De Amerikaen

Publisearre op 18 november 2011

ERNST BRUINSMA – Yn 1977 ferskynde de roman De Amerikaen, fan Durk van der Ploeg. It stiet sûnt dy tiid by myn âlders yn de kast, mar noait hat immen it lêzen. Ik tink dat ús heit it kocht hat fanwegen it omslach, dat tekene is troch Ies Spreekmeester, in freon út Oldeholtpade dy’t wenne yn it eardere hûs fan noch wer in oare freon, de grafysk keunstner Nan Platvoet. Beide mannen wienen ein jierren sechtich, begjin jierren santich yn Fryslân delstrutsen. Earst noch wat wurkje, dan de âlde dei yn alle rêst trochbringe, sokken wienen der mear yn dy jierren. ‘Hollanders die voor Friesland kiezen, worden Friezer dan de Friezen’, song Rients Gratama doe.

De boeken fan Van der Ploeg kamen pas nei De jacht (1988) by ús thús yn byld. Boppedat gie De Amerikaen, dat koe ik op it omkaft wol lêze, oer âlde minsken en dat wienen foar my yn dy jierren ‘dingen’ dy’t al lang foarby wienen. Mar no’t Van der Ploeg de Gysbert krigen hat, fûn ik dat ik earst marris dit boek lêze moast.

De roman giet, alteast dat liket hiel lang sa, oer in emigrante dy’t op ’e nij foar Fryslân kiest. Govert Hylarides wurke eartiids by it belestingkantoar, hat nei syn pinsjoen de frou ferlern oan in aaklike sykte mar genietet dan einlik fan syn frijheid. Nei in skoftsje kriget de ‘fitale widner’ lykwols wer nocht oan selskip. De bern rinne de doar net plat en mei de buorlju hat er net folle op. Hy skriuwt in ‘annonce’ yn de krante en der komt fuort in reaksje op fan in skoander frommes út Amearika. Ik sil de plot hjir fierder net ûntraffelje, mar it bliuwt oan de ein ta in spannende psychologyske roman. Krekt as by oare boeken fan Van der Ploeg is de styl en it idioom yndrukwekkend, mar bliuw ik ek hjir somtiden wer heakjen oan de al te raffelige struktuer fan de roman. Sênes binne net altyd like moai oanelkoar breide en de dosearring fan de ‘stof’ is net altyd moai oplost. Mar dat docht neat ôf oan it grutte lêsplezier dat ik belibbe ha oan dit boek omdat it in fermaaklik portret is fan in wrâld dy’t no echt foarby liket te wêzen, de jierren santich. Tagelyk is it in messkerpe krityk op in moderne maatskippij dêr’t tal fan tradisjonele sosjale ferbiningen yn in los ferbân reitsje, ‘bijierre minsken’ komme iensum yn de wrâld te stean en reitsje dêrtroch it kontakt mei de realiteit wat kwyt. En foar my persoanlik komme dy jierren wer hiel tichtby omdat se my weromtinke litte oan it libben fan de pakes en beppes dy’t doe de jierren fan Hylarides hân hawwe moatte. Hie ik it boek mar earder lêzen.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels