fotografy: OLYMPUS DIGITAL CAMERA

Looijenga yn it spoar fan Den Doolaard mei de trein nei Bitola

ARJAN HUT – 

André Looijenga is op ‘en paad nei Masedoanje. Dêrmei folget er yn de fuotstappen fan skriuwer A. Den Doolaard (pseudonym fan Cor Spoelstra, 1901-1994) dy’t yn de jierren tritich yn it Balkanlân ferbleau.

“Hy sei syn kantoarbaan op om in Bohemien-libben nei te folgjen, libje as in dichter. Earst gie er nei Frankryk, mar dêr lies er in krante-artikel oer in bomoanslach op in trein yn Joegoslavië, troch Masedoanyske frijheidsstriders. Hy hat doe in treinkaartsje kocht en is dat út tein. Hy hat oer syn ferbliuw dêr ferskate ferhalen en ferslaggen skreaun en hat dêr noch altyd in fanclub. Der stiet in stânbyld fan him, hy is dêr in mytyske figuer.”

 

Men hat dêr yn de rin fan de tiid, yn de 20e iuw, in skriuwtaal en in literêre taal út de grûn stampt. Oantrúnt troch jonge yntellektuelen, dichters en filologen, ik sjoch dêr wol parallellen mei de Fryske situaasje.

 

Wy ha ôfpraat yn de Slauerhoff, in binnentún achter boekhannel van der Velde. De sinne klatst fûl del op de buste fan de dichter, mar wy sitte moai ûnder in ôfdakje. Looijenga is wennet yn Grins, mar is gauris yn Ljouwert, dêr’t ûnder oaren aktyf is op in hûswurkynstituut.

“In folsleine baan ha ik noch net, spitigernôch, mar bin wol op syk. Lykwols, no kin ik der wol sa tuskenút foar acht wiken yn Masedoanje.”

Syn reis nei Masedoanje is ûnderdiel fan it projekt Oare Wurden, in projekt fan Kulturiele Haadstêd 2016, San Sebastian. Ferskate Fryske skriuwers tsjinnen in projektplan yn, en Looijenga sinent waard útkeazen.

“Dichteres Janneke Spoelstra hat my oantrúnt om in plan te skriuwen. Sy kaam doe krekt werom fan Malta en wie hiel entûsjast. Ik frege my ôf oft ik wol yn oanmerking komme soe. Ik mei wol graach reizgje en ha niget oan taal en kultuer. Ferline jier ha ik twa wiken yn Poalen west, dat wie foar it earst dat ik sa’n reis sels organisearre. Ik besykje dan ek bûten de bekende toeristyske plakken te sjen en speur tekenen fan meartalichheid, sjoch oft der bygelyks twatalige boeken te finen binne.”

Hy is lykwols net in folbloed taalkundige: “Miskien in semi-taalkundige, ik ha thús wol in planke fol grammatika’s yn de kast.” Hy sil him yn Masedoanje dwaande hâlde mei it skriuwen fan in reisferslach.

“Yn de stêd Bitola sil ik in skoft yn in appartemint tahâlde. Ik tink dat ik dêr allinnich sit. Ik hoopje it, ha ha. Yn de tiid dat ik dêr bin sil ik byhâlde wat ik meimeitsje. Ik ferwachtsje Tito noch wol tsjin te kommen. Men hat dêr yn de rin fan de tiid, yn de 20e iuw, in skriuwtaal en in literêre taal út de grûn stampt. Oantrúnt troch jonge yntellektuelen, dichters en filologen, ik sjoch dêr wol parallellen mei de Fryske situaasje.”

Looijenga sil ek besykje in tal njonkenaktiviteiten op te setten. In útwiksel fan Masedoanyske en Fryske gedichten bygelyks, mei Ingelsk as helptaal.

“Ik ha de nije bondel fan Sigrid Kingma mei, dy is twatalich Ingelsk-Frysk, en noch wat oare titels dy’t ik fine koe, lykas What the poet must know (Obe Postma) en de trijetalige bondel Gjin Grinzen-De Reis (Eeltsje Hettinga & Elske Schotanus) en sa wol ik besykje in oersetgroep bymekoar te bringen.”

De titel Gjin Grinzen sprekt him wol oan, al tilt it op de Balkan wilens op fan de grinzen. En it is ek nochris krisis.

“Yn de haadstêd Skopje binne al wiken grutte protesten tsjin de korrupte regearing. It is dêr ekonomysk net sa florissant en it liket wol in trochgeande krisis. Sa ekstreem as yn Grikelân is it net, mar der is in soad wurkleasheid en dan komt dêr noch fan alles oerhinne. Freedtejûn kom ik nei in lange reis oan yn Skopje. Dêr sil ik in nacht bliuwe, om wat te bekommen. De ein fan de reis is Bitola, mar dêr wol ik net midden yn de nacht oankomme. Ik sil it grutste part fan de reis mei de trein.”

A. den Doolaard waard yn syn tiid troch de autoriteiten yn Belgrado al ôfret om mei de trein nei Masedoanje, ek Looijenga waard troch syn kontaktpersoan op de Balkan warskôge.

“Kinst Skopje ferlykje mei Grins, en Bitola faaks mei Ljouwert. De ôfstân is ek ferlykber, mar de treinreis duorret wol fjouwer oeren. It lân is heuveleftich, wy geane berch op en berch ôf en it spoar is fan diskutabele kwaliteit, alteast, net hoe’t wy it hjir wend binne. Der geane ek mar in pear treinen per dei. Wa’t net in auto hat, kin better mei de bus, is my ferteld. Hawar, dat sil wol. Ik wol dochs graach mei de trein.”

Comments
Ien reaksje oan “Looijenga yn it spoar fan Den Doolaard mei de trein nei Bitola”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.