Twa moaie nûmers

ERNST BRUINSMA –

De abonnees fan de Moanne krije ein july twa ôfleveringen tagelyk yn de brievebus. Nûmer 6 giet oer boeken en literatuer en stiet fol mei besprekken, ynterviews, ferhalen en gedichten. Yn in spesjale redaksjonele bydrage gean wy yn op de fraach hokker bedrigingen Fryske skriuwers mei konfrontearre wurde, mar seker ek op de kânsen dy’t der lizze. It stik giet benammen oer wat eartiids it Trotwaer-part wie fan de Moanne, wylst in tal ûntjouwings en trends mutatis mutandis fansels ek foar de oare keunsten jilde, lykas bgl. de ‘ûnt-keunsting’, in fokus op mainstream keunst, resesje, besunigings, ensafh. Yn dit krachtefjild wol it tydskrift de Moanne har rol as platfoarm en yntermediêr tusken publyk en keunstners fierder útbouwe.

*

De Swette stiet sintraal yn nûmer 7. Dizze ôflevering is – yn gearwurking mei gastredakteuren Kees Botman en Baukje Wytsma – makke nei oanlieding fan it spektakel ‘De Boadskipper’, in jierliks treffen fan klassike binnenfeartskippen. Dit jier farre de skippen lâns seis ferskillende rûtes fan Snits nei Ljouwert. Eartiids foarme de Swette ien fan de wichtichste rûtes tusken beide stêden. Hjoed-de-dei is it in wat fergetten wetterstream dy’t noch altyd yn it kollektive ûnthâld hingjen bleaun is, om wat der wie, om wat der libbe. Sjoch www.boadskipper.nl foar alle ynformaasje.

*

Yn myn foarige redaksjoneel frege ik my ôf, oft der yn de Fryske literatuer ek sprake west hat fan plagiaat, yn de betsjutting dy’t David van Reybrouck dêr oan jout: ‘zoveel waardering voor je werk krijgen dat men het je niet meer gunt’. Henk van der Veer gong yn syn weblog wiidweidich op dizze fraach yn. Spitich dat hy tocht dat it my om rabberijkes gong, it gie my fral om de fraach oft der sokke goeie Fryske literatuer skreaun is, dat in oar it nedich fynt om dy te plagiearen? De foarbylden dy’t my oant no ta neamd binne, liede noch net daalk ta in befêstigjend antwurd op dy fraach. In earste foarbyld fan plagiaat wie De stadige leafde fan Fetsje fan Teije Brattinga, dat in soad like op Een weerspannig hart fan Marjorie Moore, al yn 1954 útkommen yn de troch de Spaarnestad útjûne Mignon-reeks. Lolle Nauta hat it ‘ûnthuld’ yn De Tsjerne fan novimber 1966. Josse de Haan skreau yn 1974 yn Trotwaer (nr. 1) oer de fiergeande oerienkomsten tusken De nacht fan in leechrinner fan Gerben Abma en Forneukte stêd fan De Haan sels en fierder waard ik troch meardere minsken wiisd op in artikel fan Jelle Krol oer de oerienkomsten tusken Ypk fan der Fear har roman De dei is jong en de roman The unicorn fan Iris Murdoch. Alle ynformaasje dêroer is werom te finen yn Trotwaer fan oktober 1982.

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.