‘Goed zo, ga door’

Publisearre op 11 september 2016

ARJAN HUT – 

Op 24 juny wie der in yn sân hasten organisearre poëzyjûn yn Ljouwert, ta gelegenheid fan de besite fan in Malteekske dichtersdelegaasje yn it ramt fan it projekt Poetic Potatoes. Yn it neijier geane der Fryske gedichten mei poatrjappelsfan It Bilt nei Malta en yn it foarjier komme de nije rjappels (dy’t út dat poatguod groeid binne) mei Malteekske fersen werom. Ien fan de dichters dy’t oan dat projekt meidocht en op de neamde poëzyjûn  gedichten foardroech wie Bartle Laverman.

Njonken syn rjappelfers lies Laverman ek nije gedichten foar, guon dêrfan hawweyn de Moanne stien en oaren makken diel út fan de útstalling fan syn skilderijen en fersen yn de trijehoeksromte, ek by Tresoar, dy’t fan jannewaris oant maart te besjen wie. Neidat er it gedicht ‘Mienskip’ foardroegen hie, klonk der in spontaan applaus – oant dan ta hie elkenien moai wachte oant de dichters hielendal klear wiene.

 

gau-eftich learden wij de lûden

fan de boeren nei te dwaan

en harren wrede brûkmen

lykas katkneppelje

en bonkebrekke

wij wiene friezen mei de friezen

ek wij fochten foar frijheid

wij neamden ús

Hiemstra

Terpstra en

Dykstra

(fragmint út Mienskip)

 

Nei ôfrin wie der in koarte, mar smûke neisit, dêr’t ik by Bartle en syn frou Hannie oan de grutte tafel siet om wat nei te genietsjen fan in slagge jûn. Fansels wist ik wol wa’t hy wie, want meardere Lavermanbondels yn de kast, mar ik hie him noch nea earder sprutsen. Op it Media Art Festival yn novimber 2015, dêr’t filmmakkers en dichters rjappelferseklips presintearren, hie ik him ek al sjoen. It gedicht fan Laverman waard ferbylde troch Sytse Jansma.

Pesterig was Bartle Laverman, die in Goe rie de Bilkerts aanraadde de dijken maar weer door te steken (…) Met een hartenkreet als afsluiter: mar hoe dan ek/ praat net sa bryk! Sytse Jansma, een Bilkert, sloeg even melig terug met een tekenfilmpje (…) domme Bildtse aardappelkoppen krijgen plots bezoek van een betweterige Friese profeet.

(Rob Leemhuis yn de LC)

‘It tekenfilmke fan Sytse ha ’k op dy Romein-jûn foar it earst sjoen. Ik wie bliid mei syn foarmjouwing: lokkich gjin romantyske jirpeldollerij’, reagearret de pester/profeet as ik him freegje nei de gearwurking mei Jansma, grif ferwizend nei in tal oare bydragen dy’t dreaune op âlde swart-wyt bylden fan steatlik bodzjende rjappelboeren en -boerinnen.

It skriuwen fan gelegenheidsfersen of opdrachtgedichten docht er net al te dreech oer. ‘Myn Potatofers is net apart makke. Yn opdracht skriuwe wurket net by my, mar in besteand gedicht is mei in nije titel bêst yn in oare kontekst te bringen. De Keunstplysje fynt dat strafber, mar in fers of in skilderij hat by my gjin fêste betsjutting. Kinsty soms ek wol dealaitsje om wat minsken yn in wurk lêze, mar dat heart derby.’

Laverman fertelde op de Bûterhoeke dat der in nije bondel op kommendewei wie, mei in titel sokssawat as: ‘Goed zo, ga zo door, jij komt er wel!’. Nei dy jûn bin ik thús de boekekast yndûkt en yn ’e rin fan de simmer ha ik ferskate bondels út syn oeuvre (wer)lêzen, lykas it deiboekachtige Kloentsjetee, it nuveraardige Neitins en syn oant no ta meast resinte wurk, Foar elke man in eigen pake. In korrespondinsje folge:

‘Fia Adri van Hijum waard ik redakteur fan Trotwaer en fia Adri syn struktueranalyzes kaam ik yn de kunde mei de filosofy fan Wittgenstein, de man fan ast’ it ha wolst oer eat wêrst’ gjin wurden foar hast, kinsty better stilhâlde’, seit Laverman. Ik ha him frege oft er dy tiid mist en hoe’t it fielt om tsjin in fyftichjierrich jubileum oan te sitten. Hy debutearre ommers mei in fers yn 1968. Dat binne lykwols fragen dêr’t er net iens op yngiet. Hy is blykber gjin nostalgikus of weromsjogger – en gedichten útlizze, dat besiket er foaral net te dwaan.

 

(…) adri sit net boppe

adri is ek net op skoalle

adri is der net

wannear komt er wer?

in neitins

hieltyd diziger

in foto

dat is adri no.

(út “1.” Neitins, Q, 1979)

 

Oer Kloentsjetee en Neitins seit er: ‘Mei dy struktueranalyzes woene Adri en ik de besprekken yn de Fryske literatuer fan de búk nei de holle tille. It wie Wittgenstein sels dy’t fan dat formalisme ôfstapte nei in kontekstualisme: in wurd krijt pas betsjutting yn in sin, in kontekst. De Fluxus en Pop-art streamingen yn de byldzjende keunst wiene foarbyld foar Kloentsjetee. Tink oan Roy Lichtenstein mei syn útfergrutte stripferhalen en Andy Warhol mei syn foto’s út de krante op de seefdruk. De werklikheid wurdt sels keunst. Neitins is in lytse bondel oer de sabeare dea fan Adri van Hijum. De kontekst dêrfoar wie de bondel In Memoriam fan Douwe Tamminga en de fraach nei de werklikheid yn/fan de poëzij. De kwaliteit wurdt net bepaald troch it werklikheidsgehalte, dat wie it boadskip.’

As er dochs efkes weromkipet op syn eigen ûntjouwing as dichter, fynt er benammen de omslach fan surrealistyske natuerlyryk nei feitlike poëzij tusken de bondels Skimerlânskippen (1975) en Winter (1977) opfallend. It wie ek yn dy tiid dat Laverman redakteur fan Trotwaer wie. In drokke perioade. ‘Yn 1972/73 waard ik RUG-studint en gie ik fan it mearke nei de wittenskip, mar ek wichtich wiene de songs fan de Beatles. De persoanlike toan en de werklikheid yn teksten lykas fan Ob-La-Di, Ob-La-Da, A day in the life, The ballad of John and Yoko, Penny Lane, neam mar op.’

As Laverman sels gedichten lêst, hat er in foarkar foar dy fan Billy Collins, Wislawa Szymborska, Gerard Reve, Trinus Riemersma en K. Michel: ‘Gedichten dy’t ik begripe kin.’ It skriuwen sels giet him mei de jierren makliker noch dreger ôf. In fers pakt sels it stjoer, liket it wol. ‘Hoe’t in gedicht der komt is in soarte fan wûnder, by my alteast. Ik kin wol wat wolle, mar it fers hat syn eigen plan. Bygelyks sa: sjochst billboards en advertinsjes yn de krante om besikers te winnen foar de produksje GRUTTE PIER. Dat ferbynt him fansels mei dat swurd en dat krijt yn dyn kop kontakt mei it hollehakjen fan IS en sa makket de ferbylding in fers fan eleminten út de werklikheid.’

Zo sprookjesachtig zijn de andere gedichten meestal niet, die zijn eerder grimmig, zoals ‘Freeslik feest’, een lang gedicht van drie bladzijden waarin een jongetje misbruikt wordt. Er zijn meer gedichten waaruit de wreedheid van de mens spreekt: ‘Wreed paradys’ of de gedichten over opa bij Waterloo, opa bij Verdun, in Treblinka of Shanghai.

(Jelle van der Meulen oer Foar elke man in pake, Friese Literatuursite)

Yn Foar elke man in pake dûkt geregeldwei de wreedheid fan de minske yn de fersen op, lykas bernemisbrûk, eksekúsjes en ferminkings. Op it omslach in âlde foto. It is in portret fan Bartle Fortuin, de pake fan de dichter oan memme kant, ferstoarn op syn tritichste oan de Spaanske gryp.

De fersen wurde yn it neiwurd oantsjut as ‘lange bern fan fantasij’ en in nij aspekt oan syn oeuvre. ‘Ja dat kinst sizze. De ferlieding is grut om fersen út te lizzen, mar do moatst it der sa mar mei dwaan!’, ferdútst Laverman as ik him freegje oft fantasijfersen in reaksje op de wreedheid fan de werklikheid binne. ‘Ik bedoel te sizzen dat it fers as gehiel fiksje is, mar opboud út stikken werklikheid dy’t ik lêzen ha yn bygelyks de krante of sjoen op tillefyzje. Soest it fers in kollaazje neame kinne. Sa’n kollaazje besykje ik dan tichterbij te heljen troch in pake of in ik-figuer in haadrol spylje te litten.’

