Mes amis
Ik woe earst myn stikje oer Durk van der Ploeg as redaksjoneel opnimme. Hy krijt moarn de Gysbert en dan binne wy – om syn wurden út it gesprek mei Karen Bies te werheljen – fan it geseur ôf. Van der Ploeg syn útspraak dat hy boeken skriuwt, sa’t in oar in hokje timmert, fyn ik earlik sein noch ûnferjitliker.
Remco Campert sei fan ‘e wike noch mar wer in kear dat it libben furrukkeluk is, al hat it fansels wol syn skaadkanten. Doe’t ik hjoed oer in oarsoartich redaksjoneel siet nei te tinken, hie ‘k dêr wol wat argewaasje fan. Fernuvering is in oare emoasjes dy’t de lêste moannen hieltyd geregelder yn my opkomt. Safolle jild foar de nijbou fan de Fryske Akademy, mar blykber gjin jild om fatsoenlik letterkundich ûndersyk te dwaan. Of leit it oars? In prachtich grut bedrach foar in nij Fries Museum (stie freed nochris yn de krante), mar blykber net genôch jild om de eksploitaasje op oarder te krijen. Of leit it oars? Safolle jild om de KH2018 op te túgjen, mar it ûntbrekt blykber oan ynhâld. Of leit it oars? Safolle jild om in UCF op te setten, mar at it ûndersyk oer in pear jier dien is, witte we blykber net oft der noch wol romte is foar mear ûndersyk. Of leit it oars?
Fryslân soe der neffens my goed oan dwaan om mear te gearwurkjen mei Grins, krekt op it terrein fan kultuer en wittenskip, mar ferpoft dat blykber, sa lês ik yn de krante. En oan de oare kant fan de provinsje wol de boargemaster fan Urk in nije tunnel oanlizze litte, yn plak fan de slim ferâldere Ketelbrug, om de ferbining mei it noarden te fersterkjen. It is in faai teken dat dizze boargemaster dêr de hannen mar net foar op elkoar krije kin. De Hanzelijn giet net troch, de brêge bliuwt iepen stean. Fryslân set de finsters al iepen, mar docht de doar stadichoan ticht. Wol in moaie doar, trouwens, yn in moaie gevel, op in moai plak. Of leit it oars?
Ernst Bruinsma