• 14 november 2016

    MARRE SLOOTS -  Wat moatte jo hjoeddedei dwaan om Fryske boeken oan de man te krijen? Gewoan âlderwetsk ferkeapje yn de winkel? Digitaal oanbiede yn de foarm fan e-books? Of mei de boeken yn de kroade by de doarren del? Neffens Wieke de Haan dogge je dat oars: organisearje in Frysk multymediaspektakel mei muzyk, gedichten en ferhalen.   We wolle graach dy âlde, fertroude doelgroep [...]

  • 14 oktober 2016

    Begjin oktober binne foar it tredde jier gedichten foar it projekt 'Poetic Potatoes' ferstjoerd nei Malta. Tegearre mei de earste Fryske poaters binne de gedichten fan Janneke Spoelstra, Tsead Bruinja, Geart Tigchelaar, Yva Hokwerda en Simon Oosting op transport set nei Valetta. 'Poetic Potatoes' is in projekt fan de Stichting Bildtse Aardappelweken yn it kader fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. de Moanne fersoarge de seleksje fan de gedichten. Besjoch ek it dossier 'Poetic [...]

  • 30 september 2016

    ARJAN HUT -  Dan hinget it blykber yn de loft en binne ferskate minsken, sûnder dat se dat fan inoar witte, mei Mata Hari dwaande. Angela Wind, Pr-meiwurker by de Arbeiderspers, is ferheard. “Afgelopen dinsdag verscheen het nieuwe boek, ‘De Spion’, van Paulo Coelho in het Nederlands!” De Spion is basearre op it libben fan Margaretha Zelle, alias Mata Hari. “Het is puur toeval.” Wind [...]

  • 23 september 2016

    ARJAN HUT -  In cd iepenje mei in foardracht fan in gedicht, hast sân minuten lang, sûnder muzyk derby, dat fyn ik geweldich. Nynke Laverman, of inkeld 'Nynke' sa't it op it hoeske stiet, flikt it op har nije album Wachter. En ja, it gedicht ('Boskûle)' klinkt wol hiel bot as Tsjêbbe Hettinga. Klank en ritme bepale de toan, dat docht it him, mar de [...]

  • 11 september 2016

    ARJAN HUT -  Op 24 juny wie der in yn sân hasten organisearre poëzyjûn yn Ljouwert, ta gelegenheid fan de besite fan in Malteekske dichtersdelegaasje yn it ramt fan it projekt Poetic Potatoes. Yn it neijier geane der Fryske gedichten mei poatrjappelsfan It Bilt nei Malta en yn it foarjier komme de nije rjappels (dy’t út dat poatguod groeid binne) mei Malteekske fersen werom. Ien [...]

  • 1 september 2016

    MONIQUE FLINKER -  De Leafde. Miskien wol it meast brûkte tema yn de keunst. Koreografe Marlien Seinstra kombinearret yn har foarstelling ‘Wachten op de Liefde’ de keunst fan it dûnsjen mei poëzij.   do hast libbenslang sitst foar altyd mei dysels opskipe wêrom soest dat ek in oar oan dwaan?   It binne de earste regels fan it gedicht ‘Grûn’ fan Arjan Hut. Se hearre [...]

  • 26 juli 2016

    ARJAN HUT -  Wistesto dat der yn Argentinië in regio is dêr’t Welsh praat wurdt? En dat men yn Kanada tradisjonele Skotse dûnsen dûnset? En dat der foar de Skotse kust in spesjaal koweras bestiet dat ûnder wetter libbet? In rûntsje by de artysten fan it yntenasjonale TOSTA-Festival del smyt in soad nijsgjirrichs op. TOSTA is ien fan de grutste projekten fan Kulturele Haadstêd 2016 Donostia/San Sebastian en [...]

  • 10 juni 2016

    ARJAN HUT -  André Looijenga is op 'en paad nei Masedoanje. Dêrmei folget er yn de fuotstappen fan skriuwer A. Den Doolaard (pseudonym fan Cor Spoelstra, 1901-1994) dy't yn de jierren tritich yn it Balkanlân ferbleau. “Hy sei syn kantoarbaan op om in Bohemien-libben nei te folgjen, libje as in dichter. Earst gie er nei Frankryk, mar dêr lies er in krante-artikel oer in bomoanslach [...]

  • 27 mei 2016

    ARJAN HUT -  Wat hat Gysbert Japicx ús 350 jier nei syn dea noch te bieden? Dat wie de fraach dy't sintraal stie by de koarte foarumdiskusje oan de ein fan de offisjele iepening sneon yn de Martinitsjerke fan Boalsert fan it Gysbert Japicxjier. Ien fan de dielnimmers oan it foarum waard troch it publyk mar min ferstien: Oeds Westerhof. Wylst guon âldere taharkers prottelen [...]