Famylje

KAREN BIES – 

Grutte Pier wie in lulke boer fan twa meter lang dy’t mei in grut swurd om him hinne sloech en de Sudersee ûnfeilich makke. Guon Friezen soene graach fan him ôfstamje wolle. Dat kin. Sjoch efkes op gruttepierdefamylje.nl. Moatst wol witte wa’t dyn oerpakes en oerbeppes wiene. Hoechst hielendal gjin wraaksuchtich type te wêzen, ek de meast beskaafde minsken kinne de Fryske folksheld as foarâlder hawwe. As dat sa is, krijst in ‘Pierbewiis’ en meist takom jier nei de Grutte Pier Famyljedei. Niks foar my, sa’n reüny. Mar witte wolle fan wa’t ik der ien bin, sa’n Fries bin ik wol.

 

Yn 1891 moast er foarkomme fanwege ‘wederspannigheid’.

 

By de foarâlders fan myn memmeskant sitte in ûnderwizer, in ferver en in winkelman, lês ik op de website allefriezen.nl fan Tresoar. By ús heit binne it allegear skippers en lânarbeiders. Dêr stiet myn oerpake, Karst Pieters Bies, berne yn 1864 yn Jistrum, turfskipper. Us heit wit noch wol wat fan him te fertellen. Hoe hurd it ek waaide, pake Karst gong altyd de mar op. It seil moast omheech.

Ik sjoch syn namme ek twa kear stean yn de rolboeken fan de rjochtbank. Yn 1891 moast er foarkomme fanwege ‘wederspannigheid’. Yn Stadskanaal hie er syn skip yn ’e brêge fêstbûn, omdat in oar foarrang krige, wylst hy al oeren lei te wachtsjen. De sjendarme krige it skip net los, fertelt ús heit, dochs wol grutsk. En Karst gong earst troch de brêge.

Yn 1904 is er noch in kear oppakt, fanwege ‘mishandeling’. Wy witte net wat der doe gebeurd is. Better fan net.

Hy woe noait op ‘e foto, mar ik ha der dochs ien fûn. In lyts mantsje op in stoel, mei syn stive poat foarút. Kinst sa sjen wat foar in man it wie. Koart foar de kop. Doe’t ien fan syn soannen in roefke op it skip bouwe woe om derop te wenjen, wie er poer. Hy rûn fuort, fan Koatstertille nei de Westereen, en mei in stive skonk is dat in heul ein. Mar hy koe ek goed feestfiere en hie dan moaie ferhalen. Syn frou Pietje Wybenga hat fjirtjin bern op de wrâld setten. Dus hy hold wol fan it libben. Pake Karst is 91 jier wurden.

‘Wederspannig’, in hurdharsens, net benaud om mei rûch waar te silen op de mar. Grutte Pier Gerlofs Donia koe bêst ris de foarfaar wêze fan Lytse Karst Pieters Bies.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.