Jetta

Der wurdt wrotten yn ‘e grûn. Wite auto’s mei in Dútsk kenteken, dêr’t mannen útstappe dy’t stokken stekke en toutsjes hingje. Stilswijend litte se springstof ûntploffe ûnder de grûn. De mannen wurkje foar in Kanadeesk oalje- en gasbedriuw, dat hjir gas winne sil. Dat is ôfpraat mei it Nederlânske regear, en se diele de opbringst.

Hjir, dat is dêr’t wy wenje, op de grins fan sân en fean. Ik wol dat it gas yn ’e grûn bliuwt, mar ik ha der neat oer te sizzen. Oare minsken dy’t hjir wenje, de doarpen, de gemeente, de provinsje, ek net. Alles ûndergrûns is in saak fan it Ryk. Ik mei in ‘zienswijze’ yntsjinje, mar it graven en boarjen giet gewoan troch.

Ik freegje my ôf: fan wa is de grûn? Wa past der op, wa mei ’m brûke, útsûgje, ferinnewearje? De boer, bouwer of oaljeman dy’t der oait foar betelle hat? In kostber besit. Wa’t grûn hat, hat macht. Oant hoefier, en hoelang?

Mear as de helte fan Nederlân is lânbougrûn. Dêr gean miljarden subsydzjes hinne, publyk jild, ús jild. Hoe’t dat lân brûkt wurdt, dêr soe ik dus ynspraak yn ha wolle. Mar it iennichste wat ik dwaan mei, is sa no en dan stimme op in politike partij. En dan sjoch ik de falsk glimmende griene greiden, dêr’t ûnsichtber de boaijem stjert. Of in glyfosaat-oranje stik lân, klearmakke foar in argeleas gewaaks dat ús ta opbringst tsjinje moat.

Hoe kinne se? De grûn dêr’t ús iten fan komme moat. Boeren bedankt, mar sûnder gif graach. Ik wol dat se de grûn mei rêst litte, dat der wer libben ynkomt. Wjirms. Fûgels.

Oait hie ik in blaumoandei ferkearing mei in boer. Hy lake lûd, dus ik makke him faak oan it laitsjen. Hy rûkte nei molke, syn VW Jetta nei ammoniak. It strie plakte oan it gaspedaal. Doe’t er hân-yn-hân mei my troch Ljouwert rinne woe, makke ik it út.

Dêrnei ried ik wolris by syn pleats del. Yn in flits seach ik it foarhûs mei de keuken, de golfplaten op it dak, in kuilbulte, it lân, en dan wie ik der wer foarby. Op in dei hong er in slinger mei ljochtblauwe flachjes foar it keukensrút. Hoera een jongen! Dat wie yn oarder kaam.

As ik in âlde Jetta sjoch, tink ik oan him. Mar dat bart dus net sa faak mear. Nee, boerinne hie ik net wurde kinnen. De grûn hie noait field as fan my.

Karen Bies

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.