De stúdzje Frysk, in jier letter

NIENKE JET DE VRIES –

Oeral yn Nederlân, en ek yn it bûtenlân, wurde de universitêre taal- en letterkundestúdzjes hurd troffen troch besunigings en reorganisaasjes. De stúdzje Fryske taal en kultuer liket de dûns lykwols ûntsprongen te wêzen. Dat is net fansels gien, nee, dêr is hurd foar striden, troch dosinten, studinten en Fryske polityk en organisaasjes. Der is alles op alles setten om de stúdzje better út de striid komme te litten as dat dy deryn gie. Ferline jier skreau Tsjomme Dijkstra oer de ûnwisse sitewaasje dêr’t de stúdzje Frysk yn fersyld rekke wie. Underwilens binne we in jier fierder en nei hurd wurkjen hinget de flagge der hiel oars by.

Ek oan de Ryksuniversiteit Grins, dêr’t de stúdzje Frysk ûnderbrocht is, wurdt flink yn de tale-opliedings snien. Wetlik wurde fakulteiten en stúdzjes ôfrekkene op it tal studinten en foar it Kolleezje fan Bestjoer en de letterefakulteit yn Grins hat dat oanlieding west ta drastyske besunigings. Heechleararen en dosinten wurde massaal ûntslein en lytse tale-opliedingen foar Deensk, Noarsk, Finsk en Hongaarsk ferdwine alhiel, wylst oaren gearfoege wurde ta de bredere stúdzje Europeeske talen en kultueren (ETK), dêr’t fan ’t jier mei úteinset is.

Frysk yn Grins

Foar it Frysk, dat altyd al relatyf lege oantallen studinten hie, liken dy maatregels ek fataal út te pakken, nettsjinsteande it feit dat it Frysk de twadde rykstaal is. De stúdzje drige by de brede bachelor ETK ûnderbrocht te wurden, mar bliuwt, yn in oare foarm as earder, selsstannich bestean. Heechlearaar Frysk, prof.dr. Goffe Jensma, seach de bui hingjen. Al langer wie hy dwaande de oplieding te ferbreedzjen. Nei oanlieding fan de driigjende besunigings en reorganisaasje, hat er op fersyk fan de provinsje en it bestjoer fan de Ryksuniversiteit Grins syn ideeën fierder útwurke yn in plan foar in nije Ingelsktalige bacheloroplieding Minorities and Multilingualism. Yn it petear dat de Moanne hie mei Jensma binne wy dêr djipper op yngien. Jensma: ‘It wie dúdlik dat der in ommeswaai komme moast. Je soene fansels sizze kinne, it Frysk is de twadde rykstaal en ek al is der mar ien studint, it fak moat jûn wurde. Yn it hjoeddeistige krisisklimaat is dat lykwols net hâldber. Je moatte soargje dat je mear studinten krije, oars wurde je weibesunige. Mar hoe dogge je dat?’

Minderheidstalen en meartalichheid

Jensma jout oan dat der neffens de âlde stúdzje-opset fjouwer aksinteferskowingen nedich binne. Yn it foarste plak moat der mear omtinken komme foar de problematyk fan hjoed-de-dei en minder omtinken foar dy út it ferline. Dat betsjut konkreet dat der wat minder skiednisfakken jûn wurde en wat mear fakken dy’t har rjochtsje op de analyze fan aktuele politike en taalkundige problemen. In twadde punt dat ferbettere wurde moast, is de falorisaasje fan de stúdzje en it dêrby hearrende ûndersyk. It belang en de wearde fan de stúdzje foar de maatskippij moat mear opsocht en ek útdroegen wurde. Treds moat it ûndersyk mear yn tsjinst komme te stean fan it ûnderwiis. Dat hâldt twa dingen yn: it ûndersyksprogramma moat oanpast wurde oan it profyl fan de oplieding as gehiel en it soe eins mear rjochte wêze moatte op ûnderwerpen dy’t it ûnderwiis en de maatskippij foarút helpe. Dêryn moatte ek de studinten en promovendi mear behelle wurde. Dat is in ûntwikkeling dy’t rûnom oan universiteiten al plakfynt.

By dat alles is ek it útgongspunt feroare. Earder lei de fokus op it Frysk allinne. No leit de fokus op minderheidstalen en meartalichheid, wat him goed demonstrearje lit oan de hân fan it Frysk. It giet derom dat de studinten leare om sitewaasjes te ferlykjen en yn har kontekst te sjen. De ferlykjende slach dy’t makke wurdt, soarget derfoar dat je je eigen sitewaasje ek better op wearde skatte kinne. Dat makket de stúdzje riker.

Mear studinten

By de âlde stúdzjefoarm wienen de studinten benammen fan Frysk komôf. De nije foarm makket de stúdzje foar in breder, ynternasjonaal publyk tagonklik. De stúdzje sil dan ek net allinnich frisisten ôfleverje, mar boppe-al eksperts op it gebiet fan minderheidstalen en meartaligens. De stúdzje dy’t, at er ienkear draait, dochs wol tusken de 20 en 30 studinten yn it jier lûke sil, kin ek net allinnich mar frisisten ôfleverje, om’t it ferlet op de arbeidsmerk rûsd wurdt op sa’n fiif ôfstudearre frisisten yn it jier. Alle ôfstudearre studinten hawwe mei de nije oplieding lykwols in reële kâns op wurk bûten de frisistyk, op gâns ferskillende mêden. De problematyk fan meartaligens en minderheden spilet ommers oeral op ʼe wrâld en sil tanimme trochdat der folle mear ferhuze wurdt. Dat mei har kennis fan saken kinne ôfstudearre studinten harren ekspertize wrâldwiid ynsette. Dêrby moat tocht wurde oan regionale en (ynter)nasjonale oerheden, mar ek oan grutte en ynternasjonale organisaasjes lykas de UNESCO en de NAVO.

It programma

It nije program is opboud út twa ferskillende dielen. It iene diel (twa fan de yn totaal trije jier) wurdt troch elkenien folge en rjochtet him op de teory en metodology fan minderheden en meartaligens, mei fakken oer taalkunde, taalkontakt, meartaligens en it bedriuwslibben, en de rol fan media.

It twadde diel stiet fêst foar de studinten dy’t har eksplisyt op it Frysk rjochtsje. Yn dat diel sjogge we ek de fertroude fakken út it âlde program werom, lykas skiednis fan Fryslân, Fryske literatuer en taalfeardigens. Foar studinten dy’t har net op it Frysk rjochtsje, kin dat paad ynfolle wurde mei elke tinkbere minderheidstaal. Dat wurdt net yn Grins jûn, dat yn dat gefal sil de studint in skoft yn it bûtenlân studearje. Om dy studinteútwikseling te realisearjen, binne de dosinten drok dwaande mei it lizzen fan ynternasjonale kontakten. Jensma: ‘It program wurdt hiel posityf ûntfongen, yn binnen- en bûtenlân. Minsken dy’t je deroer hearre, binne entûsjast en fine it fernijend.’

De sinteraasje foar de bacheloroplieding is lang om let rûnkaam, wêrmei’t de stúdzje yn septimber 2013 echt úteinsette kin. Jensma: ‘It is in swiere fyts, dat it is hurd traapjen yn it begjin. We hawwe no wol tastimming om dit program út te fieren, mar der moatte noch wol allerhanne burokratyske prosedueres trochwurke wurde. Dat duorret lang en kostet in hiel soad tiid.’

Nije masteroplieding yn Ljouwert

Njonken de bachelor Minorities and Multilingualism sil yn septimber 2013 ek de nije masteroplieding Multilingualism úteinsette. Dy master sil jûn wurde yn Ljouwert en is dêr ûnderbrocht by de University Campus Fryslân (UCF). De UCF is in gearwurkingsferbân tusken ferskate Nederlânske universiteiten en Fryske kennisynstellings, en foarmet in nij sintrum foar wittenskiplik ûnderwiis en ûndersyk yn Fryslân. De master Multilingualism is in gearwurking tusken de Ryksuniversiteit Grins en de NHL hegeskoalle yn Ljouwert. Troch de lokaasje sitte de studinten midden yn har ûndersyksgebiet, de meartalige sitewaasje. Krekt lykas de bacheloroplieding wol ek de masteroplieding ynternasjonale studinten rekrutearje. Dy nije master foarmet foar studinten dy’t de bachelor Minorities and Multilingualism folge hawwe in prachtkâns om in meartalige sitewaasje, yn Fryslân of de wrâld, fierder út te djipjen.

Beslút

It besteansrjocht fan de stúdzje Frysk like lange tiid ûnwis, mar yn syn nije jaske is de stúdzje ryp en ree op de takomst. De studint Frysk set koers nei de wrâld, dat der sil foar de stúdzje in nij tiidrek oanbrekke, mei ynternasjonale studinten en kontakten. De tiden feroarje en de stúdzje Frysk feroaret mei.

 

Nienke Jet de Vries is haadfakstudinte Frysk yn Grins, se sit yn it tredde jier fan de bachelor.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.