Nei de Filistijnen

Publisearre op 15 december 2018

SJOUKJE DE BOER – 

Op nûmer 34 yn de Doarpsstrjitte stiet de televyzje oan. It sjoernaal lit bylden sjen fan minksen op de flecht. Flechtlingen dy’t de grins oer komme. Opfangtehuzen dy’t op knappen steane. De bylden wikselje mekoar ôf. Foar de telefyzje sit een heit ûnderút sakke yn in stoel mei de fuotten op in spesjaal dêrfoar makke bankje en in ôfstânsbetsjinning yn de hân.

Op de grûn yn de hoeke sit in famke te boartsjen mei har Barbies. Se boarstelet it hier en smyt har stim omheech at se de poppen prate lit. Se slacht gjin acht op it skerm, se sit yn har eigen wrâld. Dochs nimt se sûnder dat se dat sels yn de gaten hat de wurden fan de nijslêzer oer.

De heit nimt nog in swolch fan syn pilske wylst er skodhollet en lâns oare stjoerders zapt. “Wy geane nei de Filistijnen”, ropt er troch de wenkeamer.

As er in pear stjoerders fjirder de ôfstânsbetsjinning op de tafel smyt, ropt de mem fanút de keuken dat it iten klear is. De panne mei gehakballen komt op tafel. It famke boartet nog mei har poppen, hat neat fan mem har boadskip meikrigen. De heit komt oerein út de stoel en baltet: “Do hast dochs gjin stront yn de earen?” Wêrop’t it famke slikt fan net en op aaien nei de keukentafel rint.

Oan tafel blike de gehakballen te lyts, lykas de keamer dêr’t se mei har trijen sitte. Elke dei op ‘e nij.

Op moandeitemoarn sitte de beukers fan groep 2 mei elkoar yn de rûnte. De juf freget wa’t der aanst ek op fakânsje giet. It famke fan Doarpsstrjitte 34 stekt de finger op. “Wy geane nei de Filistijnen”, seit se grutsk.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]