De myte fan it Bilt omearme

ABE DE VRIES – 

Stimd slik hjit de bondel gedichten, skilderijen en foto’s dy’t dichter Hein Jaap Hilarides en byldzjend keunstner Hendrik Elings ferline jier yn it noardlike waadljocht útjûn hawwe. In Biltse titel foar in boek dat de noard-Fryske kust besjongt: de swiere klaai, it bûtendykse lân, de fiere útsjoggen, de leechte, it neat. ‘Stimd’ kin hjir betsjutte ‘op klank brocht’, mar ek: ‘in stim jûn’. En miskien ek, yn it Nederlânsk, ‘stemmig’, yn de betsjuttingen fan sober, earnstich, dimmen.

Yn de bondel – prachtich foarmjûn en útfierd troch Monique Vogelsang, hardcover, oblong formaat – is ek in lyts tal petretfoto’s fan de beide Bilker keunstners opnommen, makke troch Henk Bleeker, en ‘bûtenfoto’s’ fan Frans Foekema. Sfearysk, sterk diafragmearre, swart-wyt – it waait en it reint. Op it Bilt is it altyd oankrûperswaar.

 

De lêzer en de sjogger kinne dêr fan meitsje wat se wolle, se kinne har eigen lânskippen deryn of deroerhinne lizze.

 

Dit is de bertestreek fan Hilarides en Elings. In keale krite, in lege polder, dêr’t de wyn him noait deljout en dêr’t de minske óf noait wer wei wol, óf al betiid de flecht nimt nei freonliker oarden. Foar it duo – dat ek yn de muzyk gauris gearwurket – is it Bilt foar-, achter- en ûndergrûn. Elings lit benammen it bûtendykse lân sjen yn brede, ympresjonistyske skilderijen dêr’t ierde- en loftkleuren de oerhân hawwe en floeiend yninoar oer rinne. Syn brede Bilt hat gjin dúdlik ôftekene wolken, gjin dúdlike skieding tusken lân en loft en fynt gjin hâldfêst yn beammen, huzen of pleatsen: it is in sfear, in perpetuüm mobilé. Dêrby falt op dat syn skilderijen in stik ‘sêfter’ fan toan wêze wolle as dat lân en loft hjir faak binne – as seagen wy net nei Súd-Noarwegen mar nei Súd-Frankryk. De faak fûle tsjinstellingen binne ophefd. In sinne, sinneljocht, dat bleatleit en oanwiist, is der net. Stik foar stik binne it skilderijen fan in neimiddei, in betide jûn: panorama’s fêstlein yn it dimmene ljocht fan lette, stille simmerdagen.

Hilarides syn fersen hawwe mei Elings syn skilderijen it ympresjonisme mienskiplik, mar se binne tagelyk hurder, konkreter en ierdsker. Hjir hingje deasketten hazzen oan balken: ‘Foor’t se strúpt worden hongen se / ’n hutsy met de kop omdel. / De skutkleurfacht geef, bloed an de / snút, ’n Luwterkrant op ’t beton.’ De fersen binne twatalich, Bilts en Hollâns. Hieltyd is der in ‘ik’ dy’t him ferhâldt mei it lânskip, inkeld ris ek mei in ‘do’. It lânskip smyt bylden op, ympresjes, mar jout ek mear filosofyske aksinten:

 

Ik ben blij dat ik er om kan grijnzen

me er dood om grijnzen kan;

repetitie de redding van de mens,

’t tij houvast, de tijd slibt aan, eeuwen,

Schelpen, zeegras; onhoorbare muziek van

planten en plant eten: onbedoeld doel van

de geestelijke voltooiing van de mens.

 

Ek is Hilarides in ‘weromkommer’ yn dizze fersen: hy komt werom yn in lânskip – en in ferline – dat er ferlitten hie, dêr’t er út wei ferhuze: ‘Ben ik verhuisd door een gebrek aan bevlieging, aan gare aardappels?’ Hjir en dêr bringt er parallellen oan tusken it wurkjen op it lân – de ‘core business’ fan de Biltse boer – en it skriuwen fan fersen: ‘Ik zet de taal naar mijn hand. / Ik scheur woorden middendoor’. It weromkommen is yn in gedichtebondel fansels in weromkommen yn taal, mei taal, troch taal. Sa kin de poëzij hjir ek fûn wurde yn it reizgjen fan de eagen, hieltyd fan it Bilts nei it Hollâns, of oarsom.

De bondel slút ôf mei in neiwurd fan sjoernalist Bonne Stienstra, dy’t him weaget oan in bespegeling oer it ferbân tusken de Biltse grûn en it karakter fan ‘de’ Biltker: ‘Het lijkt, maar misschien wil ik dat graag, dat de ruimte, de meedogenloze wind, de kale klei in januari, de weelderige landerijen in augustus in direct verband staan met het aard van de Bilker. Natuurlijk, het zijn ook de genen die hen maken tot wat ze zijn. Maar de elementen, wat doen die met de overlevers?’

Stimd slik jout in protte yndrukken, oansetten, bylden, losse gedachten – allegear yn it ramt set fan in bysûndere Fryske krite mei in eigen taal. Ik tink lykwols net dat Hilarides en Elings it ‘werklike’ Bilt werjûn hawwe, it ‘wiere’, it ‘echte’ – want dat bestiet ommers et. Fan harren Bilt bliuwt benammen in ympresje oer: in ferfloeiende kleur, in deade hazze, in nije ierdappel. De lêzer en de sjogger kinne dêr fierder fan meitsje wat se wolle, se kinne har eigen lânskippen deryn of deroerhinne lizze.

Dy iepenheid, dy tagonklikheid makket mei it oantreklike fan it projekt út, mar draacht tagelyk in swakte yn him. De beheining fan in strange foarm, dy’t foar spanning, konfrontaasje en ferrassing soargje kinnen hie, ûntbrekt sawol yn de fersen as yn de skilderijen. It lânskip tsjinnet yn Stimd slik om in ivichheidsfielen mei stal te jaan en oer te bringen. It Bilt is úteinlik benammen de grutte leechte dêr’t de minske wat fan de ûneinichheid fan romte en tiid ûnderfine kin. Mar datselde lânskip hat in sterk ‘makke’ karakter (it is polderlân en troch boeren en arbeiders byinoar bewrotte grûn) en ek de skôger derfan is ‘makke’, hat in eigen identiteit, ferline en problematyk. Dy beide polariteiten krije yn dizze yn prinsipe ympresjonistyske oanpak folle minder omtinken, as ik it goed sjoch, as in omearming fan de myte fan it Bilt.

 

Hendrik Elings, Hein Jaap Hilarides, Stimd slik. Schilderijen – gedichten (Uitgeverij Louise, Grou 2014)

Comments
Ien reaksje oan “De myte fan it Bilt omearme”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.