‘Meertaligheid is niet minder dan een verrijking’

Publisearre op 1 november 2009

REITZE JONKMAN – 

Jacomine Nortier, wittenskiplik meiwurker oan it Institute of Dutch Language and Culture fan de Universiteit Utert, hat in soarte fan boek skreaun dat net sa faak ferskynt yn Nederlân. It is in boek dat opkomt foar de meartaligens yn Nederlân yn it algemien, mar dêrby net útgiet fan de frjemde talen lykas it Ingelsk. Sy begjint krekt by it belang fan de eigen memmetaal, likefolle it maatskiplik prestiizje fan dy taal. Dêrby is sy in memmetaalbeweger dy’t misferstannen oer meartaligens út de wei romje wol. Politisy nimme te faak besluten sûnder kennis fan saken oer meartaligens. Dit boek is dêrom ûnder oare foar dyen ornearre. It bestriden fan dy misferstannen docht sy mei sa’n grutte belutsenheid dat sy oan de ein fan it boek sels ek seit dat se de oarspronklike opset mei in neutrale presintaasje fan de feiten wolris ferlitten hat troch der ek dúdlik in eigen miening oer te jaan.

‘Het bleek me gewoon niet mogelijk om mijn persoonlijke engagement ten aanzien van meertaligheid op afstand te houden. Mijn belangrijkste conclusie is dat meertaligheid absoluut niet een probleem genoemd kan worden, zelfs niet iets dat ‘geen kwaad’ kan. Integendeel, het is niet minder dan een verrijking. (…) Het steekt me dat in een gemeente als Utrecht, de stad waar ik al vele jaren woon en werk, meertaligheid lange tijd was ondergebracht bij het achterstandenbeleid. Gelukkig is daar verandering in gekomen (…).’ (s. 215-216)

Nortier jout rom omtinken oan dy ûntjouwing fan it ûnderwiis yn allochtoane talen fan Marokkanen en Turken, har spesjalisme. Sy begjint mei it misferstân ûnder ûnderwizers dy’t lesjouwe oan beukers mei in bûtenlânske taal as memmetaal. Twatredde fan de learkrêften yn Grins neamde dat sy oan allochtoane âlden it advys joegen om Nederlânsk mei de bern te praten. Slimmer noch is dat goede oansetten om de memmetaal syn gerak te jaan troch de ryksoerheid tsjingongen wurde. Doe’t yn 2003 in basisskoalle yn Rotterdam yn it nijs kaam mei it foarnimmen dat der yn it Turksk lesjûn wurde soe, hat minister Van der Hoeven dêr fuortdaliks it near op lein: dat waard ferbean, ek al wie it inkeld mar bedoeld om as stapstien nei it Nederlânsk te tsjinjen. Der bestiet sa’t it liket in noarm foar ynkommelingen dat sy har eigen taal en kultuer oerjaan moatte om yntegrearre te wêzen yn Nederlân. Yn 2004 waard it Onderwijs in Allochtone Levende Talen (oalt) ôfskaft. oalt stiet, meast foar Marokkaanske en Turkske learlingen, in part fan de tiid op it programma yn de ûnderbou fan de basisskoalle (en in part bûten skoalletiid). It doel fan dat ûnderwiis wie om de eigen taal en kultuer kennen te learen. It begjin fan dat soarte ûnderwiis – fallend ûnder it ministearje fan crm – lei yn de jierren santich doe’t it idee noch bestie dat de learlingen wer nei it eigen lân weromgean soenen. Doe’t sa njonkelytsen bliken die dat it ferbliuw yn it gastlân bliuwend wurde soe, kaam dat ûnderwiis ûnder o&w. Kultuer ferdwûn fan it programma en letter minderen ek de taallessen. Ek waard de lanlike organisaasje nei it gemeentlike nivo ferskood. Yntiid binne der noch mar in pear skoallen yn Nederlân oer. Yn in spesjaal haadstik komt de Lukasschool yn de wyk Kanaleneiland yn Utert wiidweidich op it aljemint. Der sitte hast inkeld bern mei in net-Nederlânsk komôf op dy skoalle, in saneamde ‘swarte skoalle’. De Lukasskoalle is tsjin de (subsydzje)stream yngongen nei it ôfskaffen fan it oalt en is trochgien mei Onderwijs Met behulp van de Eigen Taal (omet). It ûnderwiis is oars wol benammen rjochte op it Nederlânsk. It jaan fan Berbers as doeltaal hat yn it ferline wol de bedoeling west, mar ûnder oare troch it ûntbrekken fan in standerttaal is dat oerjûn. It sukses foar it learen fan it Nederlânsk is wol grut mei in trochstream nei vmbo-t, havo en vwo. Nortier hat grutte bewûndering foar dat soarte ûnderwiis: ‘Wat een werk en investering! Maar het betaalt zich terug en er wordt werkelijk uit de kinderen gehaald wat erin zit.’ (s. 126)

Nortier hat fierder yn dit boek foar in hiele brede opset foar it besprekken fan de Nederlânske meartaligens keazen: it Nederlânsk yn de Europeeske Uny mei de bedriging troch it Ingelsk, de Nederlandse Taalunie, it Frysk yn Fryslân, it Twintsk yn Twinte (allegear benammen by de oerheid), migrantetalen as it Berbers en gebeartetaal (yn it ûnderwiis), it omgean mei mear talen (taalgedrach) en wat meartaligen by harren talen fiele (belibjen). Ut dit (ynkoarte) rychje docht al bliken dat sy aardich wat oeralhellet.

Ien fan de oare misferstannen dat troch de skriuwer oanpakt wurdt, is it (taalkundige) ferskil tusken taal en dialekt. Dêr giet it net om; ferskil tusken taal en dialekt wurdt benammen om maatskiplik-politike redenen makke. In taal hat in leger en in dialekt net, wurdt faak sein, mei oare wurden: in ferskil yn ynstitúsjonele macht. Yn de haadstikken oer de meartaligens yn Fryslân en oare provinsjes (Twinte) komt dat ferskil dúdlik nei foaren. Yn Fryslân hat de taalbeweging in beskaat plak yn de ynstitúsjes ferovere. De (standert)taal kin ek troch bûtensteanders leard wurde. Der binne ek kearndoelen troch de Nederlânske wetjouwer opsteld.

As foarbyld fan in ferskil mei meartaligens yn oare provinsjes hellet sy Twinte oan mei it Twintsk. Yn it nije museum Twentse Welle wurdt oandacht jûn oan de lokale fariaasje yn de dialekten. ‘Jipke en Janöaken’ is ek net yn it Twintsk oersetten, mar elk haadstik is oerbrocht yn in oar dialekt fan de streektaal fan Twinte. Nortier hopet wol dat in standerttaal ûntwikkele wurde kin. Net dúdlik wurdt hoefier it dêrmei is. Ek it ûntbrekken fan in mienskiplike standerttaal foar alle Nedersaksyske fariëteiten wurdt oanstipt, mar dat wurdt fierder net problematisearre yn ferbân mei de erkenning foar it Europeesk Hânfest foar regionale talen en minderheidstalen. It Nedersaksysk moat it dwaan mei frijbliuwend útsprutsen stipe en it Frysk mei konkreet belied foar oerheid, ûnderwiis en iepenbier libben. Men sjocht dêrom wol streektaalkonsulinten yn ferskillende provinsjes, mar gjin konkreet belied.

Wat by einsluten yn dit boek noch nijsgjirrich is foar de meartaligens yn Fryslân is it ôfslutende haadstik mei in grut tal sitaten fan meartaligen, foar in part Frysktaligen. Der komt wer in grutte belutsenheid wêrby’t de emansipaasje fan de taal mei in leger prestiizje. Emoasjes wurde it bêst yn de memmetaal utere en formele saken yn de twad oanlearde taal.

Nederland meertalenland is in sympatyk boek, dat besiket om de begripen memmetaal en meartaligens yn in soad foarmen op dat mêd byinoar te bringen. It is net in teoretysk ferhaal wurden; de persoanlike en emansipearjende ynstek is in sterke kant fan dit boek. Tagelyk is it in griemmank wurden fan hiel ferskillende ynhâlden. It bliuwt fansels ek dreech om gebeartetaal en it Berbers fan it Rifgeberchte ûnder ien neamer te presintearjen. Hoe’t it ek wêze mei, foar taalminsken ûnder de memmetaalsprekkers yn Fryslân steane der in soad aardige dingen yn en it biedt de mooglikheid om de eigen situaasje mei oare meartaligen yn meartalich Nederlân te ferlykjen. En dat is ek wer in ferriking.

 

Jacomine Nortier, Nederland meertalenland. Feiten, perspectieven en meningen over meertaligheid. Amsterdam; Aksant 2009. € 19,90

 

Earder publiseard yn de Moanne, 8 (2009) 9 (novimber) s. 40-41. 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels