tromp him yn neifolget – want de lêzer is der net mei dwaande. Yn in biografy kin letter eventueel nei foaren komme oft de skriuwer it eigen libben brûkt hat yn syn fiksje, c.q. de autofiksje.

De saneamde trauma’s út de jeugd fan de skriuwer Piebenga – dêr’t Tromp de klam op leit – spylje yn de roman It lyk wurdt oantaast gjin rol. Gjin Maria’s, gjin Grykske goaden, gjin heiten, neat fan dat alles. Likemin yn de novelle Retoer Juster. In havolearaar fan 49 jier is de haadpersoan. Hy is berne yn 1920, en hat tusken syn 20e oant syn 25e yn it ferset sitten. Troch him is in Ingelsk/Amearikaanske piloat yn hannen fan de fijân fallen, en letter binne twa lju fusillearre, neidat de ik mei oaren in distribúsjekantoar oerfoel en guon dêrnei pakt waarden troch de Dútsers.

It skuldgefoel spilet nei 25 jier noch sa no en dan op. Mar der spylje noch wat oare saken. Foardat er mei fakânsje giet nei Spanje wol er hjir ynienen mei lykbreidzje. De iene skuld is net de oare docht bliken. De peseta’s wurde wer ynlevere. Earst skjin skip, dan fakânsje.

Hoewol’t Tromp ek hjir besiket alle trauma’s fan de skriuwer op it kleed te bringen is de novelle Retoer Juster in skitterjend foarbyld fan wat Tjitte Piebenga as skriuwer koe.

Yn romans fan Piter Boersma wurdt heel wat ôfdûnse, yn dizze novelle spilet in reade twoseater sportwein mei iepen dak in essinsjele rol. It is in Alva Romeo Veloce – in speedy car dy’t as alle Romeo’s ferliede en feroverje wolle.

Dit is de auto fan de dandy, fan de showman, dêr’t snelheid, graasje, estetisisme, en puer geniet fan skientme foar master opslane. De ik-persoan is fassinearre troch de auto, sa’t ea James Dean troch syn sportwein yn syn films begeistere wie.

De nammeleaze haadpersoan hy is fereale op syn Alva Romeo, fereale op de snelheid, op it racen op de râne fan libben en dea. De auto, de sigaret, de snelheid en it smoken krije hjir magyske betsjuttings. Doe’t ik dizze novelle lêzen hie seach ik Tjitte Piebenga foar my yn sa’n auto op it Sweinzer dykje fan oardel kilometer fan Peins nei de strjitwei (Sweins) jeien, yn gedachten en yn bylden, en ik sei by mysels –

Hjir rydt de James Dean fan Peins. Prachtich.

… Hy seach fan sân heech op syn auto del; de sigaret bongele op syn ûnderste lippe; it portier mei in smak efter him yn it slot smitend; tearde himsels yn it sittinkje fan de alva; begûn de motor te âljen; liet er de alva foarút springe; slippend de dyk opdraaide; dêr’t de toereteller stadich omheech klom; de snelheidsmeter krekt op de hûndert en sechtich hâlde; remme fûl, mei knipperjende remljochten en it piipjen fan bannen;

loek mei de razende útlaten wer op; hy smookte, de peukjes foelen sûzjend op it kroas yn de grêft; de earm los oer de sitting nêst him; syn rjochterhân hinge slop op it stjoer, in sigaret rikjend tusken de fingers; hy skode de fersnelling stadich nei ien, kalm loek er op, wylst er in lêste, lange haal oan it peukje die; hy stapte út de auto sûnder it portier op slot te draaien;

hy spuite oer de bochtige dykjes; de wizers fan de toereteller foelen triljend as er skeakele; de útlaten knetteren en gûnzen as er wer op skeakele; syn fuotten boarten mei de pedalen; de motorkap kaam ynienen omheech as er gas joech of foel del as er remme; hy helle de dyk yn; wyskes dy’t út de lûdsprekker skeaten; de doarpkes kantelen oer de sydstilen fan it foarrút en ferdwûnen oer de rânen fan it spegeltsje;

de wyn sloech âljend oer it foarrút hinne en twirre koel troch de cockpit; hy remme ynienen en swaaide de alva romeo in daam yn; hy draaide it kaike om, de motor gisele in pear slaggen nei; hy hise himsels oan de bopperâne fan it foarrút omheech en stoep oer de foarste bankjes hinne; mei de skonken op it smelle eftersittinkje liet er him op de bagaazjeromte sakje; stadich stiek er in sigaret oan;

hy stiek de safolste sigaret op; stadich swaaide er syn skonken oer de râne fan de alva; hy parkearde de alva romeo veloce yn in daam; hy stiek in sigaret oan; hy loek de kop fan de alva omheech; mei lytse gebearten die er it portier op slot; legros beseach it dashboard en it swiere lear; syn eagen giene oer de meters en it hout;

ik kin my sa’n wein permitearje; eagen oer de lúkse fan de cockpit; hy loek it portier mei in fûle slach ticht; de bannen fan de alva songen oer it grize asfalt; fier foar de reade motorkap út dûnsen ljochte plakken; hy seach yn it spegeltsje dat ûnder de kop yn it timpere ljocht noch fûl skittere; hy taaste boppe foar syn holle nei it hânsel dat de kap losflipte; mei in lichte klik sprong it portier iepen; hy helle it linnendakje efteroer en klikte it yn de pinnen dy’t it efter de sittinkjes festhâlden …

 

Boartsjend mei stjoer, pook, gas- en rempedalen


… Oan de bermkant hinge er mei syn efterein tsjin it rjochterportier oan; hy helle in sigaret út in sydbûse; hy smiet it jaske efter de sittinkjes op de boaiem fan de alva; hy rûn om de alva hinne; hy stapte laitsjend yn en sloech it portier mei in klap ticht; hy starte oerdwealsk de motor en smiet de wein fluch yn de earste fersnelling; de efterbannen skuorden de sjedden út de berm; de bochten kamen rûch op him ta, hy wie se treast, syn hannen los op it stjoer, syn fuotten fluch op de koppeling, de pook klikjend fan fiif nei fjouwer en werom;

hy flitste hast op twa tsjillen troch de bocht; hy stapte rimpen op de alva ta; doe’t it portier achter him tichtsloech begûn de motor te âljen; hy stapte om de auto hinne, it ljocht sloech fûl yn it foarrút; hy stiek de dyk oer nei de reade alva; hy ried stadich it strjitsje yn, sette de alva ticht nêst de hage; it ferknûkele jaske fiske er efter de sittings wei, nêst de auto die er it oan; mei in klap loek er it dak út de pinnen en klikte it fêst, dêrnei draaide er de ruten fan beide portieren omheech;

hy smiet de alva romeo veloce yn de heechste fersnelling …

 

Dan mei haadstik 14 begjint de ynlieding nei de lêste haadstikken – in goeie 20 siden – dêr’t de frou Joke – in âlde leafde út de besettingstiid doe’t de hy flechte wie foar de Dútsers en net werom doarde nei syn baas yn it ferset – in haadrol spilet.

De Alva Romeo wurdt dan yn trije siden beskreaun, en fljocht as ‘in fleanende atlas mei in raket tusken de skonken, in spoar fan ljocht achterlittend, mei jankende motor, lûd klaksonearjend ynheljend, dêr’t de auto’s lytser wurde yn it spegeltsje, de noas pal op it loftertrottoir, doe’t er it gas oan de planke ta yntrape, skreauwend foarút’. 

Freud is hjir net noadich. Hy is op wei nei in âlde leafde fan 25 jier ferlyn – dit is genietsjen fan styl en metafoaren:

 

… de alva kreake yn de fearren, de noas dûkte nei ûnderen; hy smiet him yn de twadde; hy liet de alva wer foarút stowe; de motor hâlde op fan grommeljen; hy sette de alva yn de berm, draaide it kaike om en loek de hânrem oan; hy taaste yn it boarstbûske, mar liet de sigaretten gewurde;

hy draaide him yn it sittinkje nei de tún fan Joke ta, wylst er de sinnebril op syn foarholle drukte; hy stiek in sigaret op en stapte út; hy rûn om de auto hinne, gie op it reade achterein sitten, mei it gesicht nei de tún ta; mei de sigaret noch tusken de fingers treau er de sinnebril wer foar de eagen;

by de alva lei er de hân op it portier en liet it mei in klik fan de kruk iepenslaan; hy starte de motor, dy’t lûd grommeljend oansloech; hy seach noch efkes fluch fansiden, foar’t er de koppeling komme liet; doe gjalpe de alva romeo veloce foarút; de útlaten knetteren en de wizer fan de toereteller stie fier yn it read, doe’t er de autowei opgisele; hy lake; ik helje mysels wat langer wat mear yn, aanst rin ik tsjin mysels oan; ik libje noch lang en gelokkich, boargerlik ideaal ferjamme, mar wat wol men oars? …

Yn Retoer Juster spilet de alva romeo veloce yn sân fan de 20 haadstikken in essinsjele rol. Tjitte Piebenga hat hjir yn de beskriuwing fan de alva romeo in foarbyld jûn fan hoe’t je yn ‘e besnijing komme kinne fan sa’n auto. Hy hellet alles út de kast om de graasje, de skientme, de pracht, de snelheid en de linen fan de auto te beskriuwen.

De hy-persoan frijt mei syn beauty. It is de tarieding foar de haadstikken 17, 18 en 19 dêr’t er yn in flash back en yn de wurklikheid fan it boek 24 oeren letter mei deselde frou frijt. De hy hat gjin frou en giet yn syn gedachten werom nei de frou dy’t er op de ein fan de oarloch kennen leard hat – in ûnderdûkster. Hy hat har doe samar sitte litten, mar it wie wol in hele djippe leafde – fan beide kanten. Lize yn syn 4havo liket op har.

Dizze novelle is skreaun as in filmskript, dêr’t de alva in haadrol hat, as metafoar foar in leafste en it libben. In Françoise Sagan hat sawat itselde dien yn in pear koarte romans. Sijsels en har haadpersoanen wiene ferslaafd oan flugge auto’s. Oft Piebenga sels gek wie fan speedy auto’s is my net bekend, mar hy skriuwt yn dizze novelle prachtich en mei kennis fan saken oer de alva. Siden en siden achter elkoar.

Tromp seit: ‘De emosjonele betsjutting fan it ferhaal is autobiografysk, wylst de feiten fiktyf binne’. Dat flokt, want it is yn himsels tsjinstridich. As skriuwer kinne jo emoasjes hawwe by wat je fertelle, mar dat hoecht net autobiografysk te wezen. De waarme emoasjes oangeande de alva romeo werken ik as lêzer, omdat ik fan sierlike flugge sportauto’s hâld, en omdat it masterlik ferteld is. De metafoar fan de auto is yn dit ferhaal dúdlik. Ik sjoch de trauma’s fan Piebenga dêr’t Tromp nei ferwiist net yn dit ferhaal. Ik hie it sels skriuwe kinnen. Oaren hawwe likernôch sa oer in auto skreaun.

Tromp: ‘Sawol de haadpersoan as de skriuwer sitte oantangele mei in netferwurke ferline’. Lêzers hawwe ornaris gjin boadskip oan net ferwurke ferlines fan skriuwers, en om hjir skriuwer en haadpersoan as ien en deselde te omskriuwen is absurd – de haadpersoan is fan 1920, Piebenga is fan 1935, de haadpersoan hat yn it ferset sitten, Piebenga wie op de ein fan de oarloch 10.

Ik fyn sa’n stelling fan Tromp in ûnderwurdearring fan de kapasiteiten fan de auteur. De hy sit mei fragen oangeande 25 jier ferlyn. Ik fyn dit heel sterk beskreaun. It is in skript dat sa brûkt wurde kin foar in film – de alva as ferfangster foar de jonge Joke en foar de âldere Joke, dy’t letter Lize hjit.

Dat it oarspronklik ferhaal eindiget mei de dea fan de sjofeur fan de alva , meidat er op in ûnferljochte molkwein fljocht, parallel oan de dea fan de leafde foar en mei Joke, hie yn de film net misstien. Opsetsin of tafallich is fan gjin belang.

Yn har earste roman Bonjour Tristesse (1954) hat Françoise Sagan dy oplossing folge – Anne (42), de freondinne fan de heit (42) fan de haadpersoan Cécile (17), ferliest op in nacht yn in skerpe bocht de macht oer it stjoer en rydt in ravyn yn fan 50 meter djip. Se hie merkbiten dat Cécile har heit wer omsloech mei in âlde leafde (Elsa, 27). Suicide?

Ein 1e printinge Retoer Juster:

… lang libje de libbenen, godferdomme lize, ik kom, set it berenburchje mar klear of it pilske, op myn njoggenenfjirtichste bin ik jong wurden. Net ien hearde de klap, dêr’t er mei op de ûnforljochte molkwein fleach.

Peins/Ljouwert, 18-6-’69.

Schermafbeelding 2014-10-16 om 08.43.34

 

Tusken libben en dea – Op libben en dea
Tromp sjocht profetyske sinjalen yn in autokresj nei in boekebaljûn yn oktober 1969, dêr’t in auteur T.P. op de moarntiid dêrnei in auto oan barrrels riidt yn L. De novelle Retoer Juster wie yn 1969 ferskynd.

De heit fan de skriuwer, Haring Piebenga, fleach ris yn de fyftiger jierren yn syn auto as in gek troch Peins – by de skoalle lâns, oer de brêge, troch de buorren, by de smid lâns, by Fogel om ‘e hoeke, lâns de kroech – en rekke op ’t lêst by Dillymop de plysje yn ‘e feart. Op ‘e midden fan de dei, en gjin drank yn ’t spul. Ferklearring H.P. oan Dillymop: ‘ik trape as in gek op de rem, mar neffens my is dy yn in gaspedaal feroare’.

Yn 1995 nei in boekoanbieding yn Peins (!) – ljochtmoanneboekje KU op njoggen septimber (Fyts mei wynflessen)– haw ik de nachts itselde meimakke yn L. as de auteur T.P., mar dat boekje gong net oer flugge alva’s, it hie earder te krijen mei BB. Mei oare wurden, Fryske boeken binne gefaarlik, en benammen Peinzer skriuwers, as se achter it stjoer krûpe.

Françoise Sagan hat prachtich oer de ‘snelheid’ skreaun yn har boek Avec mon meilleur souvenir, 1984 Gallimard – Privé-rige AP, 1985:

‘De snelheid fan jankende bannen ferwaaie it fertriet fan de leafde dy’t net beantwurde wurdt, dat minder wurdt by 200 km de oere. Wa’t nea it gefoel hân hat dat syn bestean sinleas wie sûnder de ‘oare’ en tagelyk net syn foet plante hat op in gaspedaal, wa’t nea de oantrekkingskrêft ûnderfûn hat fan de neite fan de dea yn in speedy auto, dy hat nea fan snelheid hâlden, dy hat nea fan it libben hâlden, of oars faaks wol nea fan immen hâlden – dat deadelik genot’.

Sagan ride yn in MG of in Aston Martin. Op 14 april 1957 ride se har Aston Martin mei 150 km de oere total loss – se helle it by dea fuort. Sagan wie fan itselde jier as Piebenga (1935).

Piebenga beskriuwt it boartsjen mei de Alva Romeo op in magistrale wize, sa’t dêrnei it boartsjen troch ús Romeo mei it frommeske Joke yn de flash backs en yn de realiteit fan 24 jier letter yn it boek heel tear beskreaun is. De ik-persoan ferskaft klearrichheid oer syn ferdwinen in fearns ieu ferlyn. Jo fiele yn de beskriuwing de langst fan doe en dy fan it no. Mar it is te let – Joke hat bern en in man. De ik nimt ôfskie nei de ultime frijpartij, en rint nei it substitút Alva Romeo. Dy spuitet fuort mei 160 en giselet de siedden út de berm- op nei Lize!

Ik werken dizze fassinaasje foar sa’n twoseater – op myn 19e haw ik ris mei in Ljouwerter frommeske dy’t sa’n MG hie in wykein nei Amsterdam west – neitinzen oan de smelle richel tusken libben en dea op de Ofslútdyk kin ik sa oproppe. Mei myn DS (Déesse) haw ik midden 80-er jierren dy ûnderfining nochris hân – doe ride ik sels. It silen oer de diken, it widzjen tusken de wite streken, it razendfluch oprôljen fan de wite middenstripen, en it boartsjen mei stjoer, gas- en rempedalen. It is genot, it is ekstaze, dêr’t gjin oar genotmiddel tsjinop kin – noch krekt gjin orgasme.

 

De rook fan mesjester
Ien achtste part fan it proaza fan Tjitte Piebenga hat te krijen mei de oarloch en de gefolgen – in goeie fyftich siden fan de fjouwer hûndert en fyftjin dy’t publisearre binne. Fan de 23 ferhalen – bondele en netbondele – giet in tritich persint oer de ‘oarloch’.

Tromp leit yn syn essay de klam op de ‘oarlochsferhalen’, op it autobiografyske en op de trauma’s fan de skriuwer. Foar my springe de ferhalen oer sadistyske spultsjes, it gnidzjen fan famkes en jonges en it geweld der út. Dy saken haw ik as doarpsjonge yn Peins meimakke, it doarp dêr’t ek Piebenga as puber opgroeid is – en oer skreaun hat. Hjir in pear sels meimakke foarbylden:

 

Nijjiersdei ’48 kaam in kloft jonges en famkes fan trettjin oant sechtjin/santjin yn de buorren op my ta mei in doaze. Ik wie hast sân. Se hiene in nijjierskadootsje foar myn pake dy’t slim siik op bêd lei. Hy koe net mear prate troch keelkanker. Myn muoike en har man en twa bern wennen by de âldman yn. 

Ik naam de doaze yn myn hannen en brocht dy nei it hûs fan myn pake en dy. Syn dochter die de doas iepen, en doe fleach der in ka de keamer yn, by de ruten omheech, gerdinen skansearjend en mâljankend. Fan ús heit krige ik letter in pak op ‘e bealch doe’t se it him fertelden. De âldman hie it wol bestjerre kinnen. 

Oer wat der mei kikkerts op in skoalplein barde haw ik wolris skeaun. Oane P. waard fêstbûn mei in ein touw en yn in droege sleat smiten. Doe miigden in stik of wat opslûpen jonges oer him hinne. Hy wiesleau, gong nei de blo yn Frjentsjer en stie dêrtroch wat bûten it doarpslibben. 

Simmers barde it gauris dat oan de bynstôk fan in heawein in broekje bongele mei in kaartsje – broekje fan Sjouk, fan Suk, fan Afke, fan Dut, fan Martsje, fan Foly, fan Anny en noch wol mear fammen út it doarp. Se wiene achterbleaun yn it hege gers nei frijpartijen yn de maitiid, óf de ûngetiders hiene it foar in part betocht út nocht oan ûnnocht.

Op snein waarden út en troch de jonge griffo’s út S. en K. te grazen nommen as se nei de sneinsskoalle gongen de middeis. Ien kear waard famke R. fan in jier of fyftjin/sechtjin fan har fyts plukt en achter debakker troch trije jonges ‘behannele’. Dêrnei waard se nei it fine tsjerkje stjoerd mei de wurden: ‘ast wat fertelst pakke we dy aansens wer.’

 

Wreed, sadistysk, gnidzjend en foaral gewelddadich en rûch. It komt allegearre werom yn de ferhalen fan Piebenga. It tilt op fan bloedlippen en bloedbekken. Ik like wol oft de jonges dy’t de earste helte fan de tritiger jierren berne wiene troch de oarloch alle noarmen brúskearden, wyld wurden wiene. De fammen diene der net foar ûnder, mar wiene net dwaande mei wrede spultsjes. Se hiene wol sjoen hoe’t guon folwoeksen froulju maklik mei Dútse soldaten omgongen, of yn ’t algemien gjin remmen mear hiene en de skonken spraten.

 

Beskaving fan goeden en ferkearden
Dit hie mei ‘foute’ heiten neat te krijen. As opgroeiende puber yn Peins fanôf 1948 hat Tjitte Piebenga in rol spile yn it doarp. It sil sa wêze dat er guon facts letter yn syn fiction brûkt hat en ta autofiksje makke. Iksels haw soks – goed fiif jier jonger dat ik wie – op myn eigen wize yn myn wurk dien. Berne yn ’41 hear ik by in oare generaasje.

Foar Tromp hearre de ‘oarlochsferhalen’ ta de kearn fan it proaza fan Piebenga. Hy ynterpretearret fanút dat point of view. Sels it titelferhaal De rook fan mesjester wurdt in ûnderdiel fan de teory fan Tromp: ‘wêr leit de krekte grins tusken skuld en ûnskuld?’

It jonkje akseptearret shag fan de pedofyl, neidat er him brûke litten hat. ‘Deselde tematyk’, neffens Tromp, ‘spilet yn it ferhaal Kooks, dêr’t it jonkje sels straft’: hy knypt Reina sadistysk yn de kut. Soks hat neffens my neat te krijen mei skuldich of ûnskuldich. Dit is gewoan sadistysk gnidzjen, sa’t it yn mear ferhalen nei foaren komt.

It ferhaal oer de pedofyl hat ek neat mei de oarlochstematyk fan Tjitte Piebenga (optyk Tromp) te krijen – de haadpersoan Herman yn it ferhaal operearre yn al de doarpen om P. hinne.

Yn myn eigen roman Piksjitten op Snyp stiet in haadstik mei de titel De rook fan de kul moat ôfstjerre, dat oer sa’n selde Herman giet – yn myn roman hyt er De Jap. Ien fan dy Hermannen emigrearre nei Argentynje – oars hiene se him fersopen yn ‘e feart – de oare bleau libjen, omdat er mei jild, shag en oare saken struide. Is it slachtoffer fan in pedofyl skuldich? It hinget der mar fanôf hoe’t jo teory en opfetting klinke. Neffens guon lju binne froulju sels skuldich as se reept wurde, en foar lytse jonkjes jildt dat neffens Tromp dus ek.

Oer it ferhaal Flaggen beweart Tromp dat it jonkje fan 10 jier ‘sjen litte wol dat it net in bewiis fan beskaving wie yn de oarloch oan de goede kant stien te hawwen’. Ik stel fêst dat in jonkje fan tsien sokke abstrakte tinzen oer beskaving noch net hawwe kin, en fierder moat hjir dan dochs frege wurde oft de goeien en de fouten like ûnbeskaafd wiene, of dat de beskaving oan de ‘foute’ kant ferkearde – mei oare wurden, mei hokker kriptyske tekst ha we hjir te krijen?

In nijsgjirrich ferhaal is dat oer Hanneke – neffens Tromp oer wierheid en foaroardielen. Neffens my is it in ferhaal oer jonges dy’t frij wreed mei elkoar omgeane – Pier skopt Pyt krekt sa lang foar syn bek en yn de mage oant him it bloed út de mûle rint. Sadisme en wreedheid slane foar master op. It bloed rint troch de buorren yn de ferhalen fan Piebenga – sa’t Hemingway oer it bloed fan de bollen en de ‘helden’ yn de strjitten fan Pamplona skreaun hat (dat bloed yn dy strjitten sjogge je oant hjoed de dei ta).

It kontrast tusken de ynwite Hanneke dy’t foar it rút leit yn it foarein fan in buorkerij, en dea gean sil, en de achterbakse gnizerige Pyt mei syn reade bloedbek en de wrede Pier is sterk beskreaun. De ik-persoan is hantlanger sa’t faker bart yn de ferhalen. Dizze Pyt is troch Piebenga op in magistrale wize sketst, hy komt yn mear ferhalen foar, in gnizer dy’t it altyd op de swakste fersjoen hat.

Hjir noch in anekdoate om dizze autofiksje wat boddy te jaan:

yn Peins lei in pear jier Cecilia foar it finster yn it foarein fan in kop-hals-romp buorkerij. De húsdokter D.O. kaam elke wike del. It wie it iennige hûs dêr’t er syn hoed ôfnaam – in grutte boer fan wa’t it famke dea gean soe.

 

Literêre karaktermoard troch Riemersma?
In ferhaal dat der neffens my fier útstekt is De mantel fan de leafde, dat op in Mulo spilet – yn de net bondele ferhalen. It hat wol in Relypriis wûn yn 1972. Dit is ien fan de geefste leafdesferhalen oer in jonge fan in jier of fyftjin. Piebenga wit yn dit ferhaal heel subtyl oan te jaan hoe’t in learaar ten koste fan in jonge him sels populêr meitsje wol, troch dy jonge foar skut te setten. It famke is solidêr mei de fereale jonge.

Tromp dy’t helendal ferbline is troch it trauma fan de nsb-heit, sels sa fier giet, dat – ‘de unskuld fan it bern dat maltrettearre wurdt yn in wrâld dêr’t de leafde bûn is oan ferkearden, en de goeden like ferkeard binne as de fijan’, it tema is dat alle ferhalen ferbynt. Tromp hie Lolle Nauta better lêze moatten (cq. sitearje) yn syn ynlieding op it harkspul fan Piebenga. Nauta seit: yn in ferkearde wrâld is er de goede minske, en hy moat dus ûnnoazel wêze, omdat men allinne as ûnnoazele goed wêze kin. Der sit ferskil tusken de ûnskuld fan in bern en de spile of echte ûnnoazelheid fan in folwoeksene. It ferskil tusken ien dy’t in Joad ferrette en ien dy’t in joad ûnderdûke liet is foar my it evidinte ferskil tusken goed en ferkeard – hoe ûnnoazel dy goede dan ek wêze mei.

It opgroeien as puber sa’t Piebenga dat beskreaun hat yn it ferhaal is tige werkenber. Op sa’n selde Mulo dêr’t Piebenga oer skriuwt haw ik identike gefallen meimakke en sjoen. Ek letter doe’t ik sels lesjoech op in middelbere skoalle barde it wol dat foaral muoilike bern pakt waarden yn har gefoelens – leafde, fertriet, wille (bgl. Karin Bloemen, Cees Geel).

Tromp wol hawwe dat Trinus Riemersma in literêre karaktermoard op Tjitte Piebenga pleegd hat. Riemersma wol net leauwe dat de problematyk fan in jonkje – de haadpersoan yn de ferhalen – te krijen hat mei it oarlochsferline fan de heit fan dat jonkje. Yn myn optyk giet dy stelling fan Tromp fierste fier, want yn mar tritich persint fan de ferhalen giet it oer de hâlding yn en nei de oarloch. Riemersma hie dy oare ferhalen wat better lêze moatten en analysearje. Meidat elk him iderkear wer op dy oarloch blyn sjocht wurde de literêre juwieltsjes oer bygelyks in fereale puber oer de holle sjoen.

Tromp soe wolle dat Piebenga as proazaskriuwer wat mear wurdearring krijt. Ik ûnderskriuw dat, mar ek hy trapet wer yn dy fâle fan ‘it jonkje mei in ferkearde heit’. Ek hy is tefolle ôfgongen op de orale ferhalen fan en oer de skriuwer ynstee fan alles ris goed en sûnder foaroardielen te lêzen.

Ik leau bêst dat Piebenga lêst hân hat fan de opfettings fan syn heit, mar der wie folle mear. Hy hie noch twa mânske heiten om tsjin te fjochtsjen op it literêr kulturele mêd – Douwe Tamminga en Jan Piebenga. Dat gefjocht hat er nei de publikaasje fan De rook fan mesjester oerjûn – hoewol’t er noch wol heel wat publikaasjeplannen neamt yn syn lêste boek.

Ik fyn dat spitich, der hie folle mear yn sitten. Hy hat it net oandoard en skriuw yn autofiction oer de folwoeksen en ripe Tjitte Piebenga yn in roman, oer it opgroeien bygelyks yn in wrâld mei trije literêre ‘heiten’. Hy keas foar de skerpe, soms sels sadistyske besprekken fan proaza en poëzy yn kranten en tiidskriften. Mei Anne Wadman as foarbyld – mar dy hie Nederlânsk studearre – besocht er dy benei te kommen. Dat is him net slagge. Wadman wie subtiler (sjoch slachtsjen Holtrop).

It lyk wurdt oantaast, Retoer Juster, de harkspullen, guon koarte ferhalen en it kritysk proaza (dat spitigernôch net opnommen is) foarmje eigensinnige, mar heel weardefolle bydragen oan de Fryske literatuer.

 

Poëzy – Sonnetten van de smalle waan

Net sammele bondel fersen Tjitte Piebenga

Hans Andreus publisearre begjin ‘57 de bondel De sonnetten van de kleine waanzin. Tjitte Piebenga siet op de Herfoarme Kweekskoalle Mariënburg yn Ljouwert, en joech mei Mariënburg yn juny ’57 yn in oplage fan 250 eksimplaren de bondel sonnetten van de smalle waan út. As aparte útjefte fan de skoalkrante Rondom Mariënburg.

Tsien eksimplaren wiene foar de skriuwer. Piebenga hie de bondel sels ynbûn en yllustrearre. Tine Bethlehem, Frysk dichteresse, krige nûmer 3, sinjearre troch de dichter. Se siet yn Ljouwert yn de

Foarmingsklas (Húshâldskoalle), en trof Piebenga yn it ytkafee It fêste doel op ‘e Nijstêd. Bethlehem publisearre yn De Tsjerne, mar foar de Fryske Spegel fan de poëzy hie se gjin kwaliteit – neffens de ‘consultant Frisian literature’.

 

Earste fers yn sonnetten van de smalle waan:
zoveelvanmij

 

 

It bondeltsje bestiet út fiif sonnetten, en begjint mei in opdracht:

Geef acht op de stilte. Zij verraadt de eenzaamheid van de mensen. U allen haat de stilte, omdat ge angstig zijt uzelve de eenzaamheid te bekennen. Want ge zijt goede staatsburgers en goede leden van uw huisgezin.(VrijnaarAlbertHelman).

Yn 5 sonnetten wurdt de iensumheid ‘mei de dea omlutsen’ – it lêste fers is yllustrearre mei in krús. It fyfde sonnet eindiget mei:

 

‘toch heb ik tijd aan u verdaan

omdat u trachtte daar te lopen

waar ik allang niet meer kon staan’

It personifiëarjen fan de iensumheid yn dizze sonnetten, it skriuwen yn it Nederlânsk, it publisearjen yn 250-fâld foar in kweekskoallepublyk, it goed tapassen fan de technyk fan de sonnetfoarm, en de ynfloed fan Hans Andreus seit wat oer de jonge dichter (hy wie 21) Tjitte Piebenga.

It is ek nijsgjirrich hoe’t dizze lytse bondel opmakke is mei teksten út de wrâld fan medisinen. De literatuerlist bestiet út 16 titels fan boeken dy’t oer it bestriden fan pine geane. Yn dat opsicht heart dat folslein by de fersen, dêr’t de pine fan de iensumheid bestriden en begroeven wurdt.

Yn Tjitte Piebenga syn neilittenskip moat dizze bondel oanwêzich west hawwe. Ik begryp eins net wêrom’t dizze iere fersen negearre binne. It tema iensumheid dat doe al oanwêzich wie, komt yn it lettere wurk gauris werom, bygelyks yn de roman It lyk wurdt oantaast, yn guon ferhalen, en ek yn Retoer Juster.

Fierder kin en wol ik oer de poëzy yn it sammele wurk net in soad sizze – it essay fan Abe de Vries oer Piebenga’s poëzy is te smel en net echt djipgravend om op te reagearjen en kommentaar te jaan. Oft Piebenga echt tusken de tradysje fan de âlde garde en it eksperimint fan quatrebras yn stie sa’t De Vries ha wol set ik in fraachteken by.

Piebenga hat yn it begjin fan quatrebras meiwurke oan dat blêd. Doe’t se op in stuit in pear fersen wegeren – sa’t letter ek by De Tsjerne barde – ferbruts er de kontakten. Piebenga bewearde dat de Fryske poëzy út himsels fernije moatte soe, sûnder help fan de Hollânske eksperimintelen – c.q. quatrebras, en de tiidskriften dêre.

Yn it geheel fan de poëzyfernijing hat in man as Paul Rodenko mei syn essays baanbrekkend west. Ooiefaarkes as Tussen de regels, Nieuwe griffels schone leien, Met twee maten, en de blomlêzing plus ynlieding fan en op it wurk fan Gerrit Achterberg, Voorbij de laatste stad, hawwe heel wichtich west. Rodenko wie as gjin ien tige op de hichte mei de avantgardistyske poëzy yn Europa, benammen de Frânske. Tjitte Piebenga hie Rodenko net heech.

Hoe’t Piebenga hjir in eigen rûte fûn hat, en oft er yndied sa’n eigen rjochting ûntwikkelje koe, soe besjoen wurde moatte. It liket hast ûnmooglik dat je as dichter yn dy tiid sunder de essays fan Rodenko koene. Sels Riemersma – gjin poëzy-ekspêr – erkende de wearde fan Rodenko op it gebiet fan de moderne poëzy.

Op 16 febrewaris 1968, in dei nei de presintaasje fan de roman It lyk wurdt oantaast yn Passepartout te Ljouwert, begûn Operaesje Fers mei gedichten op de telefoan fanút Hjerbeam. De earste trije jier hat Piebenga gjin fersen levere, hy wie net sa entûsjast, net oertsjûge fan de demokratisearring sa’t de Telepoëzy propagearre. Letter hat er in tolftal gedichten foarlêzen. Bygelyks oer Audrey dat yn it sammele wurk stiet, sa’t fierder opnommen binne It paad, Jazz Club, Lette simmer op Koehoal, Ofskie, mar net Tusken Peins en Skingen, Sangen fan de dea, De wei nei de hel, Jentsje sei. Dat is spitich, want se hearre en passe folslein by syn oeuvre.

Fan de fersprate fersen hie in part wol skrast wurde kinnen – de imitaasje fan Paul van Ostaijen is swak, de balladen, de saneamde Frânsktalige, de-gek-oan-stekkerij oangeande Durk van der Ploeg binne minder as swak. Foar de net earder publisearre fersen jildt itselde.

Ynstee fan dizze diskutabele fersen hie it harkspul De flam en de jiske opnommen wurde moatten. Dit autofiksjonele spul fan dialogen dêr’t it geweld yn/mei taal in grutte rol spilet slút naadleas oan by de dialogen yn de roman It lyk wurdt oantaast. Ek by guon haadstikken yn Retoer Juster.

Fierder mis ik yn dit sammele wurk it kritysk proaza út Asyl. Ek dy stikken passe by it skeppend proaza – kwa styl en ynhâld. Faaks hat der ek noch kritysk wurk yn Prym stien, mar dat blêd haw ik nea lêzen. Opnommen by it proaza út Asyl hie moatten: Tsjerne Farwol, West Side Story, De salonfähigkeit fan De Tsjerne, Oan it uterste twiichje, In stream fan Lucht, Omsjen yn blidens, Eelkje of weromsjen yn lulkens, Lok en kreativiteit, Lytse bydrage ta de panyk om it Fryske toaniel, Mislearre spekulaasje, Tydskriften, Kritikus, Made in Holland.

 

kollaazje josse

 

Nijsgjirrich apart lyts oeuvre fan nivo
Mei it harkspul en it kritysk proaza soe noch mear de klam lein hawwe op it proaza dat neat te krijen hat mei oarloch en trauma’s. Wat de besprekken yn wykblêden en kranten oanbelanget hie in representative kar makke wurde kinnen, foaral oangeande de essayistyske stikken.

Troch mear wurk op te nimmen, hie oantoand wurde kinnen dat Hemingway, Updike, Fitzgerald, Capote, Claus, Wadman (kritysk proaza) en oaren ynfloed hân hawwe op Piebenga. Dêroer wurdt no neat sein – behalven troch Lolle Nauta yn ferbân mei it harkspul.

Tjitte Piebenga hat in lyts, mar apart en nijsgjirrich oeuvre neilitten. Neffens my is er tefolle – ek troch syn eigen ferklearrings – keppele oan ien aspekt: de ‘foute’ heit. Fan syn totale wurk giet op syn heechst in tsien persint oer dat ûnderwerp. Ynstee fan autobiografysk neam ik in part fan syn wurk autofiksje sa’t Jerzy Kosinsky dat neologisme yn 1965 yntrodusearre hat mei De Ferve Fûgel.

 

debuorrenpeins

 

Maijos Baita, Hendaye (France) – simmer 2014.

 

 

Nettsjinsteande in skriftlik goedfinen foar it opnimmen fan 10 lytse teksten út de bondel PEINS (1970), hawwe de Erven Piebenga de tastimming ynlutsen nei it lêzen fan ientredde part fan it essay, sadat dit artikel net mear folslein oanjaan kin hoe’t Peins in wichtige rol spile yn syn wurk. (JDH)

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.