Groeipotinsje yn de provinsje

Publisearre op 27 februari 2015

ARJAN HUT – 

“Do dochst alles op entûsjasme en sa giest troch en troch oant it net mear kin”, sei Grytsje Klijnstra op in gegeven stuit. It petear, dat net al te flot losbrekke woe, gie oer Kulturele Haadsted 2018 en de (ûntbrekkende) kulturele fyzje en it (noch ûndúdlike) belied foar nei 2018. Klijnstra wie de jongste oan tafel, dêr’t ek Academie voor Popcultuur-directeur Albert van der Kooij en Omrop Fryslânman en kollumnist Bart Kingma sieten. Ernst Bruinsma, einredakteur fan de Moanne, presintearre. “Goh, do bist folle synysker as ik tocht”, glimke er nei Klijnstra, dy’t gelokkich in part-time baan by it Frysk Museum njonken har kultureel ûndernimmerswurk hat.

Trije kulturele ûndernimmers sieten der, of gasten dy’t yn alle gefallen aktyf binne op it snijflak fan keunst, kultuer en kommunikaasje, de ien wat mear beliedsmjittich, de oar wat mear as skôger of produsint. It wie de tredde edysje fan ‘Een Trein Later‘ yn de boppeseal fan Kafee Wouters. Bûten ried de iene nei de oare bus foarby yn in fine mist dy’t somtiden oansette ta rein. Der wienen spitigernôch net in soad minsken dy’t it ûnlijige waar oandoarden, alteast, inkeld fjirtjin besikers hienen de tocht weage foar “Een uurtje ongedwongen luisteren naar enthousiaste sprekers over boeken en cultuur.”

 

Ljouwert is in kulturele hotspot. Mar is dêr wol plak foar?

 

Entûsjasme wie der earstoan ek wol. Albert van der Kooij bygelyks, fertelde oer wat him as direkteur safolle yn it bûtenlân brocht (kontakten lizze) en wat syn akadeemje docht (opliede ta ‘artistic professional’, in Ingelske term dy’t rûchwei oerienkomt mei ‘kultureel ûndernimmer’) al slagge it him net hielendal om yn gewoane minsketaal oer popkultuer en allerhanne projekten te praten. Op de fraach fan Bruinsma wat popkultuer no krekt is, helle van der Kooij sân definysjes oan en dêrby in achtste, dy’t seit dat de earste sân allegear jildich binne. It holp net dat Klijnstra dêrnei wat fertelle moast oer SKIMER, in foar de man mei de pet wat ûngrypber projekt dat ûntstie nei oanlieding fan in wat kryptyske oprop fan Tresoar. By einsluten sieten in tal Fryske kultuerûndernimmers in skoft op IIslân om it lokale bewustwêzen te dielen yn in ynternasjonaal ramt.

Bart Kingma kaam der dreech tusken. Hy hat syn baan by de Omrop, dêr’t er skriuwt oan dramasearjes foar jongerein. It falt ûnder skoalle-tv en de Omrop hat no ienkear de opdracht om dy programma’s te meitsjen, sa ferdigene hy himsels op in opmerking dat de lokale stjoerder it benammen ha moat fan sechtstigers. “It is net hielendal stil op strjitte as wy útstjoere”, erkende Kingma mei in grap. “Mar wy wolle graach wat meitsje dat ek bûten skoalle-tv moai is om te sjen, in programma dat ek nijsgjirrich is foar heit en mem, dêr’t men mei it gesin nei sjocht. At men seit fan ‘wat moai foar regionale begrippen’, dan fielt dat as in mislediging.”

It finen fan (benammen) goeie, jonge akteurs is in probleem. “Dejingen dy’t ambysje ha, dy bliuwe hjir net, dy geane nei toanielskoallen bûten Fryslân. Wy moatte guon hjir echt in perspektyf oanbiede, sjen litte wat wy te bieden ha.” Dêrmei foarme it ferhaal fan Kingma in opfallend kontrast mei dy fan Klijnstra en van der Kooij. Kultureel ûndernimmers binne der wat langer wat mear en ek  ‘artistic professionals’ op it mêd fan popkultuer is gjin tekoart oan. En krekt troch Kulturele Haadstêd bliuwe lju dy’t oars út Ljouwert wei soene, dochs noch mar efkes hingjen. Dêrby komme oaren werom en lûkt de Fryske haadstêd ek in soad jong keunstnerfolk fan bûten oan. Ljouwert is in kulturele hotspot. Mar is dêr wol plak foar?

Is der wol groeipotinsje yn de provinsje? Finansjeel yn alle gefallen net. By de provinsje sit de boel op it slot en de potsjes fan de gemeente Ljouwert wurde ek allinne mar minder.

Tsjinwurdich binne der allerhanne mooglikheden om sels fan alles op te setten. Men hoecht net mear by de direkteur fan in ynstitút del. “Der binne tefolle minsken foar te min wurk” sei Kingma. “Der komme hieltyd mear om yn deselde fiver te fiskjen, mar de fiver wurdt net grutter” neffens Klijnstra. Van der Kooij neamde Harmen van der Hoek en Sjoerd Bootsma as suksesfolle kulturele ûndernimmers fan no. Ljouwert is mar lyts, wat der organisearre wurdt, komt fanút in hiel lyts klupke, dat har eigen netwurk ynset en der sit fierder gjin grutte omset of opbringst yn. Foar de measten bliuwt der neat oan de strykstôk hingjen. “De skjinmakker fan in festival fertsjinnet mear as de artyst”. Klijnstra wurke oars in soad foar lokale festivals, mar is dêr mei ophâlden. “Moai om te dwaan, mar it kostet in soad tiid en by einsluten kin it net út. Men moat ek ite.”

Van der Kooij hat wol yn de gaten dat Ljouwert te lyts is. Der is spanning tusken de opkomst fan it regionale en de needsaak fan it ynternasjonale.”Wy besykje de regio’s bymekoar te bringen. In hiel soad minsken wolle yn de regio in hiel soad ûndernimme, mar moatte dy aanst allegear konkurrearje mei Bootsma ensa?” Dêrfandinne dat de studinten oan de Akademie voor Popcultuur har ynternasjonaal oriïntearje. “Wy ha al meardere projekten rinnen yn Europa, dêr’t wy sels yn mei-ynfestearje en dy kontakten kinne oaren ek op ynheakje.”

“De ynternasjonale bril is rjochte op Ljouwert en it wurdt dêrmei makliker om jild út Brussel en Den Haach foar ús regio los te krijen. Alle doarren geane iepen”, sa ferwachte wethâlder Kulturele Haadstêd en Kultuer Feitsma, ien fan de taharkers. Ate de Jong, earder fan Tûmba, fûn noch net dat KH2018 brûze yn de stêd, al hielendal net ferliken mei it entûsjasme foar Cambuur. “Ik ha noch net wat fan, dêr sjoch ik nei út …” Bart Kingma kountere mei “It brûzet mear as tsien jier lyn”. Douwe Kootstra: “De Omrop hat der ek jild foar krige, dus brûze!”

By einsluten kaam it begryp ‘ûndernimmer’ ûnder fjoer te lizzen. “Wurdt it net tiid om de ûndernimmersloftballon te devaluearjen?” frege Ate de Jong. En Gelly Talsma, dy’t al jierren mei de namme De Culturele Onderneming wurket, frege har ôf oft se net fan etiket feroarje moast. Wurdt ‘ondernemer’ krekt as ‘mienskip’ in besmet wurd? “De hiele opset, de partisipaasje, it stimulearjen fan de regio, it is fansels in ekonomysk beslút”, konkludearre Van der Kooij. Bruinsma fûn it in grut pluspunt dat artysten har bewustwurde fan de ekonomyske wearde fan har aktiviteiten. Grytsje Klijnstra hie doe al in skoftke neat mear sein.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Live

    De twadde Moanne Live fan dit jier wurdt holden op woansdei 7 maaie yn gearwurking mei de Fryske ôfdieling fan de Orde van den Prince. Dit [...]

  • Kategory: Live

    Folle bak justerjûn op de twadde Moanne Live fan 2014 yn gearwurking mei de Fryske ôfdieling fan de Orde van den Prince mei as boeiende gast prof. [...]

  • Kategory: Live

    Yn de muzykkoepel tsjinoer De Koperen Tuin yn de Prinsetún fan Ljouwert presintearren de Moanne en Tresoar tidens it UITfestival Ljouwert Fryslâns meast bysûndere dichters: Sannemaj Betten, Elmar Kuiper, Jan Ketelaar, [...]