In lokkich knyn

Publisearre op 20 april 2017

KAREN BIES – 

Oait ha wy in knyn hân, en ik leau in lokkich knyn. Ja, wy witte hast seker dat it in ‘sy’ wie, en boppedat hjitte se Janneke. Myn dochter hie de namme betocht. De jonges fûnen ‘Rambo’ moaier. M. koe neat betters betinke as Earste of Twadde Krystdei, mar ik ha falskspile mei it lotsjen en liet myn dochter winne.

Tûzenen kninen binne deaûngelokkich. Dat hat de bistebeskerming ûndersocht. Allinnich yn in hok, sûnder selskip foar oare kninen, draaie se rûntsjes oant de dea. Hjoed begjint it projekt Happy Konijn, om de kninebazen wat by te bringen oer it wolwêzen fan kninen. Ik bin der flak foar.

 

Doe’t it grêf klear wie bin ik noch even sitten gien, mei it kistje op ‘e skoat. It lyfke fielde kâld oan mar de earkes wiene noch altyd sa sêft as fluwiel.

 

Neidat se trije jier by ús west hie, wie Janneke ynienen dea. ‘Mar in flink ein under de grûn,’ advisearre buorfrou. Meastal wurde kninen opiten om Krysttiid hinne. Mar uzes like de Heare Jezus sels wol, sa moai lei se der by yn har krêbke mei strie. It wie ek in prachtich knyntsje, donkerbrún mei in bytsje wyt en koarte earkes.

Nuet hie se noait west. As de bern har foarsichtich aaie woene, koene se samar in feninige gnau fan Janneke krije. Ik wie de iennichste dy´t har oppakke mocht. By my siet se dan op ‘e skoat, op it bankje yn de sinne. As ik har oer de rêch streake en achter de fluwielen earkes, knypte se har eachjes ticht fan hearlikheid. Se wist fansels hiel goed dat se fan my altyd in dikke bak foer krige. Eins wie dat nergens foar nedich, want Janneke rûn altyd los yn de achtertún en fûn har fretten sels wol. Gers, mar leaver noch de bledsjes fan de akkelei of de friswite fioeltsjes. As Janneke omheech by de blompot op stie, as se har hielendal útstrekte en har sa lang mooglik makke, wol tritich sentimeter fan de achterpoatsjes oant it snútsje ta, dan koe se krekt de blommen snippe. Dat seach der sa skattich út fûnen wy allegear, dat wy seine der neat fan.

Se lústere trouwens ek net goed. Se groef gatten, en oft dat no krekt tusken myn blommen wie, dat koe har neat skele. Dat seach der ek sa leaf út, as de grûn achter har omheech spatte, mei dat lytse sturtsje it alderskattichst. Of as se lekker yn it sintsje tsjin de klimop oan lei. Of as se, gesellich tusken de mosken yn, de krommels fan de tegels opsocht (wy diene altyd ekstra hagelslach op ‘e bôle sadat der flink wat fan it tafelkleed rûgele. ‘Foar Janneke!’)

Mar op in dei yn novimber, doe´t de bern de fyts pakten om nei skoalle te gean, kaam Janneke net oanhippen. We ûntdutsen har stiif achteryn har stjelp, dêr’t se sa yn en út rinne koe. In feilich sliepplakje ûnder it gaas tsjin katten en eksters. Mar no lei se dêr samar dea. Myn dochter begûn te skriemen. ‘Nou is mijn eerste huisdier dood!’ En doe stie myn soan ek yn triennen. Ik krûpte se even oan. ‘We gean allegear in kear dea.’ Ik bedoelde it as treast, mar it holp net echt, se gûlden noch hurder. Warskynlik is Janneke deagien oan in hertoanfal, betocht ik doe. Of gewoan fan âlderdom. Dat fûnen se al akseptabeler. Hoe âld oft ús knyn wie wisten we ommers net. Se kaam op in dei oanrinnen út de bosken fan Bakkefean, en wy ha noait witten wat se dêr allegear al meimakke hie. Noch snokkerjend giene de bern nei skoalle.

It like my goed foar it rouproses as wy middeis meiinoar de knyn bedobje soene, yn in gat yn de tún. Mar de bern kamen allebeide thús mei dat se mei dy-en-dy boartsje woene. It grutste fertriet wie al oer. Myn dochter hold my en harsels foar dat Janneke by libben écht net altyd like leaf west hie, want se hie har wol trije kear biten. En myn soan wist séker dat Janneke leaver begroeven as kremeard wurde woe, want se mocht altyd sa graach yn’e tún om wrotte. Mar hy woe der leaver net by wêze.

Dus ik stie middeis allinnich te dollen ûnder de pergola, krekt foardat it tsjuster waard, en it begraffenisritueel ha ‘k allinnich belibbe. It kistje, it strie, it knyntsje op ‘e side, it swarte each wiid iepen sûnder dat it my oanseach. Doe’t it grêf klear wie bin ik noch even sitten gien, mei it kistje op ‘e skoat. It lyfke fielde kâld oan mar de earkes wiene noch altyd sa sêft as fluwiel.

De krêbe foarsichtich yn it gat, in flinke bats strie deroerhinne en dan de grûn. In nije pot lekkere winterfioeltsjes der boppe op. Har bakje mei kninefoer sette ik der ek del.

De oare moarns wiene it allegear moskjes.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]