• 27 januari 2012

    Zwischennutzung is neffens my it moaiste wurd yn dizze nije Moanne. Jim moatte mar eefkes besjen yn hokker artikel it neamd wurdt. It giet om in tuskenoplossing, meast foar in braaklizzend terrein yn in stêd. Ik haw it gefoel dat it wurd ek goed fan tapassing wêze sil op dizze jiergong fan de Moanne. Wy bestean yn septimber 10 jier, mar moatte dit jier goed [...]

  • 23 december 2011

    Miss Marple is in leaf wyfke út it oeuvre fan Agatha Christie. Se wenne yn St. Mary Mead, beskikte oer in helder ferstân en in grutte kennis fan de swakheden fan de minsklike natuer. Dy eigenskippen holpen har by it oplossen fan de meast komplekse misdieden. Har hiele libben hat se it deistich bestean yn St. Mary Mead skerp observearre en analysearre en by elke [...]

  • 18 november 2011

    ERNST BRUINSMA - Yn 1977 ferskynde de roman De Amerikaen, fan Durk van der Ploeg. It stiet sûnt dy tiid by myn âlders yn de kast, mar noait hat immen it lêzen. Ik tink dat ús heit it kocht hat fanwegen it omslach, dat tekene is troch Ies Spreekmeester, in freon út Oldeholtpade dy’t wenne yn it eardere hûs fan noch wer in oare freon, de [...]

  • 18 november 2011

    Ik woe earst myn stikje oer Durk van der Ploeg as redaksjoneel opnimme. Hy krijt moarn de Gysbert en dan binne wy – om syn wurden út it gesprek mei Karen Bies te werheljen - fan it geseur ôf. Van der Ploeg syn útspraak dat hy boeken skriuwt, sa’t in oar in hokje timmert, fyn ik earlik sein noch ûnferjitliker. Remco Campert sei fan ‘e [...]

  • 15 oktober 2011

    Nei in nûmer oer de Swette en in spesjaalnûmer oer boeken, komme wy dizze hjerst al wer mei in ‘special’. Foarlopich is it ús lêste special, mar it tema fan dit nûmer, design en arsjitektuer, blykt oan de oare kant sa ynspirearjend te wêzen foar redaksje, meiwurkers en abonnees, dat wy besletten hawwe om oare jier geregelder omtinken te jaan oan dit ûnderwerp. En dan [...]

  • 11 oktober 2011

    foto: Linus Harms UPDATE, Tiisdei 15:27: Fan Matthé ten Wolde, bestjoersadviseur fan deputearre Jannewietske de Vries: "Skriuwer, dichter en essayist Durk van der Ploeg is de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2011." GYSBERT EN DE FRUCHT FAN DE FRYSKE YNSTITUSJONALISEARRING “Wy hawwe as sjuery oanjûn dat wy ree wienen om in shortlist op te stellen, mar noch Tresoar noch de provinsje binne dêr [...]

  • 10 oktober 2011

    ERNST BRUINSMA - ‘Ga tot Breughel en wil niet weten wat anderen er u over verteld hebben, maar ontdek zelf. En al was het dat ge u alleen maar - wat een minimum zou zijn - ergerde om de man die zit te kakken, en de andere die er zijn handen in wrijft - als een illustratie van die schrijnende waarheid dat de een de [...]

  • 21 juli 2011

    ERNST BRUINSMA - De abonnees fan de Moanne krije ein july twa ôfleveringen tagelyk yn de brievebus. Nûmer 6 giet oer boeken en literatuer en stiet fol mei besprekken, ynterviews, ferhalen en gedichten. Yn in spesjale redaksjonele bydrage gean wy yn op de fraach hokker bedrigingen Fryske skriuwers mei konfrontearre wurde, mar seker ek op de kânsen dy’t der lizze. It stik giet benammen oer [...]

  • 21 juni 2011

    Lestendeis wie ik by de iepening fan de tentoanstelling fan fotografe Trynsje Nauta yn it Fries Museum. Yn ‘De zee roept’ hat se leafdefolle portretten makke fan learlingen op de Seefeartskoalle, mar fassinearjender is miskien noch wol dat se portretten makke hat fan de see, troch it keamersrút fan elk fan dy learlingen. Elke learling hat op dy wize in dûbelportret krigen. Tryntsje Nauta hie [...]