• 25 mei 2016

    ARJAN HUT -  De presintaasje fan de debútbondel 'Reade Triedleas' fan Sigrid Kingma bygelyks, mei gastoptredens fan dichters Elmar Kuiper, Arjan Hut en Joost Oomen. Sjongeres Greetje Bijma wie ek wer ris yn Fryslân te hearren, sy song nij wurk basearre op gedichten fan Janna van der Meer. Boppedat wie Reinder Rienk van der Leest der. Under it kânsel, lâns de súdmuorre, stie in útstalling [...]

  • 22 maart 2016

    No woansdei 23 maart om 20.00 oere organisearret de Moanne yn gearwurking mei Museum Belvédère en Tresoar in dichtersjûn yn Museum Belvédère. Tresoar en de Moanne noadigje jo fan herte út om hjirby oanwêzich te wêzen. Christiaan Kuitwaard portrettearre tweintich Fryske dichters en gie dêrby metoadysk te wurk. Hy brûkte de camera lucida en bylde harren ôf mei de eagen ticht. De reeks waard oankocht troch Tresoar en wurdt no as gehiel toand yn Museum Belvédère. Alle [...]

  • Tsjisse Hettema

    16 december 2015

    ARJAN HUT -  Dyn lêste bondel ferskynde yn 1999. Hast gjin ferlet om in nijen gear te stallen? "Ja. Der is ek wol fraach nei, gek genôch, mar ik kom der mar net ta." Sei Tsjisse Hettinga yn in ynterview op Doar.nl sa'n tsien jier lyn. Fan't simmer ferskynde einlings wer ris in nije bondel fan Tsjisse Hettema. Hoewol, bondel? It is in rige gedichten dy't meimekoar noch [...]

  • 30 november 2015

    In fideo ynspirearre op it gedicht 'Ierappel Bossanova' fan Arjan Hut. De fideo en it gedicht meitsje diel út fan it projekt 'Poetic Potatoes' fan Stichting Bildtse Aardappelweken. Yn opdracht fan de stichting en mei stipe fan it Nederlands Letterenfonds fersoarget de Moanne de poëzij- en fideobydragen. Oantenmei 2018 wurde alle jierren gedichten ferskipe fan en nei Valetta, de oare kulturele haadstêd yn 2018. Lês hjir it gedicht [...]

  • 11 november 2015

    ARJAN HUT -  Wylst de rop om de grinzen te sluten klinkt en suver alle dagen wol ien as oare besoarge boarger yn it sjoernaal útropt dat 'hja' hjir komme om ús froulju en bern te ferkrêftsjen – want dat is de aard fan de man, de Arabier en de moslim – en de sharia yn te fieren, kaam it berjocht dat Bauke de Jong [...]

  • 30 oktober 2015

    Begjin oktober binne foar it twadde jier gedichten foar it projekt 'Poetic Potatoes' ferstjoerd nei Malta. Under tafersjoch fan wethâlder Boukje Tol fan de gemeente 't Bildt binne de gedichten fan Sannemaj Betten, Albertina Soepboer, Wilco Berga, Bartle Laverman en Arjan Hut op transport set nei Valetta. 'Poetic Potatoes' is in projekt fan de Stichting Bildse Aardappelweken yn it kader fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. de Moanne fersoarge de seleksje fan [...]

  • 27 oktober 2015

    Foar it literêre útwikselingsprojekt mei Valetta 2018, ‘Poetic Potatoes’, joech de Moanne de dichters Albertina Soepboer, Sannemaj Betten, Bartle Laverman, Arjan Hut en Wilco Berga de opdracht om in oade oan de jierpel en it Bildt te skriuwen. Fiif filmmakkers, Heleen Haijtema, Elmar Kuiper, Piter Hettinga, Sytse Jansma en Richard van der Laan, lieten har ferfolgens ynspirearje troch de gedichten en makken fiif bysûndere films dy’t [...]

  • 22 september 2015

    Op sneon 3 oktober is der in feestlike ôfsluting fan de eksposysje HAUSER fan Annemarie Estor en Lies van Gasse. 'de Moanne' en Tresoar hawwe fiif dichters frege om mei harren eigen ynterpretaasje te kommen fan it Kaspar Hauser ferhaal. Elske Kampen, Anne Feddema, Arjan Hut, Eeltsje Hettinga en Tsead Bruinja bringe jo in oere lang de moaiste Fryske poëzy! Lokaasje: Gysbert Japicx-seal, Tresoar, Bûterhoeke [...]

  • 3 september 2015

    So you want to be a writer? Charles Bukowski, Fryske oersetting Arjan Hut. Foardroegen op it UITfestival Ljouwert, 31 augustus 2015   if it doesn't come bursting out of you in spite of everything, don't do it. unless it comes unasked out of your heart and your mind and your mouth and your gut, don't do it. if you have to sit for hours staring [...]