Goed en fout yn 1940-1945

GERBEN DE VRIES – 

Lange tiid waard by ús yn de femylje it ferhaal ferteld dat pake yn ‘e maaiedagen fan 1940 by de Ofslútdyk tsjin de Dútsers fochten hie. Sels woe er der net oer prate en hy woe al hielendal net nei reuny’s fan feteranen. Neffens him hiene der tefolle NSB’ers by it Nederlanske leger tsjinne en dat wie neffens him dan ek de reden wêrom’t de Dútsers it sa maklik wûnen.

Aldergeloks hie er syn ûnderfinings al yn 1940 notearre en letter nochris yn in kreas skoalmastershânskrift oerskreaun. Sa wisten wy nei syn dea dat er foar’t de Twadde Wrâldkriich útbruts mobilsearre wie yn Hoogeveen. Ut syn oarlochsmémoires docht wol bliken hoe grut de disoarder en panyk yn it Nederlânske leger wie doe’t de Dútsers kamen. Syn bataljon hie gjin kontakt mei de legerlieding en luts him werom, dwers troch Fryslân. Doe yndie oer de Ofslútdyk nei Noard-Hollân. Nei de kapitulaasje sieten hja noch in pear wike as kriichsfinzenen fêst yn de Harmonie yn Ljouwert.

Sokke ferhalen binne der in soad. Miljoenen minsken hawwe bewust de fiif jier duorjende besetting meimakke, dat der waarden doedestiids en ek nei de befrijing in protte ferhalen optekene. Sa’n soad dat faak troch de beammen it bosk lang net altyd mear te sjen is.

Earlik sein fûn ik it earst in draak fan in titel, de namme fan in Bouquetboekje tidens de besetting. Geandewei murk ik lykwols dat yn de ferslaggen yn dy tiid echt sa oer Joaden praat waard.

Jabob Stelwagen hat besocht dat oarlochsbosk wer sichtber te meitsjen troch ferskate stimmen heare te litten. Fan dieders, slachtoffers, tsjûgen, foarbygongers en oaren. It resultaat is in boek fol ferhalen: ‘Ik hoorde het Jodinnetje snikken. 101 getuigenissen over oorlog, bezetting en bevrijding in Fryslan’. Ik wit net krekt werom’t it der 101 wêze moasten. Faaks is it in knypeach nei de rige  ‘Ooggetuigenissen in meer dan honderd reportages’, oer ûnder mear de skiednis fan Nederlân, Ruslân, it Tredde Ryk, ensafuorthinne.

Earlik sein fûn ik it earst in draak fan in titel, de namme fan in Bouquetboekje tidens de besetting. Geandewei murk ik lykwols dat yn de ferslaggen yn dy tiid echt sa oer Joaden praat waard, lykas no ek noch wol oer ‘dat mantsje’, ‘dy swarte’, ‘dy Turk’. Miskien net altyd rassistysk, mar wol út ‘e hichte, mei in ûndertoan fan ‘dat is net ien fan ús’. Ek yn dat opsicht is dit boek in eyeopener, al wit ik net oft dat sa bedoeld is. De ferskate ferhalen jouwe ek in goed byld fan it Kristlike Nederlân fan doe. It is hjoededei foar de measten hast net mear foar te stellen dat it grutste part fan de Friezen doe noch djip leauwich wie. Yn alles waard de ‘bewarende hand Gods’ sjoen waard en nei it grutste offer soe de beleaning yn de himel as fansels komme.

Der sitte bekende ferhalen by, lykas dat oer Anton Mussert yn Ljouwert en oer Gerard Reeskamp, dêr’t krekt it boek ‘De drogist’ fan Ad van Liempt oer ferskynd is. Stelwagen brûkt gelokkich ek geregeld it digitale argyf fan de Ljouwerter Krante, in goudmine foar histoarisy en oare belangstellenden.

Dan de tsjûgenissen sels. In moai ferhaal bygelyks is dat fan keatswedstriid de PC yn Frjentsjer fan 1942, dêr’t Jan Rodenhuis-en-dy in kleur shirt útsykje meie en oranje kieze. In protest tsjin de besetter dy’t de oanwêzigen nei alle gedachten nea fergetten binne. Opfallend fierder wie dat net allinnich de Dútsers bytiden sûnder reden minsken eksekutearren, mar dat it ferset dat ek die. It foar eigen rjochter spyljen hie faak grutte konsekwinsjes. Dat aspekt fan it ferset, dat ek de ‘goede’ minsken folslein ‘fout’ wêze koene, hie wat my oanbelanget noch wol wat djipper ûndersocht wurde mochten.

Om koart te kriemen, in nijsgjirrich boek foar dyjingen dy’t wat mear witte wolle oer in protte fasetten fan it libben yn besettingstiid. Miskien dat der, neist in soad weardefolle ferhalen, it wat al te bot oer ‘goed’ en ’fout’ giet. Fierder komt de ekonomyske kolloboraasje net oan ’e oarder, dat sil sûnder mis ek komme troch in brek oan boarnemateriaal. ‘Vanuit wetenschappelijk en historisch oogpunt is op die manier van werken ongetwijfeld genoeg aan te merken’, skriuwt Stelwagen yn syn foarwurd. No falt dat wol ta, mar it hie faaks wol better west om by elke tsjûgenis even te neamen wêr’t it ferhaal weikaam.

 

 Jacob Stelwagen, ‘Ik hoorde het Jodinnetje snikken. 101 getuigenissen over oorlog, bezetting en bevrijding in Fryslan.’ Bornmeer, 256 siden, €17,50

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.