Zwischennutzung

Publisearre op 27 januari 2012

Zwischennutzung is neffens my it moaiste wurd yn dizze nije Moanne. Jim moatte mar eefkes besjen yn hokker artikel it neamd wurdt. It giet om in tuskenoplossing, meast foar in braaklizzend terrein yn in stêd.

Ik haw it gefoel dat it wurd ek goed fan tapassing wêze sil op dizze jiergong fan de Moanne. Wy bestean yn septimber 10 jier, mar moatte dit jier goed neitinke oer de fraach hoe’t 2013 redaksjoneel ynstutsen wurde kin. Hoewol’t it provinsjaal bestjoer fan doel is om de Moanne fan dat jier ôf yn de basisynfrastruktuer op te nimmen, in geweldich inisjatyf, hat it Nederlands Letterenfonds ûnder twang fan de steatssiktaris beslute moatten om ús dan net langer finansjeel te stypjen. De earste gefolgen fan dizze besunigingen binne al merkber no’t De Gids – it âldste literêre tydskrift yn Nederlân – besluten hat om de lapen gear te smiten mei De Groene Amsterdammer. Selsstannich kin it net fierder.

De lêzer fan de Moanne sil dit jier ek al wat fernimme fan de besunigingen. De gearwurking mei de Fryske Akademy en Tresoar sil spitigernôch fan dit jier ôf op in oar nivo fierder gean. Al bliuwe wy fansels mei-elkoar moaie plannen meitsjen en hawwe gelokkich in grut tal stipers fan dizze beide organisaasjes it beslút naam om harren selsstannich as abonnee fan de Moanne oan te melden. De belutsenheid fan de Afûk by de Moanne sil net feroarje. Mar ien en oar kin net ferbergje dat de oplage fan it blêd no al drastysk nei ûnderen giet.

Dizze nij ûntsteane situaasje makket ek dat wy net 10 mar 9 nûmers útbringe kinne, al sille dy dan 60 siden ynstee fan 56 telle. Omdat wy by dit nûmer ek in moaie útjefte oer Menno Simons byslute en omdat wy yn de simmer mei in temanûmer komme oer Laaksum, tink ik dat de lêzer alles byelkoar dochs wer in prachtige jiergong te wachtsjen stiet.

Foar de jiergong 2012 betsjut ien en oar dat wy trochgean mei te registrearjen wat ús yn Fryslân alle dagen wer dwaande hâldt. Seker op in filosofysk nivo soenen jo sizze kinne dat Fryslân braak leit, neitinkt oer de mooglikheden dy’t der yn de takomst besletten lizze. De redaksje fan de Moanne wol ek nei dizze jubileumjiergong graach in moaie rol yn dat proses spyljen bliuwe, troch foar ferskaat, nivo en djipgong yn it tydskrift te soargjen.

Ernst Bruinsma

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]