Heilsteat

Publisearre op 17 februari 2015

Achte hear Van Dieren,

Yn de fjirde klas wie it, of miskien de fyfde, dat wy op skoalle yn de kunde brocht waarden mei it ‘Proletarier aller Länder, vereinigt Euch!’ Troch sa’n passionearre skiednisleraar dêr’t ik spitigernôch allinnich de achternamme noch fan wit: Bok. Menear Bok ferflocht de histoarje graach mei prachtige beskôgings oer sosjology, polityk en filosofy. Logysk dus dat Marx in favoryt ûnderwerp fan him wie.

En sa learden wy fan de ‘wetmjittichheden’ fan Das Kapital: ûntwikkelings yn de maatskippij ferrinne allegear fia in fêst patroan. These-antithese-synthese. Elts nij idee – these – kin rekkenje op in reaksje, de antithese. As resultante fan it konflikt tusken these en antithese ûntstiet der in oplossing of in kompromis, de synthese. Dy synthese is likehurd wer in folgjende these dy’t in nije antithese opropt; dat giet almar troch oant we stadichoan útkomme by de heilsteat. Sa.

 

Earst moat der in klassike clash komme kinne tusken ‘foar’ en ’tsjin’ gasboarrings flak foar in Waadeilân.

 

Dy heilsteat is neat wurden, mar it paad fia these-antithese-synthese is fansels in glêshelder patroan dat oeral wurket. Thús mei de bern: sy wolle de hiele nacht op stap, wy fine dat se op tiid thús wêze moatte, en nei in stevige diskusje komme we ta in kompromis. Of yn it grut: in yndustrieel komt mei in megalomaan plan, de befolking is tsjin, en oan kundige bestjoerders de taak om mei in synthese te kommen. En as dat net slagget is der altyd noch it synthetyske fermogen fan eksterne deskundigen of in rjochter. Sa wurde al ieuwenlang lestige besluten naam.

Mar dat patroan komt slyt op. We sjogge hieltyd faker dat handige ûndernimmers, slûchslimme politisi of kommunikaasje-engerds de angel út dit yntrinsyk weardefolle konflikt helje wolle. Dy posysjonearje har plan net as these, mar presintearje streekrjocht de synthese. Mei sympatike hânrikkings yn de foarm fan klankboerdgroepen, partisipaasje-mooglikheden en kompinsaasje-fûnsen besykje se in klassike striid tusken pros and cons te mijen.

Dat klinkt net ûnaardich, de inisjatyfnimmer makket ommers fuortdalik in beweging nei de ferûnderstelde tsjinstanner ta: ‘Wy begripe jim en wolle jim temjitte komme.’ Mar it doocht net. Want mei dy opstelling twingt hy de tsjinstanner om ek fan begjin ôf oan syn posysje te ferlitten en op te skowen nei it midden ta. Te sizzen: ‘As it dochs trochgiet kinne we mar better meiprate, dan ha we der noch wat oan.’ En sa sit hy finzen yn it kamp fan de inisjatyfnimmer en wurdt it tsjinlûd fakkundich oer de mûle slein.

En de tsjinpartij, dat is faak it folk. Want nije ideeën dy’t grutte ynfloed ha op de maatskippij, de theses, dy komme meastentiids fan kreative of brutale ûndernimmers, projektûntwikkelders of ambisjeuze regearders. It kapitaal. It folk kin dan útsoarte net oars as de antithese opsykje.

As him dy gelegenheid dan ek noch ûntnommen wurdt, wurde him syn wapens út hannen slein en fielt it folk him ûnmachtich. En dat jout ûnbehagen. Sa gie dat mei ‘Fryslân foar de Wyn’, sa gie dat mei de komst fan it jiskefabryk en withoefolle oare ûnsillige plannen. Der wurdt from scratch al safolle syntetysk wikseljild op tafel lein dat it folk hast net mear ‘anti’ wêze kin, wylst it oan alle einen en kanten rûkt dat it doel fan de inisjatyfnimmer is om sa ticht mooglik by syn eigen these út te kommen. It folk komt klem te sitten: de tastutsen hân ôfslaan is jinsels bûtenspul sette, mar him oannimme is fûstkje mei de duvel.

Dêrom begryp ik hiel goed dat se op Schylge jo wurk net wurdearje, hoe goed en goedbedoeld jo krewearjen miskien ek is. Jawis, jo kinne in machtich soad betsjutte yn de striid tusken in oaljemaatskippij en it folk. Mei jo kennis, jo netwurk, jo fermogens, binne jo miskien wol de perfekte man om straks ta in goeie synthese te kommen. Om it bêste der foar it eilân út te heljen.

Straks, mar no noch net.

Want earst moat it folk de gelegenheid krije om syn eigen gedachten op te meitsjen. Earst moat der in klassike clash komme kinne tusken ‘foar’ en ’tsjin’ gasboarrings flak foar in Waadeilân. En as Tulip Oil en de Schylgers der ûnderling net út komme, dan is it oan de polityk om ta in beslút te kommen. En mocht dy it ek net witte, of net oandoare, dan kinne se altyd de help ynroppe fan deskundige swiergewichten lykas jo.

Dan, dus. As it oan de synthese ta is. Earder net. Jou earst de proletariërs de gelegenheid om har te ferienigjen en út te sprekken. Wa wit komme we dan ea nochris út by watfoar heilsteat dan ek.

 

Bart Kingma

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Bêste Hadeskabir*, Nea net nei Lissabon west, mar yn de gedichten fan Jan Jacob Slauerhoff ha ik stadichoan aardich meters makke. Seit syn namme dy [...]

  • Kategory: Brief,Kollum

    Achte hear Samsom, Miskien is it de leeftyd. Jo en ik binne suver like âld en ik ha der ek wolris lêst fan. Dat ik der [...]

  • Kategory: Brief

    Bêste Daan, Dat wie in ynteressante diskusje fannewike, oer de pick up keunsten fan Julien Blanc. Yn seminars en op syn website www.pimpingmygame.com leart er [...]