Miss Marple

Miss Marple is in leaf wyfke út it oeuvre fan Agatha Christie. Se wenne yn St. Mary Mead, beskikte oer in helder ferstân en in grutte kennis fan de swakheden fan de minsklike natuer. Dy eigenskippen holpen har by it oplossen fan de meast komplekse misdieden. Har hiele libben hat se it deistich bestean yn St. Mary Mead skerp observearre en analysearre en by elke situaasje wêryn’t se telâne kaam, slagge it har in parallel foarfal út it doarpske bestean op te leppeljen dy’t har ynsicht yn de aktualiteit holp te fergrutsjen.

Ik haw in grutte foarkar foar dat type mins en keunstner: selsbewust fan út dyn eigen direkte omjouwing de weareld benaderje en besykje te begripen. Ik hâld bgl. fan literatuer dy’t dúdlik in regionale komponint hat, mar altyd fan universele wearde is, oft it no giet om it Albanië fan Kadare, it Súd-Afrika fan Coetzee, it Aalst fan Boon, it Nijmegen fan A.F.Th. van der Heijden of it Newark fan Philip Roth. Wars bin ik dêrfoaroer fan wat Milan Kundera yn syn essay Het doek omskreaun hat as it provinsjalisme fan de ‘lytse naasjes’, wêrby’t keunst dy’t oer de grinzen fan it heitelân sjocht, pretinsjeus fûn wurdt.

Koartlyn sei Henk Pröpper by syn ôfskie as direkteur fan it Nederlands Letterenfonds dat wat him oanbelanget lêzen in foarm fan ûntketenjen is en dat je dêrnei weromskriuwe meie. Yn dy wurden belústerje ik in echo fan noch in sitaat fan Kundera: ‘Europa is er niet in geslaagd zijn literatuur als een historische eenheid te denken, en ik zal nooit moe worden te herhalen dat daarin zijn onherstelbare geestelijke echec schuilt. Want om bij de geschiedenis van de roman te blijven: Sterne reageerde op Rabelais en inspireerde Diderot, Fielding beriep zich voortdurend op Cervantes en was het grote voorbeeld van Stendhal, in het werk van Joyce zet de traditie van Flaubert zich voort, door over Joyce na te denken ontwikkelde Broch zijn eigen poëtica van de roman en door Kafka begreep García Márquez dat het mogelijk is de traditie los te laten en ‘anders te schrijven’.

Ik moat sa oan ’e ein fan ’t jier geregeld oan dat sitaat tinke. Want wat foar de literatuer jildt, giet neffens my ek foar it libben op. Omdat it ús mar net slagget ús skiednis as Nederlân en as Fryslân as (ûnderdiel fan) in Europeeske skiednis te sjen, slacht it provinsjalisme foar master op. Wy hawwe de yndustrialisaasje yn de 20e ieu oerslein, dus ek de ‘verstedelijking’ – en de talleaze ûntjouwings dy’t dat foar Nederlân opsmiten hat. Wolle wy net in toeristysk wingewest wurde, dan sil goed neitocht wurde moatte oer de ambysjes fan dit stikje lân. En dat dan yn it perspektyf fan in noardlike regio dêr’t yn elts gefal de taal yn oerein bliuwe moat. Miskien moatte wy Fryslân earder sjen as ien grutte stêd, in stedskonglomeraat dêr’t aparte wiken en parken yn lizze, elk mei in eigen oansjen en karakter, wêryn’t dialektyske en sosjolektyske taalfarianten bestean, lykas yn echte stêden oeral yn de wrâld. Ik leau wol yn it idee fan Fryslân as ien grutte gemeente binnen in noardlike regio.

In sûn 2012 tawinske en… gean troch mei skerp tinken en (werom)skriuwen, nei Fryslân, nei de wrâld om ús hinne.

Ernst Bruinsma

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.