Twa fingers werom

Publisearre op 7 januari 2019

SJOUKJE DE BOER – 

By it safolste doarpke steane we stil. Ik wachtsje mei myn rêchpûde op skoat, hâld him mei beide earms beet. It is drok yn de coupé en de minsken mei wa’t ik in fjouwersits diele moat, hawwe al har bagaazje oer de fjouwerkante meter ferdield dêr’t ek noch ús skonken tusken passe moatte. It bern skean tsjin my oer hat syn skonken op de koffer set. “Mem…?”, freget er. “Hoefolle oeren duorret it noch foardat Sinteklaas komt?” De frou tsjin my oer sjocht net op of om mar inkeld út it finster. De jonge ropt nochris om syn mem en de frou jout mei in sucht ta dat hja it net wit. De jonge begjint dan mar op syn fingers te tellen. De jonge hat net fingers genôch.

 

Ik hie wollen dat ik it nea frege hie.

 

Ik sjoch nei bûten en tink oan ôfrûne wykein. De stoffige keamer dêr’t it altyd rûkt nei souder. It dekbêd dat by it omslaan stof opdwarrelje lit, myn bleate hûd dy’t fêstsit yn in klamboe. In klamboe dy’t dêr hinget foar de sier, net sasear tsjin de miggen. De teekopkes dêr’t wy wyn út drinke en de kearzen dy’t fet drippe op it âlde hout fan in selsmakke finsterbank. Ik soe wolle dat it altyd sa wie. Lizze yn dat bêd, mei syn hannen om my hinne. Oan it ein fan in lange nacht doar ik it te freegjen: oft er ek fan mý haldt. Syn tomme en wiisfinger falle noch net ien sintimeter útien. Mei myn hannen pak ik de klamboe en lûk dy oer myn liif. Net foar de sier, de skamte makket my waarm. Ik hie wollen dat ik it nea frege hie.

No’t ik it safolste Fryske doarpke binnenryd, tel ik de oeren sûnt ik de doar efter my ticht luts en syn strjitte út rûn. Oan twa fingers ha ik genôch. Ik sjoch nei de jonge mei syn skonken op de koffer. Dy telt noch hieltyd.

Ik wit krekt as de mem dat Sinteklaas nog lang net komt. En dat it noch wol tûzen fingers fuort is. En dat nei dy tûzen fingers it ris dúdlik wurdt dat Sinteklaas eins noch mear fingers fuort is as de jonge telle kin. It is in yllúzje. Sinteklaas bestiet net. Ik wol it wol sizze, de coupé yn roppe. Mar de wurden komme ek my net oer de lippen. Myn wrâld stoarte as famke yn. It wie in spegel foar de takomstige tiid.

Twa fingers lyn waard my wer op ‘e nij dúdlik dat Sinteklaas net bestiet.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]