Egbert Reitsma yn Fryslân

GERBEN DE VRIES –  It hat my altiten yntrigrearre wêrom’t minsken faak al nei inkelde desennia útsjoen binne op neiooarlochske nijbouwwiken. Moatte der huzeblokken fan somtiden mar tritich jier âld wike foar oare projekten, dan is it foar de gemeente gjin probleem om dy gebouwen mei de grûn lyk te meitsjen. It liket der op […]

Feriene steaten

BOUKE VAN DER HEM –  Yn de shuttlebus dy’t ús fan it ûnmjitlik ynleverterrein foar hierauto’s brocht nei de terminal op it fleanfjild, song Frank Sinatra ús by wize fan ôfsluting nochris ta. Inkele wiken earder wie it al mei old blue eyes begûn, yn de kabines fan de frijwat steatige breakfastroom – búnlearen meubilêr, […]

Oarloch

KAREN BIES –   Foar myn beppe haw ik eigenmakke appelsmots meinommen, fan appels út in oar syn tún. Se is der bliid mei en fertelt hoe’t se yn de oarloch ek ris appels ruile hie. Grinslanner Sedelingen. Dy lei se foarsichtich yn in laad, los njonken elkoar, yn twa lagen mei papier dertusken, sadat se […]

Columbus

Achte hear Konst, Witte jo dat it hjoed ynternasjonale Columbusdei is? Día de la Hispanidad. Yn hiel Súd-Amerika wurdt betocht dat har kontinent op 12 oktober 1492 ûntdutsen waard troch de Portugese globetrotter. En sa’t je ferwachtsje meie is dat foar de Spaanske winners in echte feestdei, en hawwe se it yn Súd-Amerika geandewei  omturne […]

Mislearre

TAMARA SCHOPPERT –  Ik betrape my derop dat ik hieltyd wer tocht oan in sin út in ‘Ikje’, in ynstjoerde kollum út de NRC. Krekt sa’t in tuskensin út in gesprek, in hast sydlings makke opmerking my soms lang dwaande hâlde kin en fan mear betsjutting blykt te wêzen as it eigenlike ûnderwerp fan it gesprek. De […]

Hûn

KAREN BIES –  Syn eagen litte my net los. Troch de traaljes sjocht er my oan: ‘Wat haw ik ferkeard dien dat ik hjir sitte moat? Ik wurd gek hjir, fan dat lytse kefferke links en dy lulke rotsak rjochts. Doch de doar iepen en nim my mei.’ In smekende, mar tagelyk berêstende blik. Us […]

Bibliotekaris

KAREN BIES –  De kachel baarnt en der hinget in swiere lucht fan opdroegjende klean. Ik hear it tikjen op in toetseboerd, it flústerjen fan bern, de hege stim fan de frou fan de ynformaasjebaly. Fierders is it rêstich. Ik sjoch om my hinne. Dit is ien fan de bibleteken dy’t skielk sluten wurde fanwege […]

Toyota

KAREN BIES –  It is smoarhyt en yn de fierte trillet de lucht boppe it asfalt. We ride op de Ofslútdyk, yn ús blauwe Toyota Corolla stationwagon, boujier 1999. De auto hat gjin airco mar arko: ‘alle raampjes kunnen open’. In âlde grap fan sunige minsken. It swit rint ús by alles del. Us auto […]

Sunlight

KAREN BIES – De boppeseal fan Hotel Reekers op ’e Jouwer, in kreakjende houten flier, tl-buizen dy’t de dochs al bleke pubergesichtsjes ûnferbidlik yn it ljocht setten. De famkes stiene links, de jonges rjochts en dan rôp dûnslearaar Piet de Boer: ‘Vandaag kiezen de dames een heer!’ Dan wie it saak om op dyn spesjaal […]

Potemkingemeente

JAN FOLKERTS –  De dream fan in bloeiend plattelân, dêr’t lokkige en sûne minsken yn harmony mei harsels, mei de natoer en mei harren meiminsken libje, is in dream fan alle tiden. We sjogge dy dream werom yn de propaganda fan totalitêre rezjyms, dêr’t laitsjende en sûnreade boeren it nôt rispje foar de gloarje en […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.