• 18 juli 2014

    LIUWE WESTRA -  Op âlde maaie 1909 kaam de keunstner Jan Mankes oan ’e eastlike útein fan it hjoeddeiske Feen te wenjen, doe in offisjeel doarp: ’t Meer, oan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart. Foarby ’t Meer begûn Benedenknijpe, en noch wer eastliker Bovenknijpe. Dy beide lêste doarpen binne yn 1970 gearfoege ta De Knipe, dat dêrmei ien fan ’e earste doarpen waard mei in offisjele Fryske [...]

  • 2 mei 2014

    GERBEN DE VRIES -  Lange tiid waard by ús yn de femylje it ferhaal ferteld dat pake yn 'e maaiedagen fan 1940 by de Ofslútdyk tsjin de Dútsers fochten hie. Sels woe er der net oer prate en hy woe al hielendal net nei reuny's fan feteranen. Neffens him hiene der tefolle NSB'ers by it Nederlanske leger tsjinne en dat wie neffens him dan ek de reden [...]

  • 24 april 2014

    Petra van Berkum makke in striptekening fan it nûmer Eigen Paad, dat Wouter van der Wal skreaune hat. Wêr hellet Petra har ynspiraasje wei? de Moanne prate mei de keunstner. Hoelang tekenesto al? Hoe is dy leafde oait begûn? 'Toen ik een jaar of dertien was, werd ik fan van anime. Dat zijn Japanse tekenfilms zoals Pokémon & Dragonball. Daar begon ik de personages van te tekenen en [...]

  • 18 februari 2014

    ELSKE SCHOTANUS -  ‘We gaan naar ‘t feest van Lytse Teake / Oh, wat hebben we een lol / (…) / maar de zaal is overvol. / (…) Friese humor, dat is leuk / (…)  We liggen heel vaak in een deuk (…)’ It is noch mar kertier foar achten – de foarstelling begjint healwei njoggenen – as de teaterseal fan de Skâns op ’e [...]

  • 23 mei 2013

    BOUKE SLOFSTRA -  Automatisearring, dêr sit de oast yn alle opskuor en trelit oer de stavering. Om myn part sizze jo automatisearing, en skriuwe jo it sa. Mar ûnthâld it wurd. Want tsjintwurdich is de wurdboekerij net mear in kwestje fan kaartsjes dy’t by de A begjinne en by de W ophâlde, mar fan digitale bestannen dêr’t jo alles yn fine kinne wat jo sykje [...]

  • 29 maart 2013

    NYNKE VAN DER ZEE -  Fiif jier wurke sjoernaliste Marita de Jong oan har fersammelwurk oer toanielselskip de Noorder Compagnie. Hiel wat kearen naam se de ôfslach Fryske Peallen om dêr de ferhalen op te tekenjen fan Jaap Maarleveld en Manon Alving. De Jong sammele mei ingelegeduld de moaiste herinnerings fan it akteursstel, wat úteinlik resultearre yn in prachtich ynterview yn de spesjale útjefte fan [...]

  • 17 april 2012

    HotSum is in nij útjou-inisjatyf fan Ytsje Hoekstra, Gerben de Vries, Jetske Bilker en Abe de Vries. HotSum wol reagearje op ferletten yn de praktyk fan it Frysk skriuwen en útjaan. It útjaan fan poëzij hinget der sa njonkelytsen in bytsje by. Leaver net as al, is it sinjaal fan útjouwers. Ek is in tal útjouwers wilens ferdwûn. HotSum wol hjir in nij perspektyf biede. [...]

  • 27 januari 2012

    Zwischennutzung is neffens my it moaiste wurd yn dizze nije Moanne. Jim moatte mar eefkes besjen yn hokker artikel it neamd wurdt. It giet om in tuskenoplossing, meast foar in braaklizzend terrein yn in stêd. Ik haw it gefoel dat it wurd ek goed fan tapassing wêze sil op dizze jiergong fan de Moanne. Wy bestean yn septimber 10 jier, mar moatte dit jier goed [...]

  • 30 november 2011

    MARIEKE VINCKERS -  It is fansels de fraach oft we it hjir hawwe oer it wûnder dat Tet Rozendal hjit, of oer it teaterstik dat Tet skreaun hat. It Wûnder út ’e Wâlden giet oer dokters út in fier ferline, dy’t der krekt wat oare genêswizen op nei holden. Duvelbanners, wûnderdokters, piskikers, Tet kin der machtich oer fertelle. It liket wol as stie se der [...]

  • 16 september 2011

    EELTSJE HETTINGA - Juster, fjirtjin septimber, is de dichter-skriuwer en skipper en histoarikus Binne Lútsen Boarnstra (1946) yn Marrum te hôf brocht, in plak dêr’t net allinnich syn pake en beppe Eeltsje en Jantsje Holwerda lizze, mar ek syn soantsje Eeltsje Allard dy’t, krekt njoggen moanne âld, te ferstjerren kaam, doe’t Boarnsta, it wie healwei de jierren santich, tegearre mei syn frou Sietske Postma (1952-1984), [...]