Foar de feestdagen: boeken!
MARTSJE DE JONG – Om kado te jaan, foar ûnder de krystbeam of om mei ûnder in tekken te dûken. Boeken! En dat foar in kat Libbensskôging troch Bonne, in boarre dy’t yn syn njoggende en lêste libben sit. Hy fertelt oer de minsken dy’t er yn al dy libbens trof, leave en wrede. […]
Oersetten is in behâld foar minderheidstalen
MARTSJE DE JONG – Jane Eyre, it wrâldferneamde ferhaal fan de jonge faam dy’t nei in ûngelokkige jeugd as gûvernante yn tsjinst komt by de eksintrike Edward Rochester op Thornfield Hall en dêr yn in dekôr fan dramatyske barrens folwoeksen wurdt en de leafde ûntdekt, is nei hast hûndertsantich jier einlik ek yn it Frysk […]
Styfmem ierde is noch altyd aktueel
MARTSJE DE JONG – Yn augustus 2020 publisearre heechlearaar rurale sosjology Jan Douwe van der Ploeg in wiidweidich artikel oer de roman Styfmem ierde fan Theun de Vries yn it Ingelsktalige Journal of Peasant Studies, in ynternasjonaal wittenskiplik tydskrift dat him rjochtet op de maatskiplike posysje fan boeren, lânarbeiders en migranten. It Journal of Peasant […]
BoekWinterBoek: der is muzyk, der binne ferhalen …
ELSKE SCHOTANUS – Maltsje de Ridder-Jansma har ferslach fan BoekSimmerBoek – in jûn, 21 juny 2019, mei rom omtinken foar proaza – slút ôf mei de wurden ‘Op nei BoekWinterBoek?’ Fiif skriuwers skreaune in koart ferhaal en liezen it foar, der wie in goed stikje muzyk, der wie in flaubyt, Boeken fan Fryslân wie der […]
Tsjoene mei inket
PAUL VAN DIJK – Op in waarme moandeitemoarn folgje ik de kronkeldyk dy’t nei Atelier de Frije Wyn liedt. Dat is de namme fan de buorkerij yn Allingawier dêr’t keunstner Frâns Faber (1950) en syn frou Minke tahâlde. Njonken syn frije wurk (grafiek, skilderijen), is Frâns Faber al jierren warber op yllustratyf mêd. Hy makket […]
As de sinne lang om let ferdwynt achter de Tjaardaflats
MALTSJE DE RIDDER-JANSMA – Op de langste dei wurdt yn kafee Marktzicht yn Drachten nota bene it koarte ferhaal yn it sintsje setten. In inisjatyf fan oersetster Martsje de Jong en skriuwster Hilda Talsma, ek om it gat dat yn de jierlikse Fryske boekemerke fallen is op in oare manier op te foljen. Fiif renommearre […]
Ventoux yn it Frysk
SJOERD BOTTEMA – Yn 2013 waard de Stichting Utjouwerij Regaad oprjochte. Doel fan dy stichting is Frysk lêzen te befoarderjen troch it útbringen fan oersettings fan boeken dy’t in grut publyk (benammen jongeren en jongfolwoeksenen) oansprekke. Dat soks it gefal is mei Ventoux fan Bert Wagendorp hat de Nederlânske ferzy wol bewiisd. Regaad, moai […]
De GFR
TJITSKE VAN DIJK – Spannend, dat is it. In boek dat ik goed kin en dat ik geregeld foarlêzen ha oan de klassen dêr’t ik foar stien ha. Welke juf net? En dan no yn it Frysk? As it mar net ôffalt … Gau-gau sjoch ik foaryn nei de list mei persoanen dy’t foarkomme yn […]
Besprekstek, in ‘startpagina’ foar resinsjesykjen
SITO WIJNGAARDEN – Koartlyn ferskynde op Facebook in resinsjeside mei de titel ‘Besprekstek‘. In inisjatyf fan oersetter Anne Popkema. “Dit stek is ornearre om resinsjes fan Frysktalige literatuer op te finen en te pleatsen. Jim kinne sels in resinsje pleatse, ferwize nei in resinsje op in oar plak op it ynterweb, of dy resinsje hjir […]