Ik freegje him wat mear te fertellen oer ‘Mienskip’, in fers dat klonk as gie it oer de skiednis fan de Joaden yn Fryslân. ‘De kontekst fan dit gedicht is it KH2018-gedoch mei dat wurd. Ik ha it net sa op de mienskip, benearjend. Ik bin graach frij. Ik kom ek út de stêd. Datsto it mei de skiednis fan de Joaden yn ferbân bringst, is net sa gek fansels mar dan hast de bargen fergetten dy’t meiferhuzen út fiere streken.’

 

do bist in jonkje fan de see

sei pake

sietst mei Jacobus

en in bats makrielen

yn myn net

 

(Ut Johannes en Jacobus, Foar elke man in pake, Hispel, 2012)

 

Oare fersen dy’t er al publisearre en dy’t yn de nije bondel komme, ha titels as ‘De Laverman’, ‘De oanspielder’ en ‘De Johanna’ en tille op fan de fiskers, wolven en oanspielde personaazjes. Dêrmei liket de bondel troch te gean yn de line fan syn foargonger en dat is neffens Laverman ek sa. Yn ‘De oanspielder’ fynt men in blonde noardman op de rotsen fan ‘West’. ‘Dat spilet op Tory Island, westlik fan Ierlân yn de oseaan. Sjoch Dêr’t de ko him deljout, in boek mei Tjibbe Hooghiemstra en John Brown. It ferhaal fan dit fers is hûndert persint fiksje. Alle epyske fersen yn de nije bondel binne bern fan ferbylding.’

 

úteinlik ek mei it liif

nei in eilân

fier yn de see

fan de wrâld snijt

yn de winterstoarmen

(Ut “Tory”, Dêr’t de ko him deljout, Q, 2006)

 

Abe de Vries neamt yn syn besprek fan Foar elke man dat de gedichten hielendal net lang binne, wat net strykt mei de ‘lange ferheljende fersen’ dêr’t fan grute wurdt. Net mear as fjouwer fersen binne ommers langer as ien side. De dichter as liger, dat komt by Laverman geregeldwei werom. ‘De Ingelske filosoof David Hume sei dat dichters beropsligers binne. En lige mei net, de feiten en niks oars blinder! Soks giet oer de autonomy fan de keunst. Stiet keunst los fan werklikheid en moraal, lykas Kant sei? Of moat ik mei in fers foar de Moraalrjochter komme, lykas Josse de Haan woe, de linkse rakker!’

De titel fan de nije bondel wurdt by einsluten In echte Fries. ‘Piter Boersma spruts op 24 jannewaris 2016 it iepeningswurd by myn útstalling yn Tresoar. Hy einige mei (…) der is gjin keunstner sa Frysk as Bartle; ek gjinien dy’t sa ûnfrysk is; (…) Dêrom krijt de nije bondel de titel “In echte Fries”, neamd nei it titelfers, en as subtitel: Goed zo, ga zo door, jij komt er wel.’

By dy útstalling wiene net allinne skilderijen te sjen, mar ek gedichten, grut en yn in list, dat fûn ik geweldich. De fraach dy’t by de útstalling steld waard, wie: Is der ek Fryske ferbylding? ‘Ik wit noch altyd net wat immen ta in echte Fries makket, witsto it?’, hifket Laverman. ‘Ik ha froeger leard dat taal en tinken wat mei-inoar te krijen ha. Taal makket de wrâld besprekber, men kin oer de werklikheid neitinke. In eskimo hat in soad wurden foar snie en hat sa in kompleksere snie-werklikheid as de trochsnee Amsterdammer. Hat it Frysk soks allinne yn boeresaken? Yn de nije bondel komme foto’s fan de skilderijen út de Tresoar-eksposysje tusken de fersen. Net yn in apart skift: gedicht en skilderij komme út deselde ferbylding. Is der eat mienskiplikers?’

Dan is it tiid foar in lêste fraach, oan in dichter mei hast in heale iuw ûnderfining. Stel do meist ien advys jaan oan begjinnende dichters yn it Frysk. Wat soe dat dan wêze? Laverman twifelt gjin momint. ‘Goed zo, ga zo door, jij komt er wel!’

 

Bartle Laverman, ‘In echte Fries’ Utjouwerij Hispel, 2016, €14,00

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels