Leafde: (fer)wachtsje wy tefolle?
Publisearre op 1 september 2016
MONIQUE FLINKER –
De Leafde. Miskien wol it meast brûkte tema yn de keunst. Koreografe Marlien Seinstra kombinearret yn har foarstelling ‘Wachten op de Liefde’ de keunst fan it dûnsjen mei poëzij.
do hast libbenslang
sitst foar altyd
mei dysels opskipe
wêrom soest dat ek
in oar oan dwaan?
It binne de earste regels fan it gedicht ‘Grûn’ fan Arjan Hut. Se hearre by it tema ‘Onzekerheid’, ien fan de fazen dy’t foarbykomt yn de foarstelling ‘Wachten op de Liefde’.
“Het wordt geen vrolijk stuk, maar wel een mooi en misschien ook wel herkenbaar optreden. Gelukkig blijf ik in ieder geval wel geloven in de liefde hoor.”
Marlien Seinstra, koreografe út Ljouwert, betocht it stik. “Ik zie om me heen steeds meer mensen scheiden. Zelf heb ik het ook meegemaakt. Dat bracht me aan het denken: verwachten wij niet teveel van de liefde? Zijn onze eisen niet te hoog?”
Yn ‘Wachten op de Liefde’ nimt Seinstra it publyk mei yn ferskate fazen fan (it wachtsjen op) de leafde. “Verlangen, hunkeren, onzekerheid, boosheid, wanhoop en zoeken naar acceptatie. Het komt allemaal voorbij.”
Foar Seinstra, sels ek ‘ervaringsdeskundige’ sa as se seit, is it guontiid wol konfrontearjend. It komt hiel tichtby. “Ik zit zelf wel in de acceptatie-fase, maar het blijft een moeilijk onderwerp.”
Foar ‘Wachten op de Liefde’ kombinearret se dûnsjen mei poëzij. Op meardere flakken. It is absolút net sa dat de dichters tusken it dûnsjen in stik foardrage en dêrnei wer ferdwine. Alles stiet mei mekoar yn ferbining. “Bijvoorbeeld in het gedeelte over onzekerheid. Dan sluiten dichters met hun voordrachten letterlijk een danser in.”
Wat foar yndruk asto makkest?
werklik?
ik wit net
mar sjochris om dy hinne
oeral binne
brinzgjende liuwen
en do bist as
in protterke
bang yn de fearren
wat witsto no
fan jonges dy’t as liuwen binne?
do hast amper gewicht
mar bist noait te licht
om troch te grûn te sakjen
Op oare flakken byldzje de dûnsers de wurden fan in gedicht út. En oarsom foarmet de poëzij yn in ynspiraasjeboarne foar in dûns, fertelt Seinstra. Sa hat se in gedicht fan Elmar Kuiper brûkt om in dûns op te meitsjen. “Door de bewegingen van de woorden te voelen. Heel anders dan als je werkt op muziek.”
De dûnsers trede op op in dreech plak: It Ljouwerter Bosk. Op in iepen plak is in bulte sân dellein. “Dat is zwaar voor de dansers, maar dat past ook wel weer bij het stuk. Het gaat ook over een zwaar thema”, seit Seinstra.
It bosk is boppedat in spesjaal plak foar de koreografe sels. “Als kind plantte ik hier in 1992 een boompje. Nu is het uitgegroeid tot een echt bos.” En sa wurket it mei de leafde ek neffens har. Dat moat ek groeie. “Bovendien heeft het Leeuwarder Bos een flinke storm overleefd. Dat staat ook weer voor de boosheid en wanhoop in mijn stuk.”
It publyk wurdt nei it plak fan de foarstelling brocht mei boatsjes. It lêste stikje moatte se rinne. Op beamstammen sittend kinne se dan sjen nei it optreden. “Het wordt geen vrolijk stuk, maar wel een mooi en misschien ook wel herkenbaar optreden. Gelukkig blijf ik in ieder geval wel geloven in de liefde hoor.”
Der sit in fûgeltsje
yn dyn hert
it siet der samar
do fongst it net
it sjongt fan
shoop shoop shoop
it sjong sa moai
it sjongt o sa moai
as de bui foarby is
as de wyn him
del leit
hearsto it ek?
Wachten op de Liefde is te sjen op 2, 3, 4, 9, 10 en 11 septimber. Mear ynformaasje op www.dansdivisie.nl
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
MARITA DE JONG - ‘Under de tsjinjende laach sitte in protte oare dingen’ In tsjinjend fak. Sa omskriuwt komponist en musikus Cees Bijlstra (56) [...]
Kategory: Byldzjende keunst,kultuerbelied,Ynterview
GRYT VAN DUINEN - Yn 1997 makke Oeds Westerhof (37) as direkteur fan Keunstwurk syn entree yn de Fryske kultuer. Foar fiif jier woe er [...]
Kategory: Arsjitektuer,Byldzjende keunst,Ynterview
KAREN BIES – It waait noch like hurd oer it Ljouwerter Saailân. Sil de wyn lizzen gean as hjir oer in pear jier it nije [...]