In moai soadsje

Publisearre op 25 september 2014

GERBEN DE VRIES – 

In liber amicorum is per definsyje in soadsje. Liber amicorum, freoneboek, feestbondel: it giet yn hast alle gefallen om it ôfskied fan in wittenskipper of in besjoerder en de bydragen binne fan kollega’s, meiwurkers en freonen. Yn tsjinstelling ta ‘normale’ bondels of samlingen opstellen hoege de artikels net oer ien bepaald ûnderwerp te gean, al kin de redaksje troch de kar fan de auteurs wol in sekere ienheid neistribje. Op de ien as oare wize is it dan wer gjin freoneboek, tinke de measte redakteuren, en dus noegje sy fûgels mei tige ferskiedene fearren út om in bydrage te skriuwen.

No wie dat by it ôfskie fan de direkteur fan de Fryske Akademy net al te dreech. Yn De tienduizend dingen. Feestbundel voor Reinier Salverda lêze wy yn it foarwurd dat de Salverda publisearre hat op it mêd fan kultuerskiednis, meartaligensfraachstikken, taalkunde en letterkunde en hy hat as stânplakken Jakarta, London en Ljouwert hân. Dan hawwe je yndied in grut ferskaat oan fakbruorren en -susters en krije wy dus in grut ferskaat oan bydragen. Sadwaande kinne je sprekke fan in rommelsoadsje oan stikken, fan de beukertaal yn Yndonesië, in epistemysk tuskensinstje, Belle van Zuylen, boargemasters yn Fryslân oant de taalproblematyk yn hjoeddeisk Oekraïne. It seit fansels neat oer de kwaliteit. Der stean bygelyks moaie stikken yn fan Jonathan Israel en Nicoline van der Sijs.

De bydragen binne kreas ferparte oer de ôfdielingen Letterkunde, Skiednis en Taalkunde en Meartaligens, werby’t de lêste ôfdieling wol sawat de helte fan dizze hast 500 siden tellende bondel yn beslach nimt. De stikken dy’t oer de Fryske skiednis geane binne net sa manmachtich, mar dêr stiet tsjinoer dat Salverda ek mar sân jier, fan 2006 oant en mei 2013, direkteur fan de Akademy wie. Yn dy tiid waard de seksje Skiednis yn Ljouwert trouwens behoarlik úttinne, dat it is net sa nuver dat der mar twa histoarisy fan de Akademy in bydrage oan dizze feestbondel levere hawwe. Fierders binne twa âld-meiwurkers oanskreaun, wylst nûmer fiif by it Mercator Kennissintrum foar Meartaligens fan de Akademy wurket. In dochs wat skrale rispinge.

Opmerkelik is it dat it stik fan prof. Mol yn it Frysk is, nei alle gedachten om te toanen dat ek de hast hielendal út net-Friezen besteande seksje Skiednis binnen de Akademy omtinken hat foar de taal.

It stik fan Hans Mol oer kleasters en geweld yn let-midsieusk Fryslan is nijsgjirrich, al is it wol in soartemint reclycle-produkt fan oare artikelen fan syn hân. Yn dy tiid stiene der sa’n 50 kleasters yn Fryslân, werfan’t ûngefear 40 gjin beskerming fan stedsmuorren of bolwurken hiene. Yn it begjin wiene in protte kleasters dan ek partij yn de fetemaatskippij. Mei de kleasterherfoarming dy’t  ein 14e ieu út d’ein sette, slagge it de measte kleaster bûten de strideraasjes en fetes te bliuwen. Opmerklik is it dat it stik fan prof. Mol yn it Frysk is, nei alle gedachten om te toanen dat ek de hast hielendal út net-Friezen besteande seksje Skiednis binnen de Akademy omtinken hat foar de taal. Dêrom is it ek wat frjemd dat it artikel fan de frisiast Philippus Breuker oer de Tescklaow yn it Nederlânsk is. En nee, in ferfalsking à la it Oera Lindaboek wie it net alhielendal. De grutte kenner fan dat Oera Lindaboek, Goffe Jensma, ûntbrekt oars yn dizze bondel.

By it opstel fan Tjeerd de Graaf oer de rol fan in Fryske seeman yn de grinsgebieten fan Ruslan en Japan, is it spitich dat de skriuwer net wat mear fertelt oer dizze 17e ieuske kapitein Maarten Gerritszoon de Vries út Harns. Allinnich de namme wurdt neamd. De nije direkteur fan de Fryske Akademy, Hanno Brand, komt mei in stik oer de dilemma’s fan stêdhâlder Jan Willem Friso. It giet fral oer it dilemma fan de neistribbe adellike libbensstyl yn Fryslân en, lykas sa faak, it gebrek oan finansjele middels dêrfoar. Faaks is it artikel fan Johan Frieswijk oer de Dútske belangstelling foar de Friezen koart nei maaie 1940 noch wol it meast nijsgjirrich. Oer de rol fan dr. Arend Lang wie it measte wol bekend, mar Frieswijk lit op oertsjûgjende wize de machtsstriid tusken de militêre en bestjoerlike Dútske ynstânsjes yn beset Fryslân sjen. It resultaat wie in foar de Fryske bewegers in ûnoersichtelik soadsje.

De titel fan de freonebondel is ûntliend oan in útspraak fan de 8e-ieuske Sjineeske dichter Ts’ên Shên: ‘As de “tsientûzen dingen” sjoen binne yn har ienheid, dan keare wy werom nei it begjin en bliuwe dêr’t wy altyd west hawwe.’ Dat is grif hiel taoistysk en fêst hiel djip. Wat it krekt betsjut wit ik net en it klinket net hiel wittenskiplik. Yn alle gefallen hat Salverda in ein makke oan it soadsje dat de Fryske Akademy begjin 20ste ieu wie en yn dat opsicht hat er dizze feestbondel dik fertsjinne. Mar wat de dichter bedoelt? Soe Salverda weromgean nei berteplak Arnhim of soe er yn Fryslan bliuwe?

Neiskrift:
Myn eksimplaar is ek wat in soadsje, mar wol unyk! Op de ien as oare wize is it de drukker slagge om it boek folslein ferkeard om yn te binen. Dat ik lies de stikken fan rjochts nei links, dus earst side 9 rjochts en dan side 10 links. Even tocht ik oan in grap fan Salverda sels. Hy hat ommers yn Yndonesië wenne en dêr dogge se it ek sa. Neifraach learde dat de oare eksimplaren normaal te lêzen binne.

Ofbylding troch keunstner Michael Berkhemer

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels