Erfgoed, identiteit en polityk yn Fryslân

BERT LOOPER –

It wie spannend yn Fryslân yn dy lêste wike fan maaie 2010. De finansjeel-ekonomyske krisis trof it lân. De oerheden makken har op om mei hurde maatregels de problemen te wjerstean. Wat soe de provinsje Fryslân dwaan? Fansels: kearntaken, ynfrastruktuer, oer datsoarte fan saken soe it grif gean. Mar hoe soe it it Fryske erfgoed ôfgean? Ek yn oare provinsjes en op nasjonaal nivo is de fraach nei de ferhâlding tusken polityk en erfgoed aktueel, mar yn Fryslân hat dy relaasje al tsientallen jierren in bysûnder karakter. Mear as yn oare provinsjes is yn Fryslân de erfgoeddiskusje in takomstdiskusje. It wie spannend en úteinlik, op 25 maaie, kaam it stânpunt fan it Kolleezje fan Deputearre Steaten nei bûten. It kolleezje presintearre syn ‘Toekomstperspectief 2016’ as ûnderdiel fan de Kaderbrief 2011, dêr’t yn stiet wat it beliedsmjittich en finansjeel dwaan wol tsjin de eftergrûn fan de krisis. It stânpunt wie helder: ‘Op het terrein van Taal, Cultuur en Erfgoed zien wij een kansrijk perspectief voor het nader profileren van de specifiek-Friese textuur, wat bijdraagt aan het versterken van het ‘eigene’ als onderscheidend kenmerk van Fryslân.’

Sa foar it each in frij neutrale formulearring, mar foar de goede fersteander is it dúdlik: Fryske taal, kultuer en erfgoed wurde as wichtige politike ynstruminten sjoen om it ‘eigene’ fan Fryslân te fersterkjen. Dy iene sin út de Kaderbrief 2011 lit de bysûndere dynamyk yn Fryslân tusken polityk en erfgoed sjen. De takomst fan Fryslân is in Fryske takomst. Nei de takomst fan Fryslân wurdt sjoen yn termen fan ‘specifiek-Friese textuur’ en ‘Fries-eigen profiel’. Der soe ek oan oare takomsten tocht wurde kinne, bygelyks yn it gruttere ferbân fan lânsdiel Noard. Mar de Fryske polityk kiest dúdlik foar in fierdere profilearring fan de eigen regio op grûn fan spesifyk-Fryske skaaimerken en eigenskippen. En dêr ûntstiet fansels dy nijsgjirrige dynamyk tusken polityk en erfgoed. Want binne it no taal, kultuer en erfgoed dy’t de Fryske takomst stjoere of is it de polityk dy’t yn syn driuw nei legitimaasje fan bestean it erfgoed stjoert? Mei oare wurden: hat erfgoed yn dat spanningsfjild in eigen, yntrinsike wearde of wurdt it belang fan erfgoed ôfmetten oan hoefolle oft it bydraacht oan it skeppen fan in Frysk-eigen takomst? Is it Frysk-eigene itselde as de Fryske identiteit? Identiteit en eigene falle faak gear yn it spraakgebrûk, mar yn in politike kontekst is identiteit al gau in abstrakt begryp. Dêr’t it eigene noch streekrjocht oanwiisd wurde kin yn taal, keunst, arsjitektuer of lânskip, dêr is identiteit faak in mingeling fan it oanwiisbere eigene oan ’e iene kant en fan eigenskippen dy’t winsklik achte wurde en dêr’t fan dreamd wurdt oan de oare kant. Identiteit is yn it politike discours in op de takomst projektearre abstraksje dy’t de werklikheid ferfoarmet. Wat bart der wannear’t polityk en erfgoed elkoar net yn it wurdearjen fan it ferline, mar yn it meitsjen fan blaudrukken foar de takomst tsjinkomme?

‘Identiteit is yn it politike discours in op de takomst projektearre abstraksje dy’t de werklikheid ferfoarmet.’

Nei de Twadde Wrâldoarloch yntrodusearre de Fryske beweging dat hiele pakket fan kanonisearre erfgoed suksesfol yn polityk-bestjoerlike ferbannen. Yn it foarste plak wie it fan belang dat yn de Ried fan de Fryske Beweging de ûnderskate foaroarlochske streamings harren ferienigen yn in mienskiplik programma, wêrmei’t se flink lobbye koene by de Fryske polityk. Wy meie wol sizze dat Fryske beweging en Fryske polityk bot ynelkoar skoden. Kalma syn ôfslutende winsk yn syn Skiednis fan Fryslân – dat it Fryske erfgoed trochjûn wurdt nei de takomst waard troch de Fryske beweging en de Fryske polityk foar in wichtich part neikommen.

Fierder bouwend op de ideeën fan frijheid, selsstannigens en kulturele en politike selsbeskikking makke de Fryske polityk yn in stikmannich wichtige beliedsnotysjes, sa as it Desintralisaasjerapport fan 1951, wurk fan it skeppen fan in Frysk-Fryske takomst. It ynstellen fan provinsjale literêre en skiedkundige prizen brocht de politike wurdearring foar it Fryske erfgoed ta utering. In substansjele subsydzje oan de Fryske Akademy makke it mooglik dat dat wittenskiplik ynstitút hurd groeide. De posysje fan de Fryske taal yn it ûnderwiis en yn de rjochtspraak waard formalisearre.

Opfallend is yn de fyftiger jierren de urginsje dy’t yn de provinsjale en nasjonale polityk field waard om de Fryske kultuer te fersterkjen. Foaral nei de reboelje op 16 novimber 1951 yn Ljouwert oer it brûken fan it Frysk yn it rjochtsferkear (Kneppelfreed) ûntstie der in echte Fryske kwestje, dy’t oant yn Den Haach trochkrong en ta wetjouwing late foar it brûken fan it Frysk yn it rjochtsferkear. De flugge realisaasje fan in stikmannich idealen fan de Fryske beweging en de adaptaasje troch de Fryske politike partijen fan in dúdlik Frysk-eigen programma kin taskreaun wurde oan de wichtige fiedingsboaiem fan politisearre erfgoed dy’t der al wie oan ’e iene kant en de senuweftigens oer de op Kneppelfreed oan it ljocht kommen radikalisearring fan de Fryske beweging oan ’e oare kant.

Mar de wichtichste reden foar de polityk om him aktyf mei it Fryske erfgoed dwaande te hâlden wie de tanimmende kleau tusken kultuer yn Fryslân en Fryske kultuer, wêrby’t de lêste slim bedrige waard. Yn de prachtige dwerstrochsneed fan Fryslân yn de jierren fyftich, de yn 1958 ferskynde Encyclopedie van Friesland, wurdt wiisd op de flecht fan kultuerdragers en yntellektuelen út Fryslân nei ‘it westen’, dy’t gefaarlike foarmen oannimt. Dêrmei ûntstie ek mear ymport fan net-Friezen foar de hegere posten, ‘en deze inkomenden sluiten zich voor een groot deel af van de Friese cultuur’. De kombinaasje fan eksport fan Fryske yntellektuelen en ymport fan ‘westersk’ kader foar de wichtige funksjes ‘is op den duur voor de cultuur van Friesland levensgevaarlijk, zo niet dodelijk.’ Troch útholling en ôfrjemming sille úteinlik de eigen noarmen en wearden – de kearn fan it Fryske erfgoed – ferdwine. Dy tendinsjes fersterken Frysk radikalisme en stribjen nei selsbestjoer, eigen belestings en kulturele autonomy. De ensyklopedy fan 1958 formulearret al hiel skerp dat it nei de oarloch draait om it yn betwang hâlden fan it spanningsfjild tusken ynnovaasje en tradysje, tusken autentisiteit en modernisearring: ‘De relatieve ontvolking van het platteland, de spanning tussen industrialisering en agrarische gemeenschap, de binnenkomst van vele niet-Friese elementen, in leidende posities veelal, dreigen, met het steeds toenemende staatscentralisme, dit radicalisme in de hand te werken.’

It flugge en suksesfolle omearmjen fan it Frysk erfgoed as wurkjend elemint yn de Fryske polityk troch de ûnderskate partijen yn Provinsjale Steaten wie dus yndie urgint om yn dat spanningsfjild ta kompromissen te kommen. De Fryske taal- en kultuerpolityk fan de ôfrûne desennia wie hieltyd rjochte op dat kompromis tusken tradysje en fernijing. It gie derom om it Fryske erfgoed, de tradysje, te hoedzjen en te fersterkjen en tagelyk meigroeie te litten yn de modernisearring fan de maatskippij. En ûnder lykwols mear komplisearre, mar yn wêzen deselde omstannichheden as yn de jierren fyftich giet it ek no noch altyd om it ferwurklikjen fan it Fryske selsbyld.

It is nijsgjirrich om te sjen dat der hjoed-de-dei wer hurd wurke wurdt oan it desintralisearjen fan rykstaken foar taal, kultuer en ûnderwiis. Sûnt de Twadde Wrâldoarloch is der dus in sterke kontinuïteit yn hoe’t de provinsjale polityk besiket om it kanonisearre gedachtegoed troch te jaan nei de takomst. De oerheid is de hoeder fan dat erfgoed, fan dy njoggentjinde-ieuske Fryske selsrepresintaasje wurden. Hoe oertsjûge oft de Fryske polityk dy rol al tsientallen jierren spilet, yn de 21ste ieu kin men in dúdlike ferskowing konstatearje yn de relaasje tusken polityk en erfgoed. Dy ferskowing sitte trije aspekten oan.

‘Utdruklik wurdt kultuer yn Fryslân al útgongspunt nommen. Net as kar foar ien fan beide domeinen, mar as oantsjutting foar alle kultuer yn Fryslân, de Fryske ynbegrepen.’

Yn syn tradisjonele, foar in wichtich part fan de Fryske beweging oernommen rol as hoeder fan it kanonisearre erfgoed, befêstiget de polityk allegeduerigen it bestean fan twa skieden domeinen: kultuer yn Fryslân en Fryske kultuer. Yn de lêste provinsjale kultuernota Finsters iepen wurdt it Fryske kultuerbelied fan nei de oarloch fuortset, mar ek besocht om kultuer yn Fryslân en Fryske kultuer tichter by elkoar te bringen. Utdruklik wurdt kultuer yn Fryslân al útgongspunt nommen. Net as kar foar ien fan beide domeinen, mar as oantsjutting foar alle kultuer yn Fryslân, de Fryske ynbegrepen. Yn it taal- en kultuerbelied wurdt besocht om cross-overs ta stân te bringen tusken ûnderskate kunst- en kultuerfoarmen en tusken de ûnderskate talen. Op de skoallen wurdt meartalich, trijetalich ûnderwiis promoate. Desintralisaasje fan rykstaken soe de posysje fan it provinsjaal bestjoer fersterkje om de beide kultuerdomeinen yn Fryslân yninoar te skowen. It idee is dat it opheffen fan de skiedingsmuorren tusken kultuer yn Fryslân en Fryske kultuer bydraacht oan it fersterkjen fan Fryske kultuer. It is in nije politike strategy om in multykultureel klimaat te skeppen wêryn’t it Fryske erfgoed, troch de eigen wei fan de ferlieding en net troch de twang fan provinsjale regels, syn posysje fersterket en minsken lûkt.

‘De ekonomyske wurdearring fan kultuer ûntstie yn de jierren tachtich fan de foarige ieu. De provinsjale polityk hat dy oanpak dûbel en dwers oernommen.’

It twadde aspekt fan de feroarjende ferhâlding tusken polityk en erfgoed is de ekonomyske oanpak fan de wearde fan erfgoed. Kultuer kostet jild, mar wat smyt it op? De ekonomyske wurdearring fan kultuer ûntstie yn de jierren tachtich fan de foarige ieu. De provinsjale polityk hat dy oanpak dûbel en dwers oernommen. Oan ’e iene kant omdat it folslein legitym is om erfgoed ek yn ekonomyske termen te beskriuwen. Toerisme, eksploitaasje fan kulturele gebouwen en oare erfgoedaktiviteien kinne net sûnder koste-bate-analyzes. Oan ’e oare kant omdat – tink wer oan it toerisme – de opbringsten fan erfgoed it provinsjale belied en de provinsjale ynvestearrings legitimearje. Ek de ynvestearrings yn it Fryske erfgoed moatte ekonomysk rendemint opleverje. Op toeristysk gebiet ûntstiet dan net folle diskusje. Lânskip, wetter, monuminten, de alve stêden, de Fryske tradysjes en sporten binne just motors fan de Fryske ekonomy. Nijsgjirrich is lykwols de troch Goffe Jensma sinjalearre tendins dat dy ekonomyske oanpak fan it Fryske erfgoed it net-kapitalisearbere goed en it goed mei in min rendemint marzjinalisearret. Dat ferskynsel sjogge wy bygelyks yn it domein fan de literatuer en de Fryske boeken. Mar de Fryske literatuer heart fansels wol ta it tradisjonele erfgoed dêr’t de oerheid oer wekket. No docht it ferskynsel him foar dat troch de ekonomyske oanpak fan kultuer it erfgoed mei in min rendemint marzjinalisearre wurdt en allinnich mar mei noch mear oerheidsstipe oerlibje kin.

‘De klam dy’t yn it tradisjonele erfgoedpakket op taal en kennis lei komt no te lizzen op lânskip en belibbing.’

It tredde aspekt fan de ferhâlding tusken polityk en erfgoed dat feroaret is dat de oriïntaasje ferskoot fan yntern nei ekstern. Neist it foldwaan oan de winsken en ferlangens fan de eigen Fryske befolking – de realisaasje fan it Fryske selsbyld – ûntstiet der yn de provinsjale polityk ek in hieltyd gruttere eksterne oriïntaasje, rjochte op it befêstigjen fan it byld dat net-Friezen fan Fryslân hawwe. Der is in sterke beynfloeding fan wjerskanten te sjen fan it selsbyld fan de Friezen en it kulturele ferwachtingspatroan fan de net-Friezen. Yn dy eksterne oriïntaasje – nau ferbûn mei de ekonomyske oanpak fan kultuer – leit de klam net op it tradisjonele op taal en kennis rjochte erfgoed, mar giet it benammen om oan toerisme relatearre eleminten as wetter, lânskip en invented traditions as skûtsjesilen en alvestêdetocht. Dy eksterne oriïntaasje feroarsaket ek in grutte spanning yn de relaasje tusken polityk oan ’e iene kant en de agraryske maatskippij, in oar aspekt fan it Fryske kanonisearre selsbyld, oan ’e oare kant. In jiermannich lyn noege it provinsjaal bestjoer de boargers, Friezen en net-Friezen, út om fisys op de Fryske takomst te ûntwikkeljen. Analyze fan de resultaten fan dat projekt, Fryske Fiersichten, lit fûnemintele ferskowings sjen yn de byldfoarming oer Fryslân. De klam dy’t yn it tradisjonele erfgoedpakket op taal en kennis lei komt no te lizzen op lânskip en belibbing. De Friezen tinke mear yn termen fan eksterne presintaasje as fan selsrepresintaasje. It docht jin dan ek gjin nij dat de oandacht ferskoot fan it tradisjonele ideaal fan de sletten agraryske maatskippij nei dat fan de iepen toeristyske ekonomy.

Fryslân en Nederlân

De relaasje tusken erfgoed, identiteit en polityk yn Fryslân lit in nijsgjirrige en aktuele dynamyk sjen. Gearfetsjend kinne wy sizze dat der yn Fryslân in lange tradysje is fan oerdracht fan politisearre en kanonisearre erfgoed om it takomstideaal fan in fitale Fryske maatskippij te ferwurklikjen. Dat ideaal fan de Fryske beweging is nei de Twadde Wrâldoarloch oernommen troch de Fryske polityk en wurdt troch oerheid en politike partijen tige aktyf neistribbe. De dynamyk yn dat belied wurdt feroarsake troch de spanning tusken tradysje en fernijing, tusken kultuer yn Fryslân en Fryske kultuer.

‘Der is yn Fryslân in lange tradysje fan oerdracht fan politisearre en kanonisearre erfgoed om it takomstideaal fan in fitale Fryske maatskippij te ferwurklikjen.’

Yn de ôfrûne jierren skowe oare strategyen neist en troch dy tradisjonele oanpak hinne. Der is grut ferlet om de boelskieding tusken kultuer yn Fryslân en Fryske kultuer op te heffen, om de finsters iepen te goaien. Yn in grut multykultureel ramt hat de Fryske kultuer gâns te bieden en kin it erfgoed troch ûnferwachtse cross-overs de minsken ferliede ta it konsumearjen en aktyf brûken fan dat erfgoed. Mar tagelyk wurdt dat stribjen ûnder druk set troch it op ’e merk bringen fan kultuer, troch it keppeljen fan koste-bate-analyzes oan erfgoed.

Guon belangrike net-kapitalisearbere eleminten út de klassike kanon fan it Fryske erfgoed wurde troch dy oanpak marzjinalisearre en dat freget just wer ekstra ynspannings fan de oerheid om de klassike kanon yn stân te hâlden. As lêste steane de tradisjonele kanon en it tradisjonele belied ûnder druk troch de aksintferskowing fan taal en kennis nei lânskip en belibbing.

It is net maklik om in wearde-oardiel te jaan oer sokke ûntjouwings. Krekt troch it politike karakter fan de erfgoeddiskusje is erfgoed bewarre bleaun en is Fryske kultuer ûntwikkele. Mar oan ’e oare kant is erfgoed dêr’t de Fryske takomstidealen net mei ferwurklike wurde koene fersleaukje litten. Tink bygelyks oan it erfgoed fan de Frjentsjerter Akademy, dy’t troch syn ûnfrysk karakter in negatyf oardiel krige yn Kalma syn Skiednis. Tink bygelyks ek oan it design fan it Frjentsjerter meubelfabryk Fristho dat yn de jierren fyftich en sechstich de toan oanjoech. It modernisme dat doe yn Fryslân bysûndere foarmen oannaam yn byldzjende keunst en yndustriële foarmjouwing hat net it omtinken krige dat it fertsjinne, omdat it net paste yn de erfgoedkanon fan it agraryske Fryslân.

Sokke konkrete en wichtige aspekten fan erfgoed krigen gjin plak yn de Fryske erfgoedabstraksjes. Meidat de oriïntaasje ferskode fan yntern nei ekstern en benammen troch it op ’e merk bringen fan Frysk erfgoed nimt it abstrakte karakter fan de Fryske erfgoedkanon ôf. De toerist is net sa lyk yn de takomstidealen fan de Fryske maatskippij ynteressearre, mar mear yn konkrete saken as monumint, wetter en lânskip.

Net it romme en iepen lânskip as metafoar foar Fryslân, mar it konkrete lânskip mei fûgels, mei kultuerhistoaryske eleminten en sûnder hoarizonfersmoarging troch wynmûnen en megastâlen. Troch it op ’e merk setten fan Fryslân en syn erfgoed is de polityk twongen om net mear yn abstraksjes te praten, mar om in konkreet erfgoedbelied te fieren. It is foar oerheid en polityk dreech om oan ’e iene kant de hoeder te wêzen fan de âlde kanon, ynklusyf de tradysje fan Fryslân as agraryske mienskip, en tagelyk erfgoed yn it teken fan lânskip en belibbing te setten. Erfgoed en polityk treffe inoar minder yn it meitsjen fan blaudrukken foar de takomst en mear yn in lykwichtige wurdearring fan it erfgoed.

Der sil in depolitisearring fan it erfgoed komme: erfgoed wurdt net mear beoardiele op yn hoefier oft it yn it belang is fan abstrakte takomstidealen, mar op yntrinsike wearden. De Kaderbrief 2011 fan it Kolleezje fan Deputearre Steaten jout oan dat it dreech is om yn belangrike politike dokuminten it erfgoed te depolitisearjen. It ‘Toekomstperspectief 2016’ stiet noch hielendal yn de tradysje fan erfgoed as abstraksje. It erfgoedidee is goed, mar wêr is it erfgoed? Aldergeloks twinge de ferskowings yn de relaasje tusken polityk en erfgoed ta konkreet en krêftich belied oangeande taal, skiednis en lânskip.

‘Erfgoed en polityk treffe inoar minder yn it meitsjen fan blaudrukken foar de takomst en mear yn in lykwichtige wurdearring fan it erfgoed.’

Dêr’t Fryslân ta is oan depolitisearring fan it erfgoed, dêr sjogge wy lanlik krekt in sterke politisearring fan erfgoed. It politike debat sûnt Pim Fortuyn en it noarmen en wearde-debat fan de kabinetten Balkenende I en II hawwe derta laat dat erfgoed en polityk mei elkoar ferbûn binne yn it sykjen om in Nederlânsk-eigen identiteit. It tradisjonele Fryske spanningsfjild tusken kultuer yn Fryslân en Fryske kultuer is no ek in nasjonaal spanningsfjild tusken kultuer yn Nederlân en Nederlânske kultuer. Opmerklik is dat it út dy nije relaasje tusken polityk en erfgoed ûntstiene Nederlands Historisch Museum him benammen rjochtsje sil op ideeën, op abstraksjes dy’t in bydrage leverje kinne oan de takomst fan in fitale Nederlânske maatskippij!

Mar yn dy politisearring fan it erfgoed en de definiearring fan erfgoed yn abstrakte termen skûlet it gefaar dat Marita Mathijsen yn har pamflet De afwezigheid van het verleden omskriuwt as de ‘kollektive marzjinalisearring’ fan it konkrete, yndividuele erfgoed, sa as it gebou en it histoaryske lânskip. Tsjinstber wêze oan politike doelstellings kin erfgoed in ekstra maatskiplike relevânsje jaan. Wurdearring fan erfgoed yn polityk kleure takomstperspektiven is net oan te ûntkommen en kin geunstich wêze foar it behâld en de fitalisearring fan erfgoed. Mar essinsjeel is dat der yn it politike domein ek romte is foar it behâld fan erfgoed om it behâld sels. ‘Het kan’, sa skriuwt Marita Mathijsen, ‘gaan om het behoud van subtiele zaken, zoals het manuscript van de Mei van Herman Gorter.’ It kin, sa soe dit artikel ôfslute kinne, gean om it manuskript mei dy iene rigel dy’t erfgoed wurden is: ‘Salang’t de wyn fan de wolken waait.’

 

Earder publiseard yn de Moanne, 9 (2010), 8 (oktober), s. 14-17.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.