De oarsprong fan de beskaving leit yn Suwâld

ELSKE SCHOTANUS –  ‘It Oera Linda-boek,’ sei professor Goffe Jensma ris, ‘is de grutste literêre fyt oait.’ Toanielselskip Kom mar op! Suwâld bringt it ferhaal as in iepenloftspul, regissearre troch Grytha Visser. Binne de kaarten foar iepenloftfoarstellingen hast altyd yn it foar al útferkocht, by de premjêre fan de foarstelling Oera Linda, tongersdei 27 juny, […]

Fryske skiedskriuwing

GERBEN DE VRIES –  De skiedskriuwing oer Fryslan en oer Fryske saken en ûntjowingen is eins noch mar koartlyn professionalisearre. Alteast, dat beweare in tal gelearde mannen yn de bondel Geschiedschrijving 1900-1940, in het bijzonder over Friesland, en ik tink dat hja dêr wol yn gelyk yn hawwe. Oan de oare kant is it ek wer […]

In moai soadsje

Keunstner: Michael Berkhemer

GERBEN DE VRIES –  In liber amicorum is per definsyje in soadsje. Liber amicorum, freoneboek, feestbondel: it giet yn hast alle gefallen om it ôfskied fan in wittenskipper of in besjoerder en de bydragen binne fan kollega’s, meiwurkers en freonen. Yn tsjinstelling ta ‘normale’ bondels of samlingen opstellen hoege de artikels net oer ien bepaald […]

Wa moat de Gysbert hawwe? (1)

No freed ferskynt yn de Moanne in bydrage fan Klaas van der Hoek oer de nominaasjes fan de Gysbert Japicx-priis 2013. Wa’t sa lang net wachtsje kin, kin fan hjoed ôf oan alle dagen in diel fan dit spannende fúljeton online folgje. Hjir diel ien.   KLAAS VAN DER HOEK –  Der binne fan dy […]

De stúdzje Frysk, in jier letter

NIENKE JET DE VRIES – Oeral yn Nederlân, en ek yn it bûtenlân, wurde de universitêre taal- en letterkundestúdzjes hurd troffen troch besunigings en reorganisaasjes. De stúdzje Fryske taal en kultuer liket de dûns lykwols ûntsprongen te wêzen. Dat is net fansels gien, nee, dêr is hurd foar striden, troch dosinten, studinten en Fryske polityk […]

Hype en meme

De vermarkting van het Frysk-eigene Us provinsje liket fersyld rekke yn in permaninte prakkesaasje oer har identiteit. Taal, lânskip, ferline, folksaard – de vintage trademarks fan it Frysk-eigene binne hieltyd mear it spylfjild wurden fan bestjoerders, marketeers en transysjemanagers. Lykop rinnend mei in mondiale trend hat it bêste lân fan d’ierde de postmoderne oerstek makke […]

De Kleine leugen van het Friese landschap

JAN FOLKERTS –   Woansdei 24 april hâldt de Fryske Akademy in sympoasium oer de takomst fan it Fryske lânskip. Under de sprekkers binne NOM direkteur Siem Jansen, Fryske Gea direkteur Henk de Vries en direkteur fan it Natuurmuseum Fryslân Gerk Koopmans.  Us kollumnist Jan Folkerts skreau earder it stik ‘De kleine leugen van het Friese […]

Erfgoed, identiteit en polityk yn Fryslân

BERT LOOPER – It wie spannend yn Fryslân yn dy lêste wike fan maaie 2010. De finansjeel-ekonomyske krisis trof it lân. De oerheden makken har op om mei hurde maatregels de problemen te wjerstean. Wat soe de provinsje Fryslân dwaan? Fansels: kearntaken, ynfrastruktuer, oer datsoarte fan saken soe it grif gean. Mar hoe soe it […]

De universiteit te Frjentsjer, 1585-1843

GOFFE JENSMA –  Foar wa’t graach oer de ieuwen hinne weromsjocht om it ferline oan it hjoed ôf te mjitten sil it in teloarstelling wêze, want wat stelde it allegear foar, dy universiteit fan Fryslân te Frjentsjer? Fêstige yn in lyts stedsje – mei syn 3623 ynwenners (yn 1689) hie Frjentsjer winliken mear de skaal […]

‘Nederlands èn Fries moet uitgangspunt zijn’

RYNK BOSMA –  Nei it dochs wol dramatyske jier 2004, doe’t de Fryske Akademy-begrutting in miljoen te min hie, is der al wer hiel wat bard. Sûnt juny 2006 is prof. Reinier Salverda (57) de nije ‘direkteur/bestjoerder’ fan de Akademy. Hy moat him ferantwurdzje foar in fiifkoppige Rie fan Tafersjoch, mar fierder is Reinier Salverda […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.