De hûnen fan Pompeï

MINDERT WIJNSTRA – 

Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik krige der  in pear filmroltsjes by mei skiere swart-wyt plaatsjes: ien oer ierdmantsjes Feest in Hummeloord, ien oer Het leven derIndianen en ien oer Pompeï en Herculaneum, de twa stedsjes dy’t yn de Romeinske tiid by in útbarsting fan de Vesuvius bedobbe wiene ûnder  jiske, púmstien en lava.

Ut en troch hold ik bioskoop oan hûs. Fanwege myn leeftyd en dy fan de doelgroep, myn publyk om samar te sizzen, moast de foarstelling wol oerdei fertoand wurde. It probleem wie lykwols dat it oerdei by ús yn ’e hûs net tsjuster genôch wie, dat der siet neat oars op as ik moast mei publyk en al yn in bedsteekast krûpe om myn keunsten te fertoanen.

Ik presintearre it programma mei gefoel foar teater en berekkene op it maksimale effekt: earst it suffich tekene ferhaaltsje oer de kabouterkes, dan de plaatsjes uit het leven der Indianen en ta beslút as dramatyske klimaks: de bylden fan Pompeï en Herculaneum mei as absoluut hichtepunt it plaatsje fan de ferstienne hûn. De gipsen ôfdrukken fan minsklike slachtoffers makken noch net heal safolle emoasjes los as dy fan de hûn. It earme bist lei oan in ketting, en dat wie syn dea wurden. Hy koe gjin kant út doe’t it hûs ûnder de jiske bedobbe waard. Hy koe allinnich klimme, hieltyd heger, hieltyd wer op in nije laach gleone jiske, mar om’t de ketting net lang genôch wie, hie er op it lêst belies jaan moatten.

En sa waard er opgroeven, krapoan twatûzen jier letter, yn deastriid oan de ketting dy’t in pear meter ûnder him fêstsiet. Mei dat byld einige ik alle kearen op teatrale wize de foarstelling en it makke sûnder mis djippe yndruk op myn jeugdich publyk. Gjin wûnder dat ik letter ferhaleferteller wurde soe.

Koartlyn, sa’n fyftich jier âlder, stie ik einlings sels yn Pompeï. Ik haw him net sjoen, myn hûn. Pompeï is grut, 66 hektare mar leafst, en noch net iens alles is opgroeven.

Wat ik wol sjoen ha, binne de hûnen dy’t no yn Pompeï libje. Dy hâlde de tradysje fan harren yllústere foargonger yn eare. Gjin minske weaget him nachts op it terrein fan de opgravings, want in hiele koloanje hûnen hâldt dêr de wacht. It binne de hjoeddeiske bewenners fan Pompeï.

It binne gjin swerfhûnen, se wurde goed fersoarge, fuorre en sterilisearre. Se hawwe har folslein oanpast oan it libben op de opgravings. Allegearre hawwe se in tatoeaazje mei PO op it liif. De gidsen neame de hûnen de histoaryske bewenners en se kinne se allegearre by namme. Sa is dêr La Française, in hûntsje dat allinnich Frânske toeristen folget. De eigner, dy’t har achterlitten hat, spriek blykber Frânsk.

De measte toeristen dy’t troch Pompeï dwale, hawwe niget oan de hûnen. Japanners sette se it útskatterjend fan it laitsjen op ’e foto as wienen it topmodellen; oaren litte wat jild achter om foar de bisten te soargjen. In Amerikaansk frommiske makke sels safolle dollars oer dat Stellina, in lyts ferskoppelinkje, operearre wurde koe oan in eachsykte. It hûntsje waard better, mar de gidsen neame har noch altyd Cecatella: de lytse bline.

In grut part fan de hûnen fan Pompeï binne achterlitten troch pilgrims dy’t yn maaie te foet nei it hillige Mariabyld komme. Se gean dan mei de bus of mei de trein werom en litte de hûn achter yn de tún fan it hillichdom. Dy nijkommers wurde opfongen yn in asyl dat oprjochte is troch Mariet Samson, in Nederlânske frou dy’t al langer as 25 jier yn Pompeï wurket en rûnliedings fersoarget.

Har asyl wurdt ‘gedoogd’ om it yn geef Frysk te sizzen, want feitlik is it dêr yllegaal. Om foar erkenning en foar subsydzje yn oanmerking te kommen, moat it asyl in betonnen flier ha, mar dat kin yn Pompeï net om’t ek it terrein fan it asyl potinsjeel opgravingsgebiet is. Dat se moatte mar sjen hoe’t se útkomme en mei eigen middels de bisten ûnderhâlde. It asyl fan Mariet Samson wie ornearre foar sa’n 75 hûnen, se hat der op dit stuit al 150 sitten. Foar de pylgers nei de hillige maagd heart de hûn blykber net ta de skepselen Gods.

Gelokkich foar dy earme bisten binne der dan altyd wer sokke minsken as Mariet Samson en oaren, bygelyks -ik moast dêr oan har tinke-, frou Steehouwer út Snits. Se wie learares klassike talen oan de RSG -it Magister Alvinus – en reizge alle jierren mei de eksamenklasse fan it gymnasium nei Rome. Yn har tas -folle mear hie se net by har- siet steefêst tee foar ûnderweis en kattefoer. Kattefoer foar de swerfkatten fan Torro Argentina, it plein yn Rome dêr’t swerfkatten opfongen wurde. Hat se ea in lintsje hân?

Mariet Samson wie ús gids yn Pompeï. Se waard by har rûnlieding beselskippe fan trije hûnen: Claudio, Benito en Tommy. Sa gau as Mariet stil hold om ús wat te fertellen, joegen de bisten har del en leinen wat te slûgjen yn de sinne. Mar ús gids hie de lêste wurden fan har ferhaal noch net útsprutsen of Claudio, Benito en Tommy kamen oerein en sjokten foar ús út nei it folgjende objekt. Se koenen de hiele rûnlieding út de kop. Der binne bisten dy’t de taal fan de minske ferstean. It is mar goed dat der ek minsken binne dy’t de taal fan de bisten ferstean.

 

Dizze kollum stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 9, 2008

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.