Stapel

Publisearre op 3 september 2015

KAREN BIES – 

Ik sit by de Hema yn Drachten mei in moarnsbrochje foar in euro. Omdat der oars niks iepen is, mar ek omdat ik de Hema-kofjecorner gewoan leuk fyn. Om distiid sit dêr de trochsneed fan de Drachtster befolking. Alderein oan de kofje, pubers dy’t foar skoaltiid ôfprate, âlders mei pjutten en fierders kom ik dêr altyd deselde iensume sielen tsjin. Dat tinke se warskynlik ek fan my.

 

As wy se dêr net helpe wolle, as wy hjir ús rykdom net diele wolle, komme se hjir, om feilichheid en gelok te sykjen. Wy soene ommers itselde dwaan.

 

Meastal bledderje ik gewoan de folder fan de Hema troch of lês ik de krante op myn telefoan. Hast alle kranten hawwe deselde foto op de foarside. In jonkje fan trije jier dat leit oan de floedline fan in Turks strân. Ien byld dat alles seit oer it boatflechtelingedrama. Ik lês de reaksjes. Diederik Samsom hat der wekker fan lein. Hanna Verboom sil de souder frijmeitsje foar in Syrysk gesin. Bert Wagendorp hopet dat ek Geert Wilders by it sjen fan dizze foto empaty fiele sil. Geert Wilders warskôget foar in ‘asieltsunami’.

Ik besjoch de foto nochris. It jonkje leit op syn búk, sa’t in protte bern graach sliepe, mei de holle oerside. By dit bern lizze de hantsjes slop lâns syn lyfke. Aylan hjit er. Hy hat in blau broekje en in read T-shirt oan.

It sil de World Press Photo 2015 wurde. In ferdronken bern, de hoop op in takomst ferflein. In foto dy’t ús no einlings de eagen iepenet foar wat der oan de hân is. Minsken op de flecht foar oarloch en earmoede litte har net tsjinhâlde. As wy se dêr net helpe wolle, as wy hjir ús rykdom net diele wolle, komme se hjir, om feilichheid en gelok te sykjen. Wy soene ommers itselde dwaan. Alle âlders wolle itselde. Wêr fyn ik in hûs, wurk, iten foar myn bern? En hoe kin ik soargje dat myn bern lokkich wurdt?

Ik sjoch wer om my hinne yn de Hema-kofjecorner. In jong stel sit flak by my, mei in lyts famke yn de bernestoel. Noch gjin trije jier is se, tink ik. Har gesichtje sit ûnder de krommels fan de croissant. En se knypt yn har pakje drinken, sadat de ranja der út spat, oer de klean. Har mem wurdt lilk. “Kijk nou wat je doet! Niet knijpen zeg ik toch!” Heit faget de boel skjin en aait it famke oer de holle, dat fleurich fierder griemt.

Oer de intercom hear ik in frouljusstim: “Nu! Stapelkorting bij Hema. Dames-, heren- en kinderonderbroeken. Twee plus één gratis. Hema, stapel op stapelen!”

Kinst it rykdom neame, hjir te sitten by de Hema yn Drachten, achter in moarnsbrochje fan in euro? En dy drok te meitsjen oer ranja oer de klean, of ûnderguod yn de oanbieding? Ik wit it net. Ik ha gelok hân, dat wit ik wol.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]