Nij útjou-inisjatyf HotSum foar essees en twatalige poëzij

Publisearre op 17 april 2012

HotSum is in nij útjou-inisjatyf fan Ytsje Hoekstra, Gerben de Vries, Jetske Bilker en Abe de Vries. HotSum wol reagearje op ferletten yn de praktyk fan it Frysk skriuwen en útjaan. It útjaan fan poëzij hinget der sa njonkelytsen in bytsje by. Leaver net as al, is it sinjaal fan útjouwers. Ek is in tal útjouwers wilens ferdwûn. HotSum wol hjir in nij perspektyf biede.

Dêrom begjint HotSum yn ’e mande mei de Nederlânse útjouwerij de Contrabas yn Utert de earste twatalige, Frysk-Nederlânse poëzijrige yn de Fryske literatuerskiednis. De kommende jierren sille elk jier maksimaal twa fan sokke poëzijbondels by HotSum/de Contrabas ferskine kinne.

De gearwurking mei de Contrabas smyt in struktureel nasjonaal poadium op foar Fryske poëzij. Sa’n ferbreedzjen fan de hoarizon is nedich. HotSum rêdt him mei de akwisysje, redaksje en foarmjouwing, de produksje en distribúsje nimt de Contrabas op him. Op de drokbesochte webside fan de Contrabas (www.decontrabas.com) sille de nije útjeften folop omtinken krije.

Dêrneist set HotSum ek út ein, yn ’e mande mei it Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar yn Ljouwert en de al earder neamde Contrabas, mei in rige esseebondels. Essees oer Fryske literatuer wurde der in bytsje skreaun, wylst der wol ferlet fan is: refleksje op de Fryske literatuer ferdjippet en fersteviget it literêr klimaat. Yn dizze (Frysktalige) bondels bûge skriuwers har oer in tema. Se ferskine neffens plan yn 2013, 2014 en 2015.

Mear ynformaasje:

Abe de Vries, mobyl 06-29393440. Email: hotsum@hotmail.com;

Chrétien Breukers, mobyl 06-15103593. Email: chretien.breukers@lombok.nl

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels