Josse de Haan: Ik skriuw en bestean
EELTSJE HETTINGA – ‘As Josse de Haan skriuwt, dan rattelje de ruten en dinderje de kop-en-pantsjes, reaget er alle sabeare en echte duvels ta de hel út,’ skreau Trinus Riemersma, doe’t De Haan yn 2007 de Gysbert Japicxspriis takend waard. Ek yn Frozen moonlight yn myn hannen (2013), in omfangrike samling mei resinsjes, kritiken, polemiken, […]
Yahya Hassan, de angry young man fan de Deenske poëzij
EELTSJE HETTINGA – Ofrûne simmer waard er by in op safe gokkend Poetry International yn Rotterdam bûten de doar holden: de Deensk-Palestijnske dichter Yahya Hassan (19), de angry young man fan de Deenske poëzij. ‘Vind je hem zo goed dan,’ sei in knap earmhertige en bornearde Bas Kwakman, direkteur van ‘Poetry’, oer dy ôfwizing. Yn […]
De rop fan ’e tún
ELSKE SCHOTANUS – 25 augustus 1951 stoarte de âlde romaanske tsjerketoer fan Jorwert, dy’t op dat momint yn restauraasje wie, yn: “… in stik fjoer út de triedden en in grize stofwolk…” Noch noait hie it doarp safolle besikers hân as it wykein dêrnei, tûzen, miskien wol 1500 minsken, en oan de nûmerbuorden te sjen […]
De stilte tusken de wurden as it wyt fan poëzy
EELTSJE HETTINGA – Moe van iedereen die met woorden komt, met woorden maar niet met taal ging ik naar het sneeuwbedekte eiland. Het ongerepte heeft geen woorden. De ongeschreven bladzijden breiden zich naar alle kanten uit! In de sneeuw stuit ik op hoefsporen van een ree. Taal maar geen woorden.[1] Tomas Tranströmer De […]
Riemersma en de ‘nuvere snoad-kloaten’
EELTSJE HETTINGA – Juster, doe’t hjir in swiere frachtwein troch de strjitte dindere, dondere yn de keamer boppe in part fan de boekekast om. Dat ding hie better fêstset wurde moatten. Dat soks net bard is, is nimmen te ferwiten. Ik hie wat mear muoite dwaan moatten om de standerts goed yn de muorren te […]
Kronyk fan it libben fan Trinus Riemersma
Dizze bydrage is by it libben fan Trinus skreaun, doe’t noch neat op ferstjerren wiisde en boppedat in wat ôfstanlike benadering fansels spriek. It is noch net de tiid om in biografy fan Trinus Riemersma te skriuwen. Dêr is de ôfstân noch net foar. Dat sa’n biografy der ienkear komt, hat alle kâns, want Riemersma […]
Trinus Riemersma
ERNST BRUINSMA – Yn 1997, yn ien fan myn alderearste bydragen oan Trotwaer, bespruts ik de bondel In fearnhûndert ferhalen fan Trinus Riemersma. Neffens my moasten dy ferhalen fral lêzen wurde as in soarte fan eksperimintearromte foar wat hy yn syn romans fierder útwurkje soe. Troch dy ferhalen waard dúdlik, sa skreau ik, hoe’t alles […]
In memoriam Trinus Riemersma
Yn de kommende ‘Moanne’ stean wy wiidweidich stil by it ferstjerren fan Trinus Riemersma, grut skriuwer, oprjochter fan de Koperative Utjouwerij en âld-redakteur fan Trotwaer. Dan pleatse wy ûnder oaren in tal brieven dy’t Josse de Haan him in tal jierren lyn skreaun hat. Derfan pleatse wy no ‘Brief 3’. De redaksje Brief […]