It debút fan Jan Mankes en Anne Zernike yn ’e Fryske literatuer?

LIUWE WESTRA – 

Op âlde maaie 1909 kaam de keunstner Jan Mankes oan ’e eastlike útein fan it hjoeddeiske Feen te wenjen, doe in offisjeel doarp: ’t Meer, oan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart. Foarby ’t Meer begûn Benedenknijpe, en noch wer eastliker Bovenknijpe. Dy beide lêste doarpen binne yn 1970 gearfoege ta De Knipe, dat dêrmei ien fan ’e earste doarpen waard mei in offisjele Fryske namme. (Klachten haw ik nea fan heard. Meskien moatte jo soks gewoan doarp foar doarp dwaan.) ’t Meer gie yn 1951 op yn It Feen.

It lei allegear ticht byinoar en syddiken wiene der net dat makke, dat it wie gjin niget dat Jan Mankes dêr yn ’e kunde kaam mei Anne Zernike, doe’t dy yn 1911 as earste froulike domeny befestige waard yn ’e menniste gemeente fan Bovenknijpe. Persoanlik moeten se elkoar pas yn 1913. Yn 1915 trouden se, en fuort dêrnei ferdwûn it pear út Fryslân wei.

Al hawwe Mankes en syn wurk nea kleien hân oer omtinken, de lêste jierren kinne jo hielendal net om him hinne, teminsten yn Fryslân net. Yn 2007 wiene der ferskate útstallings, ûnder oare yn Museum Belvédère, dêr’t ek wer de nedige boeken efterwei kamen, en yn ’e selde snuorje waard de figuer fan Anne Zernike gauris ûnderwerp fan stúdzje doe’t minsken ien kear troch hiene dat it yn 2011 hûndert jier lyn wêze soe dat de froulike domeny yn Nederlân har amtswurk begûn wie. Jan Mankes hat no bliuwend plak yn Belvédère, en Anne Zernike hat sûnt 2012 in eigen Anne Zernike Fund op har namme te stean, dat it pear heart no wol sawat ta de Fryske kulturele kanon.

Mar de bân mei Fryslân wie fansels mar oerflakkich. Mei wat goeie wil kinne wy sizze, dat it gjin tafal wie dat it in Fryske gemeente wie dy’t Anne Zernike berôp (Baard die itselde): op it stik fan tolerânsje en romtinkendheid binne wy, teminsten op tsjerklik mêd, de rest fan it lân yn ’e regel in eintsje yn ’t foar. Mar as jo letter skriuwe dat de húsbesiten sa taai ferrûnen omdat de lju har min útdrukke koene, ‘en dan nog wel in het Hollands’, dan hawwe jo dochs in stikje oansluting mist. Mankes hat hjir prachtige dingen makke, mar it netwurk hied er yn Hollân, en dat er hjir kaam te wenjen wie mei syn âlden doe’t dy rintenierje koene. De femylje hie de grûn dêr’t it hûs op stie al in goed ieu yn besit, mar heit Mankes wie al jong út Fryslân wei gien. Jan Mankes hie net folle gedoente mei de doarpsgenoaten, en hast net ien wist hjir, dat er skildere. Fan 1909 en 1911 rint der gjin direkt spoar fan oantinkens nei ús tiid. It hat der mear fan, dat Zernike en Mankes fan 2007 ôf op ’en nij yntrodusearre wurde moasten, of om it moadieus te sizzen: invented.

Of dochs net hielendal? It koe wolris wêze, dat se tuskentroch, yn 1953, al eefkes om ’e hoeke sjoen hawwe. Dat jiers ferskynde de roman Lyoeske fan Jacobus P. Wiersma, dy’t bekend wurden is fan syn Aldfaers groun (1948), in foech epos oer de ûntjouwing fan Fryslân en syn boerestân fan ’e midden fan ’e 19de ieu oant yn ’e tiid fan ’e suvelkoperaasjes. Mei Lyoeske woe Wiersma wat oars: in soarte fan idéaal skilderje oer hoe’t yn ’e 20ste ieu in jonge Fryske frou de wjokken útslaan koe. De haadpersoan Lyoeske is wees út in arbeidershúshâlding, en wit har mei behyplike middels (trochlearen wurdt him net, mar se docht kennis en beskaving op as oppasser c.q. faam by skoalmaster, domeny en letter de boargemaster) en net te ferjitten troch it opkommende folkshegeskoallewêzen harsels sa te ûntjaan dat se as selsstannige frou har plak fynt yn in kosmopolityske upper class. Mar in bondel mei fersen fan Obe Postma hat se altyd yn ’e koffer…

Botte entûsjast is it boek net ûntfongen, en yn alle gefallen is it gau wer fergetten. Terjochte. Taal en styl kinne it ûnderwerp net heal drage, en Wierma hat, oars as mei syn lânbouroman, de nije opfettings net trochtocht. It binne idéalisearre idéalen dy’t jin foarset wurde: te goed, en tefolle. De krityk fan dy dagen wie al net mijen, en in pear priuwkes binne (ek omstavere) te goed om wei. Sa hat Inne de Jong it yn de Stiennen Man (10, 1954, 18) oer ‘in novum yn Fryslân kwa motyf, gegeven en alluere’ en ‘wat oars as in boereroman mei syn wenstige konflikten’. Mar dochs oardielet er: ‘Under de mjitte, sels ûnder syn eigen mjitte … gjin djipgong, dynamyk, fertelkeunst, humor.’ Piter Terpstra (Frysk en Frij 31, 1954, 5 aug.) karakterisearret it boek as ‘in bewiis foar de stelling, dat blykber gjin ien taal him der sà goed foar lient om yn te jeuzeljen as krekt it Frysk.’ Jan Wybenga, dy’t yn de Tsjerne (4, 1954, 121-125) de wiidweidichste resinsje jout, flammet: ‘By al syn krewearjen om Frysker te wêzen as it Frysk sels, hat de hear Wiersma de taal te min yn ’e macht om dy literêr te brûken sûnder bespotlik te wurden. // Like slim as yn de taal ferslacht de skriuwer yn de stof. De hillige ûnnoazelheid dêr’t er in rige anekdoaten, ferbûn troch praat om praat te hâlden, mei oantsjinnet as roman, bewiist dat de hear Wiersma net ryp genôch is om as romanskriuwer nei foaren te kommen.’ En de hege idéalen? ‘[O]fwaaide kletsika,’ oardielet Wybenga. Dy’t in noas hat, kin mar rûke.

Mar goed, ferskûle yn dit fergetten stikje literatuer kinne wy dochs noch in pear nijsgjirrige figueren moetsje. Wiersma lit dúdlik trochskimerje, dat syn roman yn in werklik besteand Fryslân spilet, mei histoaryske barrens en personaazjes deryn ferwurke, sij it hieltyd sa, dat der gjin kaairoman fan te meitsjen is. Foar de boargemaster-en-dy, by wa’t Lyoeske wakker thús rekket, hawwe bygelyks dúdlik ferskate leden fan ’e femylje Van Welderen baron Rengers model stien. Yn 1955 hat Wiersma in biografy útbrocht oer de frijfeint Theo (1867-1945; in boarstbyld fan de man stiet by de Frouwepoartsbrêge yn Ljouwert) en guon kanten fan syn karakter, benammen syn filantropy, komme yn de figuer fan ‘boargemaster’ werom. Dy syn jongere broer Age (1875-1947) hat yndied boargemaster west yn in Fryske plattelânsgemeente, en âldere broer Willem (1865-1930) hat, krekt as Lyoeske har wurkjouwer, as diplomaat yn Rome taholden. De measte trekken fynt men noch werom yn ’e ien-nei-jongste broer Johan Edzart (1877-1963), dy’t krekt as ‘boargemaster’ mei in dochter út in Grinslanner adelslaach troud wie. Hy hie in tal pleatsen yn ’e Brekkenpolder by

De Lemmer, en wie sadwaande ek lânhearre fan ús pake-en-dy fan memmekant. Neffens de ferhalen yn ’e femylje hold er it each goed op it riden en farren fan syn pleatsen en kaam er ek geregeld sels te sjen. Us beppe krige in kear de fraach ‘Waarom is dat stuk land nog niet gemaaid?’, en andere needrich fan ‘Als ik één opmerking mag maken, mijnheer: dat is voorgeweid land.’ Hy koe syn ûngelyk wol hawwe: ‘O, dan heb ik niets gezegd.’ Stânsbesef wie him net frjemd (likemin as boargemaster-en-dy yn Lyoeske). Neffens deselde ferhalen wie syn frou just altyd hiel gewoan: ‘Dy prate ek gewoan Frysk mei de minsken.’ Doe’t deselde beppe har in kear by har man yn ’e keamer seach, wylst se miend hie dat Baron Rengers allinnich komme soe, rôp se út: ‘Och heden, binne jo hjir ek!’ De baron wiisde beppe skerp te plak: ‘Voor u staat een jonkvrouwe Van Andringa de Kempenaer!’ Dat hat Wiersma dan wer omdraaid: yn it boek is de baron jonker wurden, en de jonkfrou baronesse.

Hawar, wy moatte werom nei Lyoeske. Ek in wichtige rol yn har geastlike ûntjouwing spilet ‘domina’, yndied, in froulike menniste foargonger. ‘Domina’ – pas letter krije wy har foarnamme ‘Geertrui’ te witten – set har op it spoar fan it folkshegeskoallewêzen (oer de famkesfolkshegeskoalle ‘De Vonk’ yn Noardwyk hie Wiersma ek alris skreaun), trunet har oan om lieder te wurden yn in wurkleazekamp, helpt har oer de drompel fan it sprekken yn it iepenbier. De twa kinne op in gegeven stuit sa goed, dat Lyoeske in protte yn ’e pastory komt: om ‘domina’ te helpen mei it tsjerkewurk (administraasje, sneinsskoalle, typewurk, it ynstudearjen fan in krystspul). Sa ticht wiene de froulike domenys noch net siedde yn it Fryslân fan foar de oarloch, dat de assosjaasje mei Anne Zernike leit al wat foar de hân. Mar hielendal apart wurdt it, as ‘domina’ in útfanhuzer kriget: ‘By domina wenne sûnt dy simmers in neef fan harres, in skilder út Hollân, dy’t nei Fryslân kommen wie om lânskippen en minsken te skilderjen’ (198). Och, wat fynt Lyoeske it moai om mei dizze fakman te petearjen oer nijsgjirrige ûnderwerpen, lykas keunst en religy. De skilder kriget it pseudonym ‘Marcel’, en makket net allinnich in moai pertret fan syn ‘nift’, mar ek fan Lyoeske – en profil. Mar in man wol altyd mear. Yn febrewaris – de útfanhuzer is der noch – is it waar sa min, dat der net yn Amsterdam te kommen is, en Marcel fielt in djip artistyk ferlet in minske ‘yn har neakenens’ te skilderjen. Mar wêr sil in model wei komme yn dizze ivich efteroankommende provinsje? Lang om let lit Lyoeske har ferliede om út ’e klean, mar wylst se dêr sit, fljocht it har oan: ‘Nee, nee, Marcel… ik doch it net wer, it kin net, it mèi net!’ Marcel en Lyoeske treffe elkoar net wer, en ek domina rekket hjirnei njonkenlytsen út byld, want yn ’e oarloch bedarret Lyoeske wer yn oare, net minder learrike fermiddens. Dêr moetet Lyoeske ek har wiere, in Ingelske ofsier en géolooch. Sa gau mooglik nei de oarloch trouwe se, mar nei in koart skoft fan ferheftich lok komt Lyoeske, fierste jong, te ferstjerren.

In skilder by in froulike menniste domeny yn in doarpke yn Fryslân? Men kin dochs net oars as oan Jan Mankes en Anne Zernike tinke. Ek al kloppet it net mei de tiid (flak foar de oarloch), ek al is de ferhâlding oars, ek al hat kollega Zernike better net te witten nea wat mei it folkshegeskoallewêzen hân – de kombinaasje is my dochs te apart om tafallich te wêzen.[1] De grutte fraach is no fansels: hat Lyoeske faaks ek wier bestien? Stiet hja soms op it Meisjeskopje út 1911, dat op ’e webside www.mankes.nl wol neamd stiet, yn 1930 noch útstald yn Ingelân (!), mar dêrnei ferdwûn? Of is hja soms deselde as de tsjinstfaam Uilkje, dy’t Anne Zernike út ’e omkriten fan Dokkum wei yn ’e pastory hellet? Neffens de fertelster yn ’e roman hat de namme Lyoeske wat mei Ljussens út te stean… Hoefolle non-fiktyf fleis en bloed oft der noch efter de figuer fan Lyoeske stykje moat, sille wy wol nea útfine. En de kâns liket altyd noch it grutst, dat se nea bestien hat. Mar har ferhaal liket dochs dúdlik te meitsjen, dat de bysûndere figueren fan Anne Zernike en Jan Mankes ek foàr 2007 har spoaren lutsen hawwe yn ’e geast fan in pear jonge Friezen en Friezinnen.

 

[1] Mooglik hat Wiersma ek wol gegevens fan mear as ien foargonger kombinearre. Fan ’e earste alve froulike menniste proponinten (ôfstudearre téologen dy’t beroppen wurde koene) bedarre mear as de helt foar langere of koartere tiid yn Fryslân: bûten Anne Zernike wiene dat Metje Tjitske Gerritsma (Baard 1917-1921 en It Amelân 1921-1926), Johanna Eelman (Makkum 1925-1932 en Aldebiltsyl 1932-1942), Jacoba J. Boerlage (De Gerdyk-Lippenhuzen 1928-1933 en Sint-Anne 1933-1941), Sara E. Doyer (De Rottefalle-It Wytfean 1926-1943) en Anna Jacoba van den Ban (Molkwar-Starum 1927-1932). Benammen Boerlage en Van den Ban lykje affiniteit hân te hawwen mei it foarmingswurk. Sjoch Annie Rekker-van der Werff, ‘De eerste vrouwelijke predikanten in Nederland’, yn: Doopsgezinde Bijdragen n.r. 35/36, 1-30.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.