Oade fan in skrúten puberfamke

NYNKE VAN DER ZEE – 

Fiif jier wurke sjoernaliste Marita de Jong oan har fersammelwurk oer toanielselskip de Noorder Compagnie. Hiel wat kearen naam se de ôfslach Fryske Peallen om dêr de ferhalen op te tekenjen fan Jaap Maarleveld en Manon Alving. De Jong sammele mei ingelegeduld de moaiste herinnerings fan it akteursstel, wat úteinlik resultearre yn in prachtich ynterview yn de spesjale útjefte fan de Moanne. En net te ferjitten de eksposysje oer it toanielselskip dat ôfrûne wykein yn Museum Dr8888 iepene waard. Heech tiid om it ferhaal fan De Jong oan it papier ta te fertrouwen.

“Wannear’t ik begjin te fertellen oer myn earste moeting mei de Noorder Compagnie, komt stiekem dat jonge famke wer boppe wetter. Dy skrúten opgroeiende puber, dy’t foar it earst rekke waard troch live toaniel. As 14-jierrich famke siet ik stil yn in hoekje fan de sportseal te sjen nei de akteurs dy’t by ús op it Drachtster Lyceum in foarstelling spilen. Djip ûnder de yndruk seach ik nei Jaap. Mar ek Manon foel my op; wat in prachtige frou. Dat momint stiet my noch altyd by as de dei fan juster. It hat net allinnich it begjin west fan myn ynteresse yn de tonielwrâld, mar foaral fan leafde foar de Noorder Compagnie mei Jaap en Manon yn de absolute haadrol.”

De beam fan Rutger
“Ik herinnerje my noch de wrâldteaterdagen yn De Lawei, wêr’t ik mei in freondintsje fol bewûndering nei Rutger Hauer stoarre, dy’t doe al bekind wie fan de seerje Floris. It hie allegear in geweldige impact op my; wat woe ik graach yn dizze wrâld thús hearre. Mar tagelyk wist ik dat dit neat foar my wie. Ik wie gjin held; fûn it al spannend genôch om yn opdracht fan Rutger in beam út te byldzjen. Mar wat hie ik in ûntsach foar al dy spilers fan de Noorder Compagnie. It hat in ûnútwisbere yndruk op my makke.”

“Hast fjirtich jier nei dy earste moeting tocht ik werom oan dy tiid en kaam ik ta de ûntdekking dat Jaap en Manon noch altyd yn Fryslân wennen. Yn 2008 moete ik Jaap yn Museum Belvédère foar myn earste ynterview. In hiele middei koenen wy it pratende hâlde. “Maar ik heb nog veel meer te vertellen, en Manon ook”, sei Jaap oan ‘e ein. Myn doel waard stadichoan om alle herinnerings oan dy perioade fan de Noorder Compagnie fêst te lizzen. Eltse moanne reizge ik nei Fryske Peallen, dêr’t it stel wenne. Echte rânestedelingen dy’t tegearre al folle mear fan de wrâld sjoen hienen as it hiele doarpke byinoar, mar dochs de rest fan harren libben slite woenen yn it bedaarde Fryslân. En ik fernaam dat Jaap en Manon dat ek in noflik idee fûnen; de wittenskip dat harren ferhalen bewarre bliuwe soenen.”

“Ik wie gjin held; fûn it al spannend genôch om yn opdracht fan Rutger in beam út te byldzjen” 

Oade oan de pioniers
“Jaap en Manon wienen hiele erudite minsken; belêzen en ynteressearre yn in hiel breed ferskaat oan ûnderwerpen. Manon hie ek in wat rebelsere kant, mei hiele eigen ideeën. De lêste kear dat ik har trof ha ik it slotstik fan myn ferhaal foarlêzen. Se hienen beide de triennen yn ‘e eagen. Dat wie foar my de befestiging dat ik harren ferhaal goed op papier set hie. In hiel emoasjoneel momint foar ús allegear.”

‘Mensen van mijn leeftijd herinneren zich allemaal het moment van de Duitse capitulatie. Op een gegeven moment kreeg ik een tekst van iemand die dat moment beschrijft. Zelf hoorde ik het nieuws op de radio, holde naar buiten, ins blaue hinein, en riep ‘Duitsland heeft gecapituleerd!’ Ik hoor nog de merels zingen, het was mei. Datzelfde beschreef deze man, die toen in Utrecht verbleef. Het is een collectieve emotie geweest die zo herkenbaar is omdat iedereen hem heeft meegemaakt. Dat gebeurt soms ook op het toneel. Dat je een snaar raakt en dat het publiek hetzelfde voelt. Dat zijn waardevolle momenten en daar doe je het voor.’

“Ofrûne wykein waard de eksposysje oer de Noorder Compagnie iepene. Ik wie der tige grutsk op dat Jaap hjir by wêze koe. Hy belle my de folgjende dei op om te fertellen dat er in geweldige dei hân hie. Ik sjoch it as moaie ôfsluting fan myn oade oan Jaap en Manon en harren pionierswurk mei de Noorder Compagnie yn Fryslân. In oade fan in jonge puber dy’t troch harren ‘rekke’ is troch toaniel, en dêr noch altyd tankber foar is. En ik bin der wis fan dat der destiids mear fan sokke opsketten pubers yn Fryslân, Grins en Drinte omrûn ha, dy’t noch altyd goede herinnerings ha oan Jaap en Manon.”

 

Marita de Jong wurket sûnt 1992 by de Friese Pers. Oant 2010 skreau se foar ‘De Koerier’. Sûnt twa jier sit De Jong op de ynternetredaksje fan de NDC Weekbladengroep.

De special oer de Noorder Compagnie bestelle? Foar €6,50 stjoere wy jo it nûmer ta. In abonnemint op de Moanne kin fansels ek. De tentoanstelling oer de begjinjierren fan de Noorder Compagnie rint oant 12 maaie.

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.