Jetta

Der wurdt wrotten yn ‘e grûn. Wite auto’s mei in Dútsk kenteken, dêr’t mannen útstappe dy’t stokken stekke en toutsjes hingje. Stilswijend litte se springstof ûntploffe ûnder de grûn. De mannen wurkje foar in Kanadeesk oalje- en gasbedriuw, dat hjir gas winne sil. Dat is ôfpraat mei it Nederlânske regear, en se diele de opbringst. […]

Twa fingers werom

SJOUKJE DE BOER –  By it safolste doarpke steane we stil. Ik wachtsje mei myn rêchpûde op skoat, hâld him mei beide earms beet. It is drok yn de coupé en de minsken mei wa’t ik in fjouwersits diele moat, hawwe al har bagaazje oer de fjouwerkante meter ferdield dêr’t ek noch ús skonken tusken […]

Nei de Filistijnen

SJOUKJE DE BOER –  Op nûmer 34 yn de Doarpsstrjitte stiet de televyzje oan. It sjoernaal lit bylden sjen fan minksen op de flecht. Flechtlingen dy’t de grins oer komme. Opfangtehuzen dy’t op knappen steane. De bylden wikselje mekoar ôf. Foar de telefyzje sit een heit ûnderút sakke yn in stoel mei de fuotten op […]

Rocka Sockorna

KAREN BIES –  Yn it Suske & Wiske album ‘De Gramme Huurling’ út 1967 gean ús Flaamske helden nei Afrika om de stam fan de blauwe Blippies te ‘beskaven’. Vandersteen syn grappen soene no net mear meie: Blippies binne lui, smoarch, se siede westerlingen yn in pot of yn in moderne hegedrukpanne. En se binne […]

In lokkich knyn

KAREN BIES –  Oait ha wy in knyn hân, en ik leau in lokkich knyn. Ja, wy witte hast seker dat it in ‘sy’ wie, en boppedat hjitte se Janneke. Myn dochter hie de namme betocht. De jonges fûnen ‘Rambo’ moaier. M. koe neat betters betinke as Earste of Twadde Krystdei, mar ik ha falskspile […]

Coby

KAREN BIES –  ‘Nahup’ wurdt it wurd fan 2016, mei tank oan de nasjonale gymlearaar Hans van Zetten. Hast alle turnoefeningen einigje mei wat yngewikkelds as in trijedûbele skroef of in salto, en dan mei twa fuotten op ‘e grûn. Mar nei sa’n eksploazje fan sintrifugale krêften folget der meastal dochs in ‘nahup’. Dus doe’t […]

Famylje

KAREN BIES –  Grutte Pier wie in lulke boer fan twa meter lang dy’t mei in grut swurd om him hinne sloech en de Sudersee ûnfeilich makke. Guon Friezen soene graach fan him ôfstamje wolle. Dat kin. Sjoch efkes op gruttepierdefamylje.nl. Moatst wol witte wa’t dyn oerpakes en oerbeppes wiene. Hoechst hielendal gjin wraaksuchtich type […]

Ik bin in Amsterdammer

BART KINGMA –  Op de dei dat bommen barsten op Zaventem wurke ik mei in kollega dy’t yn Amsterdam wennet. Se fertelde oer de eangst dy’t se net talitte wol, mar lykwols alle dagen sterker fielt as se troch de stêd rint. Op drokke plakken yn it sintrum komt se noait mear hielendal los fan […]

Kapper

KAREN BIES –  Alder wurde giet fansels, al hoecht it gelokkich net mear yn itselde tempo as de generaasje fan beppe. Mei op dyn fjirtichste in permanintsje, in keunstgebit, in húshâlding en in korset dat alles byinoar hâlde moat. Tiden binne feroare, en dus sit ik by de kapper anneks ‘schoonheidssalon’, om it húshâldjild ris […]

Wen-gen

KAREN BIES –  Lange tiid wenne ik der mar sa’n bytsje op los. Ik hie niks yn de gaten, ik díe mar wat. Myn hûs wie in plak ûnder dak dat net lekt en net siicht. Genôch romte om de rommel des libbens op te slaan. Wat hat in minske mear nedich? Mar no’t ik […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.