Nikker

Publisearre op 9 maart 2016

HENK WOLF – 

As ien seit dat er ‘in nikker’ sjoen hat, dan freegje jo nei alle gedachten oft it net in bytsje minder ûnfetsoenlik kin. Wy kinne it wurd ‘nikker’ yn it Frysk en Nederlânsk fan hjoed de dei foaral as skelwurd foar in neger. Mooglik is it in ûntliening oan it Ingelsk, dêr’t ‘nigger’ in frijwat leechlizzende oantsjutting fan in donkerhûdich persoan is. It Ingelske wurd is lykas it (ek Ingelske) ‘negro’, it Nederlânske ‘neger’ en it Frânske ‘nègre’ in ferbastering fan it Spaanske en Portugeeske wurd ‘negro’, dat simpelwei ‘swart’ betsjut.

 

De Friezen yn Dútslân kenne hjoed de dei noch in bekende nikker, nammentlik Ekke Nekkepenn. Dat is in kwea seemûnster dat skippen foar de Noardfryske kust fergean lit.

 

It Nederlânsk hat lykwols altyd al in wurd ‘nikker’ hân en dat hie oarspronklik neat mei swarte minsken te krijen. As de persoan út de earste sin sa’n nikker bedoelde, dan is in heel oare fraach op syn plak, nammentlik oft er net te folle grizelfims sjocht of dat er miskien te djip yn it gleske sjoen hat. Dat ‘nikker’ betsjut nammentlik ‘boaze geast’ of ‘mûnster’ of ‘duvel’. It komt ek foar yn farianten lykas ‘nikkert’ en ‘nekker’. De oarspronklike betsjutting wie ‘boaze wettergeast’ en de wurden binne dan ek ûntstien út in âld wurd foar ‘waskje’.

Wurden dy’t besibbe binne oan ‘nikker’ binne yn allegear Germaanske talen weromfûn foar wettergeasten en oare mûnsters. Yn it moderne Heechdútsk komt it noch foar as ‘Nix’, yn it Sweedsk as ‘näck’, yn it Noarsk as ‘nøkk’ en yn it Ingelsk as ‘neck’, ‘nicor’ of ‘knucker’. Yn it Frysk binne der lykwols gjin spoaren fan. Ik ha se alteast net fine kind. Sterker noch, de bruorren Halbertsma skriuwe yn har Rimen en teltsjes sels dat de 19e-ieuske Friezen it wurd net brûke, om’t der yn it Frysk in oar wurd yn gebrûk is. Ik sitearje: “Deze waterduivel draagt bij de meeste andere Germaanse volkeren de naam van nikker, maar bij Friezen heet hij bûze-happert, die nog door de ouderen gebruikt wordt om de kinderen van de wal van gevaarlijke diepten af te houden; want die waterduivel wordt voorgesteld als loerende op de bodem om kinderen, die in het water spelen, bij de klederen naar onderen te scheuren.”

De Friezen yn Dútslân kenne hjoed de dei noch in bekende nikker, nammentlik Ekke Nekkepenn. Dat is in kwea seemûnster dat skippen foar de Noardfryske kust fergean lit. Der is ek in Repelsteeltje-achtich ferhaal oer him: it famke Inge wurdt twongen om mei it mûnster te trouwen, of se moat binnen in dei syn namme riede. Tafallich heart se him sjongen, as se in kuier troch de dunen fan it Waadeilân Sylt makket. Hy sjongt dat er sa bliid is dat net ien wit dat er Ekke Nekkepenn hyt. Dat ûnthâldt Inge fansels goed en troch it neamen fan de namme ûntkomt se oan it houlik.

Kweade figueren waarden yn folksferhalen gauris mei de kleur swart yn ferbân brocht, dat it is net út te sluten dat de minsken yn Nederlân it oarspronklike wurd ‘nikker’ en de lienwurden foar in swarte man op in stuit net mear útinoar koenen, dat se gearraand binne ta ien wurd foar in swarte duvel of in oare donkere ûnheilsbringer. As Arend Fokke Simonsz oan it begjin fan ‘e 19e ieu skriuwt dat in frommeske “zo zwart als de nikker” is, dan sjogge wy allinne oan it lidwurd ‘de’ dat de duvel bedoeld wurdt. Dy is foar de 19e-ieuske lêzer blykber fanselssprekkend swart.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels