Neat
Publisearre op 26 februari 2015
INGE NICOLAIJ –
Wat ferwachtsje jo te krijen as men seit dat hja neat hawwe wolle? Wat wolsto op dyn jierdei ha? Neat.
Myn gefoel seit dat dizze fraach ek oan de man op de foto steld is. Lykas in soad mannen hoecht hy neat. Mannen hawwe gjin ferlet fan snypsnaarkes. Mannen wolle sokken, rûkersguod of wat oars dat se sels al keapje soenen. En dochs hearst dan wer it faaks iuwenâlde ‘neat’. Om dan mei wat orizjineels oan te kommen, is riskant. Dêr sitte je dan, mei ‘neat’. It meast feilige is dan om wat út boppesteande listje te kiezen.
It kado falt net yn de smaak, dat is te sjen. Mar ik tink dat hjir mear oan de hân is. Ik tink dat de measte mannen net sitte te wachtsjen op in tydskriftehâlder mei in blomke derop. Dat mei algemien bekend wêze.
Ik tink dêrom dat dit kado de frucht is fan de alderlêste opsje; meitsje gebrûk fan de situaasje. Neat? Prima! Dan jou ik dy de tiidskriftenhâlder mei dat aardige blomke derop dy’t ik sels wol hawwe wollen hie! 1-0 foar syn frou.
Fotografe Inge Nicolaij sammelet âlde famyljefoto’s en besprekt alle moannen foar de Moanne in foto út har samling.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
MARITA DE JONG - 'Ik streef naar een zo sober mogelijk beeld' Stephan Vanfleteren (Kortrijk 1969) is in ferneamd fotograaf yn België. Hy studearre fotografy [...]
MARITA DE JONG - (foto: Linus Harms) Iconen die de tand des tijds kunnen doorstaan Corbino (ps. Maarten Corbijn van Willenswaard, Strijen 1959), broer fan [...]
Kategory: Fotografy
'Lezen te midden van alles' - foto Traci White: www.traciwhitephoto.com