Protestbrief skriuwers

Publisearre op 25 juni 2013

Oan Jannewietske de Vries, Dep. Kultuer Fryslân – Ljouwert
Pieter Steinz, Directeur Nederlands Letterenfonds – Amsterdam
Bert Looper, Directeur Tresoar – Ljouwert

Hendaye-Frânsk Baskenlân/Ternaard-Fryslân, 25 juny 2013.

Achte De Vries, Steinz en Looper,

wy – in tal Fryske skriuwers – ha mei ferbjustering kennis nommen fan de list fan 10 Fryske boektitels sa’t dy op de Frankfurter Buchmesse yn de hjerst fan dit jier presintearre wurde sil.
It hat derfan dat Alpita de Jong de list gearstald hat op grûn fan eigen foarkar en smaak. Promoasje fan Fryske literatuer soe net ôfhinklik makke wurde moatte fan ien persoan.

Moderne Fryske literatuer kin op de Buchmesse nei foaren komme mei in breed oanbod poëzy en proaza (ferhalen, romans, berneboeken). Dat is net bard – wy ha dus krityk op de list en sa’t dy ta stân kommen is:

1). 2 boereromans mei de tematyk út it begjin fan de 20e ieu ha mei modern Frysk proaza neat te krijen (resp. 73 en 75 jier lyn ferskynd);
2). De 3 ferhalebondels jouwe mar ien aspekt fan moderne Fryske ferhaalkeunst, boppedat hawwe bûtenlânske útjouwers net sa’n ferlet fan ferhalen;
3). Moderne romans komme net foar yn de list fan 10 wurken. Krekt dy romans binne ynteressant foar útjouwers – dy ynvestearje boppedat leaver yn skriuwers fan mear as ien of twa wurken;
4). Wy jouwe de foarkar oan wurk wêrfan’t de skriuwers sels noch in bydrage leverje kinne oan de promoasje.

Mei it each op in eventuele Kulturele Haadstêd yn 2018 is it saak modern literêr wurk yn oersetting klear te hawwen. Wy tinke dat in part fan dizze tsien titels de Fryske literatuer earder skea as goed dwaan sil. Negative effekten moatte tefoaren kommen wurde.

Wy freegje jimme de list fan titels te feroarjen en moderner te meitsjen.

Mei achtinge,

Josse de Haan,
Willem Schoorstra,
Cornelis van der Wal,
Abe de Vries,
Sjieuwe Borger,
Elske Schotanus,
Henk van der Veer,
Wilco Berga,
Anne Feddema,
Job Degenaar,
Bennie Huisman,
Jan Schotanus,
Meindert Bylsma,
Koos Tiemersma,
Ate Grypstra,
Martsje de Jong,
Bart Kingma,
Auck Peanstra,
Ferdinand de Jong,
Daam de Vries,
Reinder van der Leest,
Jitske Kingma,
Arjan Hut,
Benny Holtrop,
Marga Claus,
Anny de Jong,
Piter Boersma,
Jacobus Smink,
Joop Boomsma,
Douwe Kootstra,
Willem Tjerkstra,
Baukje Wytsma,
Sietske de Jong

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels