• 17 juli 2015

    MARRIT DE SCHIFFART -  It toverwurd foar berneteater yn Ljouwert? Lef. Teminsten, dat fynt Quinten Faust Rijnja. Yn septimber sette hy útein mei Faust Kindertheaterschool Leeuwarden. Mei hert en siel bringt er bern fan 5 oant 12 jier yn oanrekking mei toaniel, sang en dûns. Wêrby’t er it leafst op of bûten de kaders wurket. It nije gebou fan de NHL Hegeskoalle – iepene yn [...]

  • 7 juli 2015

    NIELS LAHUIS -   As Conforce of Versalife stiet hy achter de draaitafel yn de grutte stêden fan de wrâld: Boris Bunnik. De Fryske live-performer en producer is yn Nederlân miskien wat minder bekend, yn it bûtenlân is hy in wolkome namme op elke affysje. Hoe hâldt Bunnik, 29 jier âld, opgroeid op Skylge mar tsjintwurdich wenjend yn Rotterdam, himsels skerp yn syn hektyske bestean? In [...]

  • 4 juni 2015

    PIET HEMMINGA - Dat de regionale omroppen ea earder yn in regearakkoart neamd binne, wol ik net leauwe, mar yn 2012 wie dat it gefal. En steatssiktaris Sander Dekker kaam binnen it jier mei in útwurking. Minder jild nei de regionale omrop en mear mei-elkoar dwaan en better wurk leverje. De Provinsje nimt ûnderwilens in dúdlik stânpunt yn: bliuw mei jimme hannen fan Omrop Fryslân [...]

  • 7 april 2015

    FROUKJE SIJTSMA -  Set tolve tekeners fan de Nederlandse Kring van Tekenaars mei tolve Fryske skriuwers yn totaal seis dagen yn duo’s byelkoar yn it Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert. Freegje de tekeners en skriuwers om harren ynspirearje te litten troch de objekten, omjouwing en sfear. Lit de tekeners dat omsette yn byld en lit de skriuwers dêr dan wer in passend ferhaal of gedicht by [...]

  • 10 februari 2015

    EELTSJE HETTINGA -  Yn 1956 joech Jo Smit de novelle Sûnder sûker yn it ljocht, in kostlik gekoanstekkerich ferhaal oer in nasjonalistyske beweging, dy’t der lang om let yn slagget om har separatistyske doelen wier te meitsjen. Yn it fierhinne as monolooch fertelde ferhaal, dat him ȏfspilet yn in kroech, docht in net by namme neamd haadpersoan syn relaas oer de beweging oan iene Kaspersma. [...]

  • 9 februari 2015

    PIER BERGSMA -  Minsken binne sosjale dieren, dy’t har rjochtsje op wat fertroud is. Frjemd wurdt net maklik eigen. Net allinne by ús, mar ek yn Frankryk binne der ûnder ynfloed fan ymmigraasje ferheftige diskusjes oer de eigen identiteit. Nij is it net. Hjir hawwe wy de healneaken Marianne as symboal fan de Frânske identiteit. Se lit har net wjerhâlde troch wat dan ek. Delacroix [...]

  • 14 november 2014

    GERBEN DE VRIES - It is al even lyn, mar yn it West-Flaamske Heuvelland bin ik in kear as wat konfrontearre mei de identiteit fan Fryslân en/of de Friezen. Ien foarfal is te flau, mar ik sil wol twa oare anekdoates fertelle. Wy giene mei in ploech minsken nei it Folksfestival fan Dranouter. Mei syn trijen krigen wy in lift, ik leau fan Ieper nei [...]

  • 16 oktober 2014

    ARJAN HUT -  It wie 1990 en de hiele wrâld woe witte wa't Laura Palmer fermoarde hie. De tv-searje Twin Peaks wie spannend, eng, grappich en oars. Net allinne it ferhaal en de bylden wienen betsjoenend, ek de muzyk (fan Angelo Badalamenti) foel tige op en hat gâns oare artysten ynspirearre. Begjin oktober brochten regisseur David Lynch en produsint Mark Frost it nijs dat de [...]

  • 14 oktober 2014

    NIENKE JET DE VRIES -  Op it omslach fan it boek Bûtenman en Bûtenfrou fan Willem Verf (1949) falt te lêzen dat it in tendinsroman is. Dêrmei wurdt bedoeld dat it ferhaal in dúdlike strekking hat. Dat is kenmerkjend foar it skriuwen fan Willem Verf, âld fraksjefoarsitter foar GrienLinks yn de Steaten fan Fryslân, dy’t graach wat maatskippijkrityk yn syn wurk nei foaren komme lit. [...]

  • 4 augustus 2014

    FROUKJE SIJTSMA -  ‘In bus is in bysûnder objekt’, raast Folkert Wesseling yn syn rol as bussjauffeur troch de oldtimerbus hinne. Sa’n tweintich minsken hawwe harren sammele foar de teaterbustoer, dy’t by it Nasjonaal Iepenbier Ferfier Museum yn Ousterhaule begjint. ‘In bus rydt krekt wat oars as in auto, fyts of trein’, giet de jonge teatermakker fierder. ‘En om rare situaasjes foar te kommen by [...]