• 17 december 2015

    Jiergong 2015 is ôfsluten op papier, mar op ynternet gean wy sels gewoan troch. En de tariedingen foar it earste nûmer fan 2016 binne yn folle gong. Dat nûmer sil begjin takom jier alwer by de abonnees troch de brievebus falle. Ek in abonnemint? In abonnemint kado jaan in proefabonnemint nimme? Sjoch hjir foar de mooglikheden. Ynhâld nûmer 1 - 2015 Ynhâld nûmer 2 - 2015 Ynhâld nûmer [...]

  • 1 december 2015

    Dizze boeken bespruts Ernst Bruinsma sneon yn it programma ‘Op en út’ mei diskear Gurbe Douwstra. Live fanút kafee De Bak yn Ljouwert: - Ferdinand de Jong, De Nova Scotia staazje. Bornmeer, 2015. - Nyk de Vries, Renger. De Arbeiderspers, 2015.    

  • 25 november 2015

    EELTSJE HETTINGA -  Sa, dy sit! De Gerrit Benner-priis foar skilder-keunstner Sjoerd de Vries. Dizze twajierlikse priis fan de provinsje Fryslân dy’t him justerjûn yn it Fries Museum útrikt waard, krijt er foar syn hiele oeuvre. En mei rjocht. Yn in ôfladen folle foyer liet sjueryfoarsitter Ruud Schenk, konservator moderne keunst by it Grinzer Museum, witte: ‘Het kunstenaarschap van Sjoerd de Vries is te karakteriseren [...]

  • 11 november 2015

    FROUKJE SIJTSMA -  Op de 36ste edysje fan it Noardlik Filmfestival (NFF) yn Ljouwert binne tusken 11 en 15 novimber rom 150 films en dokumintêres te sjen. It is it resultaat fan hast in jier hurd wurkjen troch ûnder oaren programmeur Fredau Buwalda. It is no foar de twadde kear dat Fredau (29 jier) it programma gearstalt foar it NFF. De ideale baan as filmspesjalist. [...]

  • 11 november 2015

    SYDS WIERSMA & RIK KLAVER -  Yn de keunsten spilet it ‘hillige moatten’ faak in wichtige rol. Ek by filmmakkers. Dat kin maniakale trekken oannimme. Om in ljocht skine te litten op de passionearre en foar bûtensteanders faaks kranksinnige relaasje dy’t guon filmmakkers mei har ûnderwerp hawwe, hat it Fries Film Archief dit jier Filmmania as tema keazen foar it argyfprogramma op it Noardlik Film [...]

  • 3 november 2015

    SJOERD BOTTEMA -  Yn it djippe suden fan Kanada stiicht in fûgeltsje op foar de tocht oer de see, nei it fêstelân fan Europa, in reis dy’t syn einbestimming fynt by, of all places, it Einumer Wiel, in kwelderdobbe yn ‘e omkriten fan Einum, in buorskip yn in ferlitten úthoeke fan noardlik Fryslân. It is in unikum, de reis fan it fûgeltsje, noch noait earder [...]

  • 2 november 2015

    ELSKE SCHOTANUS -  Yn in prachtich dekôr yn de nije grutte teaterseal fan De Lawei fiert Tryater har fyftichjierrich jubileum mei Grûn, in foarstelling dy’t likernôch fjouwer oeren duorret. En dêr sit dan ek daliks de krityk, want fjouwer oeren blike in lange sit as it yn de seal al foar’t de foarstelling begjint om te smoaren sa hyt is. Grûn is in kronyk fan [...]

  • 27 oktober 2015

    Foar it literêre útwikselingsprojekt mei Valetta 2018, ‘Poetic Potatoes’, joech de Moanne de dichters Albertina Soepboer, Sannemaj Betten, Bartle Laverman, Arjan Hut en Wilco Berga de opdracht om in oade oan de jierpel en it Bildt te skriuwen. Fiif filmmakkers, Heleen Haijtema, Elmar Kuiper, Piter Hettinga, Sytse Jansma en Richard van der Laan, lieten har ferfolgens ynspirearje troch de gedichten en makken fiif bysûndere films dy’t [...]

  • 12 oktober 2015

    Bêste Koos Tiemersma, achte oanwêzigen, Yn it foarste plak graach myn hertlike lokwinsk, út namme fan de Fryske Akademy, oan de bekroande skriuwer fan hjoed, Koos Tiemersma alias Froon Acker, mei de Gysbert Japixc-priis 2015, him takend foar syn lêste roman, 'Einum'. 'Einum' is in besûnder boek, en dêr woe ik hjir graach trije dingen oer sizze. It earste besûndere is, dat 'Einum' in e-book is [...]