Iepening Gysbert Japicxjier

Publisearre op 27 mei 2016

ARJAN HUT – 

Wat hat Gysbert Japicx ús 350 jier nei syn dea noch te bieden? Dat wie de fraach dy’t sintraal stie by de koarte foarumdiskusje oan de ein fan de offisjele iepening sneon yn de Martinitsjerke fan Boalsert fan it Gysbert Japicxjier.

Ien fan de dielnimmers oan it foarum waard troch it publyk mar min ferstien: Oeds Westerhof. Wylst guon âldere taharkers prottelen dat er lûder yn de mikrofoan prate moast, ‘mompele’ de projektdirekteur fan Ljouwert KH2018 dat de measte Friezen noch hieltyd krekt binne as de jonge Gysbert: analfabeten yn har eigen taal.

 

Wat hat Gysbert Japicx ús 350 jier nei syn dea noch te bieden?

 

In nijsgjirrich punt: Friezen soene easkje moatte dat it ûnderwiis yn eigen taal no ris werklik op de kaart komt te stean. De measte Friezen steane der noch minder foar as Gysbert yn syn tiid. Ta in echte diskusje kaam it lykwols net, dêr galme de tsjerke te bot foar en de tiid wie ek te koart.

Yn it foaropwurd fan syn boek skreau de Boalserter skoalmaster en dichter: “Kom mei krityk, mar wol mei opbouwende krityk, want ik ha myn eigen taal leare moatten te skriuwen.” Dat ûntwikkeljen fan in skrift, en it werombringen fan in taal yn de skriuwtradysje wie ek itjinge dat Sigrid Kingma, dy’t in dei earder har earste bondel útbrocht, it meast fan ûnder de yndruk wie. “Ik fyn it hoopfol dat ien man it Frysk rêde kin.”

Pynlik en nuver is it dêrfandinne dat krekt it Marnekolleezje út Gysbert syn stêd Boalsert it Frysk as skoalfak skraste en ferfong troch twa kear yn it jier in ‘Fryske Wike’. In menear fan de skoalle lei út hoe prachtich as dat gong en hoe’n goed idee at it wol net wie, mar oan de soere gesichten en útstutsen tongen fan de hantsjefol pubers yn it publyk te sjen foel dat wol wat ta.

Fierder die út it foarum, en guon oare programma ûnderdielen bliken, dat Gysbert mear bestudearre wurdt as lêzen. Meindert Reitsma lei de betsjutting fan Gysbert foar de Fryske striid njonken dy foar de Fryske literatuer. Dat die er oan de hân fan seis dissertaasjes dy’t oer Fryslâns dichter skreaun binne. Syn konklúzje wie net in ferrassing: Gysbert wie bysûnder en hy koe der wat fan.

Fries-Om-Utens en professor oan Calvin Kolleezje yn Amearika Henry Baron betanke Gysbert foar syn ’treflik en kreatyf brûken fan de Fryske taal’. It ferhaal fan Baron, dy’t op syn 14e út de Grinzer Pein wei de grutte oerstek makke, klonk yn in sjarmante mjoks fan fraai konservearre Westerkertierks, skriuwfrysk en in Amerikaansk aksint, wie ien fan de hichtepunten yn it kompakte programma.

Ek hiel oansprekkend wie it ferhaal fan skriuwer Abdelkader Benali, dy’t fia Brodsky en dy syn gedicht Holland soepel útkaam by syn petearen mei Tsjêbbe Hettinga, yn it hûs fan oersetster Susan Massotty. “It lûd fan in stil, harkjend publyk is beëangstigjend,” sitearre er Tsjêbbe. De goed 350 oanwêzigen harken allyksa stil en betsjoene nei Benali, dy’t de stim fan Hettinga omskreau as ‘een dwingende bas, sonoor, die je grijpt als een condor’ en it Nederlâns fan de bard hjitte ‘een kind dat van de moedertaal de borst kreeg’.

Moat in dichter njonken skriuwer ek in rêder wêze, immen dy’t sy taal en kultuer as in ridder beskermet en stipet? Sa raar hoecht it fan Benali yn alle gefallen net. Hy beslute syn rede sa: “Gedichten. Ze brengen een beetje licht. Meer hoeven ze niet te doen.”

Bert Looper fan Tresoar iepene de middei en Willemina Vroegindeweij fan it Gysbert Japickshûs presintearre in ûnderlizzer mei ienfâldige Fryske sinnen, te brûken yn de striid tsjin it ‘ferbrekken’ fan har taal troch Friezen sadree’t se Nederlânsk hearre. Vroegindeweij droech ferskate petten, want sy song ek yn it gelegenheidskoar (û.l.f. Hindrik fan der Mear) en naam boppedat diel oan it foarum.

Deputearre Sietske Poepjes poetste it imago fan Gysbert Japicks nochris op, mar prate fierder frijwat yn algemienheden. Se droech doe ek noch Wobbelke foar, mar dat gie yn it drege, holle keatslûd fan it Boalserter Godshûs kânsleas ferlern. Poepjes wie nei ôfrin sa’n bytsje de earste dy’t harsels nei bûten hastige.

Wol hiel ymposant en fermaaklik wiene de muzikale yntermezzo’s. Fan it niisneamde koar (teksten bylevere yn it programmaboekje) en miskien noch wol mear fan de twa duo’s dy’t Tsjerne en Ynskje songen. Earst de folwoeksenen, Hans Wempe mei syn prachtige mimyk en Nienke de Jong- de With, yn in bewurking troch Klaas Bruinsma. Dêrnei de bern, Sybo Boersma en Janneke Overal, yn in bewurking troch Kees van der Meer. Sa gie it net allinne oer Gysbert Japicks, mar wiene syn teksten ek op in oansprekkende wize te hearren. Koest sjen dat Abdelkader Benali, op de foarste rige, it ek prachtich fûn.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels