• 14 mei 2011

    De diskusje oer it belang en de wearde fan kultuer wurdt hieltyd skraler, alteast binnen de rûnten fan it iepenbier bestjoer. In wat ûnbetocht ferlangen nei direkte aksje hat it ek hjir – krekt as yn de polityk – wûn fan tsjinspraak en refleksje. De provinsje Fryslân hat op dit stuit – troch it grutste part fan de jildlike middels foar kultuer oer te heveljen [...]

  • 7 april 2011

    ERNST BRUINSMA - Yn 1997, yn ien fan myn alderearste bydragen oan Trotwaer, bespruts ik de bondel In fearnhûndert ferhalen fan Trinus Riemersma. Neffens my moasten dy ferhalen fral lêzen wurde as in soarte fan eksperimintearromte foar wat hy yn syn romans fierder útwurkje soe. Troch dy ferhalen waard dúdlik, sa skreau ik, hoe't alles úteinlik wol liede moast ta dy hiele bysûndere postmoderne roman [...]

  • 25 februari 2011

    ERNST BRUINSMA - Op it omslach fan dizze Moanne stiet in âlde man. It giet om Klaas Bruinsma, de ferneamde en al mear as ien kear ûnderskieden oersetter dy’t de grutte klassike literatuer nei it Frysk oerset en dêr eins syn libben foar opoffere hat. Wêrom? Sadat lettere generaasjes sjen kinne dat der serieus wurke waard yn de Fryske taal. Koartlyn waard Bruinsma 80 jier [...]

  • 28 januari 2011

    - Lêsto noch wolris in gedicht? Gewoan, foar dyn plezier? - Selden. Ik gean der net foar sitten. In pear wike lyn wie ik oan it googeljen op myn eigen namme en ûntduts ergens in stikje op Farsk fan mysels oer de poëzij fan Eva Gerlach. Doe haw ik noch even in bondeltsje fan har út 'e kast pakt. - Fan dy skriuwster ha ‘k [...]

  • 16 november 2010

    ERNST BRUINSMA - Obe Postma en Jan Slauerhoff binne beide yn de betsjoening rekke fan de njoggende-ieuske Sineeske dichter Bai Juyi (Po Tsju-i). Nei oanlieding fan de stúdzjedei 'De fascinatie voor Slauerhoff' fan it Obe Postma Selskip, op 19 novimber 2010, hat de Moanne mei it Selskip (Hylkje de Jong) in twalûk makke oer dizze mienskiplike betsjoening. Der binne beskôgingen skreaun en dêrneist hawwe wy [...]

  • 16 november 2010

    ERNST BRUINSMA - It is net langer ús eigen fiksje, Fryslân is no wier de moaiste provinsje. Dy ‘deconfiture’ hawwe wy te tankjen oan de Vereniging Nederlands Cultuurlandschap (VNC), dy’t ûndersyk dien hat nei ‘landschap, cultuurhistorie, biodiversiteit, grondwater & bodemgesteldheid en natuur & bosbeheer’. Neffens VNC-direkteur Dirkmaat hawwe wy dy twiveleftige ear te tankjen oan it feit dat ‘Friezen, in een relatief dun bevolkte provincie, [...]

  • 20 december 2008

    ERNST BRUINSMA & BAUKJE WYTSMA - ‘Een museum moet geworteld zijn in de eigen omgeving.’ Han Steenbruggen wurke tolve jier as konservator 20ste ieuwske keunst yn it Groninger Museum. Wat wie syn motivaasje om te sollisitearjen nei de funksje fan direkteur fan Museum Belvédère? ‘Eigenlijk heb ik niet gesolliciteerd. Ik kreeg contact met Thom Mercuur in verband met een schilderij van Wobbe Alkema dat hij [...]

  • 1 maart 2008

    ERNST BRUINSMA -   Yn it radioprogramma Buro de Vries waard in pear wiken werom troch in libben kwartet fan lêzers it boek Echt Moai fan Wieke de Haan en Elske Riemersma besprutsen. Twa froulju wienen op in fleurige wize oan it lekskoaien en makken lûdroftich dúdlik dat se it boek fan De Haan mar neat fûnen. Ien fan de manlju, Hylke Tromp, wie eins [...]

  • 1 juni 2007

    ERNST BRUINSMA & BAUKJE WYTSMA - Philippus Breuker (1939) is berne yn Skingen. Wenne mei heit en mem en fiif jongere broers op in lyts boerespul yn dat doarpke. Heit hie fyftjin kij en wat bou. Nei de HBS soe er studearje yn Wageningen, mar moast dy stúdzje al nei in pear wike ôfbrekke omdat syn heit fûn dat er thús helpe moast. It waard [...]