“Yn it skaad fan katedralen”

ARJAN HUT – 

In cd iepenje mei in foardracht fan in gedicht, hast sân minuten lang, sûnder muzyk derby, dat fyn ik geweldich.

Nynke Laverman, of inkeld ‘Nynke’ sa’t it op it hoeske stiet, flikt it op har nije album Wachter. En ja, it gedicht (‘Boskûle)’ klinkt wol hiel bot as Tsjêbbe Hettinga. Klank en ritme bepale de toan, dat docht it him, mar de wurden binne dúdlik fan Nynke, dy’t ek de teksten foar alle oare lieten skreau. Behalve foar it liet Moarn, dat basearre is op in rigel fan dyselde Tsjêbbe Hettinga en in oerset fers fan Hanny Michaelis.

 

Bytsje Massive Attack-achtich, mar noch mear Nynke-achtich, en ek Pruiksma-esk.

 

De poëzy hat in grutte ynfloed op it wurk fan dizze sjongeres. Dy poëzy sit net allinne yn de teksten, mar sit ek yn de wize fan sjongen, de melodijen, de muzikale begelieding fan Sytze Pruiksma (piano, marimba, dulcimer, drums & programming) èn de swart-wyt foto’s mei minimale kleuraksinten yn it stevige, kreas fersoarge boekwurkje dêr’t de skiif yn skûlet.

Imitaasje of in tekoart oan eigenheid, dat is by Nynke, fyn ik, in non-issue. Sy komponearret en fiert út mei lef en komt sa, plaat nei plaat, hieltyd wer mei yntrigearjende nije ‘bouwwurken’, mei in pear yngrediïnten dy’t allegeduerigen weromkomme: in suver fulkanyske passy, grutte tema’s (it Libben, de Dea) en in driuw nei avontoer. It foarnaamste risiko dêrby is dat it allegear tefolle wurdt, te oerdiedich en bombastysk. ‘Boskûle’ lit de krêft fan wurden hearre, ritme, romte, betsjutting en muzyk sit dêr al yn en fierder teater is dus ek net nedich. Goed dien.

Op Wachter sjit de artyste mar ien kear troch de bocht: it op ien nei koartste ferske ‘Katedralebouwer’ fjurret op alle fronten, mei syn drammende rymritme en teatrale tongkaprioalen. ‘Wês in katedralebouwer,’ sjongt se, mar dêr ha ik dan even gjin nocht mear oan, hear. Earst efkes bekomme.

De rest fan de plaat bliuwt de balâns knap bewarre en it hipt fan it iene hichtepunt nei it oare. ‘Jefte’, bygelyks, oer de fraach oft men de jefte fan it libben wegerje mei, wurdt útwurke mei in minimale tekst, in hearlik jagend ritme en in prachtrol foar Geneviève Verhage. Dy makket oer de hiele plaat yndruk mei har krachtige, bytiden briljante streken op har 150 jier âlde cello. Miskien noch wol it meast yn ‘Man fan hout’, mei 3:24 it koarste stik, as in nachtrit troch in poalbosk, men rûkt it hout en fielt de wyn om de earen slaan.

‘De langste sliep’ is ek in pronkje, “Harkje net hoe’t de tiid krimpt / wachtsje net oant de geast brekt” sjongt Laverman. De wurden, oer tegearre wêze yn it libben, oer de (mei sin opsochte) iensumens fan de dea, hat baat by beskiedenheid en romte en dat krije se ek. Neigeraden de tekst trochstapt, it gefoel opsteapelet, boazet de muzyk oan om dan yn ien lêste asem te ferstomjen.

En dan ha ik it noch net iens hân oer bygelyks de melodij fan De Wachter, dy’t tagelyk salvjend en licht driigjend is, op in bêd fan Marimba-klanken, of it lange ôfslutende Swannesang, dêr’t de begelieding efkes swijt en in statysk, pulsearend lûd it stjoer pakt, foardat Nynke wer ynfalt. Bytsje Massive Attack-achtich, mar noch mear Nynke-achtich, en ek Pruiksma-esk.

 

Nynke, De Wachter, nynkemusic.com

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.