Nije gedichten fan Cornelis van der Wal

Publisearre op 3 maart 2004

JOSSE DE HAAN – 

 

‘De swalker suteret hjir wer grommeljend om,

no’t de klútsjende winter wer delkomt op it nêst

jonge magneten yn ‘e holle’

(út: In nêst jonge magneten, 1991)

 

Wa’t de wrâld omskriuwe doart as ‘in nêst jonge magneten’ hat in skerp each foar it dwaan en litten fan minsken. Ik ken gjin dichtbondel dy’t sa’n treffende titel hat – de wrâld as nêst, de minsken as magneten yn dat nêst. Elkoar slikjend, elkoar negearjend, elkoar fearren yn ‘e kont stekkend, elkoar it bloed ûnder de neils fuort sûgjend.

De wet dy’t magnetisme bepaalt, it oanlûken en ôfstjitten, wurdt troch Van der Wal yn de titel fan syn earste bondel mei in eigensinnige metafoar oer it fuotljocht brocht. It Wurd, de Wrâld, Van der Wal – it is ien magnetyske (ek magyske) trijehoeksferhâlding. Dy relaasje hat oant no ta trije bondels (meielkoar 99 fersen) opsmiten.

Yn 1991 ferskynde In nêst jonge magneten, yn 1997 Sinnestriel op it offermês en yn novimber 2003 Subsydzje foar de Graal. Van der Wal is it anekdoatyske foarby, fierder as it luside eksperimint – de dichter besiket in ferbining te lizzen mei de wrâld, soms earnstich, soms relativearjend, mar faak wreed-boartsjend. Syn wrâld is it romtlike worldwideweb fan de poëzij, dêr’t sûnder sinsuer en meilijen ferbiningen lein wurde:

 

                  mei dyn gleone spiker der trochhinne dreaun.

 

 

In brievebus op it tsjerkhôf
De dichter Van der Wal brûkt ferbiningen fan wurden en wurdgroepen dy’t jo nearne oars tsjinkomme. Ek de foarstellingen dy’t dêrmei oproppen en generearre wurde binne net maklik te ferbinen mei de bylden dy’t al yn de hollen fan de lêzers omtoarkje. Van der Wal slút dêrmei op in hjoeddeiske wize oan by de histoarje. Jo tinke bgl. dat in brievebus op in tsjerkhôf gjin funksje hat, mar oan dy logika steurt in keunstner him net – hy skept oare kausaliteiten dêr’t oarsaak en gefolch op in eigen wize wurkje.

Salvador Dalí hâlde ein 1929 in tentoanstelling mei de titel ‘La femme visible (= Gala, dy’t er oernommen hie fan Eluard). Yn in ynliedinkje fan de katalogus stiet (André Breton): ‘Le Grand Masturbateur – de holle fan de masturbearder, de noas dy’t op in keale flakte linet, de mânske eachlidden sletten, de mûle oerwaakst mei in flues; dêrtsjinoer in sprinkhoanne, op ‘e rêch, de búk fol eamelders. In frouweholle, noas en mûle by it geslacht fan in man yn in jaeger ûnderbroek. In moartsjende liuw.’

It beskriuwen fan de skilderijen fan Dali wurdt boppe de taal úttild. Van der Wal docht dat ek, besiket foarstellingen (ek út it ûn- en ûnderbewuste, á la Dali) ûnder wurden te bringen – bûten de wenstige taal om dy’t gebrûklik is – om te setten yn in poëtysk jargon (sines) dat mei close reading, mei it wurdboek of mei anekdoatyske útlizzerij net nei te kommen is. De dichter ferbynt wurden mei bylden dy’t autonoom oersetten (of kré-earre) wurde yn syn poëtika, dy’t op himsels stiet yn de Fryske literatuer.

It giet hjir net mear om begripen sec, om oanfielen, om it folgjen fan in registraasje, nee, Van der Wal ferget de lêzer op syn fermogen taal yn bylden te feroarjen dy’t net korrisjearre wurde troch oanwêzich materiaal (klisjeeferhaaltsjes), fatsoensnoarmen of ôfspraken oangeande de opfetting wat de funksje fan taal wêze moat. Om dat te berikken – it reitsjen fan de lêzer/observearder – brûkt de dichter út en troch in neologisme, faker wurden dy’t (hast) allegearre yn it wurdboek stean of op ‘e buorren te hearren binne. Der is ien ferskil: de kombinaasjes en wurdgroepen wike wolris wat ôf fan it wenstige patroan.

Foaroardielen oer taalgebrûk, it fergif fan jierren taalyndoktrinaasje en a-poëtyske sletten taalnoarmen moatte fuortspield wurde, sadat men dizze dichter ‘blanko’ lêze kin en de wielde fan it wurk sjocht, fielt en ûndergiet. It beswarrende en magyske fan ditsoarte poëzij easket oare ferkearsrigels as dy foar proaza, anekdoatyske reproduksjes fan de wurklikheid of it sûnder risiko bedobjen fan langst/wraak/wreedheid ûnder it sliten fokabulêre fan de sentimintele sjonger. Van der Wal docht dat oars:

 

Fjoer om ‘e holle, hillich stikelswit sisteret.

De blauwe flam fan de willige faam

 

ferkeapet har marinearre fleis en treast.

De skrutene slachter mei it meske yn ‘e hân:

‘Dea sipel dea! Krûdelaam bûgje de nekke!’

(Graal, side 9)

 

 

Offerkultus
Yn ien assosjative stream fan bylden, wurden en betsjuttingen wurdt hjir it offerjen – it offerritueel – beskreaun. Gjin ferwizingen nei primitive of moderne offerkultussen, mar beskreaun yn in folslein eigen(sinnich) idioom: ‘fjoer om ‘e holle, sisterjend swit, blauwe flam, marinearre fleis, slachter mei meske, krûdelaam, bûgjende nekke’. It offerjen opfierd as in ferfangende kopulaasje, foaral kopulaasje as in offerrite. Dit wichtige offermotyf yn de poëzij fan Van der Wal bestiet sûnt de earste bondel, it is in kaai om de poëzij fan dizze dichter yn ‘e fingers te krijen:

 

  1. (bondel 1): ‘offerskaal, mei stien makke ik in eftereach’; ‘yn in briedpanne sisteret it fergiene hillige fleis’.
  2. (bondel 2): ‘en wachtsje op in kannibaal’; ‘yn it kadaver beweecht wat’; ‘It leave berntsje waard delstutsen’; ‘gnize om de liken/yn it griene hier’.
  3. ‘ûnder de sinne dy’t my bakke wol’; ‘de kamera’s sûme yn op jo skuldige siele/Jo binne oan bar’; ‘Tolve spearen stekke him in ynjeksje’; ‘Leave dwerch, hakje mar ta’; ‘de guillotine hat my skeard’; ‘sloech him doe de spikerhurde sinne/by de treppen fan it tsjuster del’.

 

Yn dizze tredde bondel komt it offermotyf sterker nei foaren as yn nûmer ien en twa. It liket dat de obsesjes grutter wurde. Sels de titel – ‘Subsydzje foar de Graal’ – ferwiist nei offerjen. It hat neat mei subsydzje(jild) te krijen, mar mei it bloed dat de hillige Graal bewarret. De dichter hat der in eachje op – de fersen tsjinje om op in magyske wize de Graal fol en yn hannen te krijen – de dichter as fampier fan de taal. Wat mear offers, wat mear kâns dat de Graal foar ’t ljocht komt. De flesse wyn yn it lêste fers (Subsydzje foar de Graal) tsjinnet as symboal foar it gefjocht (en it bloed dat soks meibringt) mei de wurden: hjir wurdt de sliten taal offere om poëzij (de Graal) foar ’t ljocht te toverjen. Dat barde al yn de earste bondel(s.21):

 

Offerskaal

 

Offerskaal, mei stien makke ik in eftereach

yn ‘e deade plasse fan myn fijân

en joech syn swarte brein oan jo, o sinne!

 

Mar jo lieten it rotsje en in griene

fûgel hat it fretten. Guon fan ús dy fleane

no by nacht op frjemde dampen, sykje

 

de farske goaden, grien en kriezjend preekjend.

Hja sille, stekkend mei opladen swurd fan hate,

yn dreamloft de fearren preesters deadzje.

 

 

 

Kunst gibt nicht das sichtbare wieder sondern macht sichtbar (Paul Klee, ‘Oer it skilderjen’)

Yn de bondel triangel yn de jungle skriuwt Lucebert in gedicht dat yn ekstinso oanjout hoe’t hy fersen skriuwt. Van der Wal is op in soartgelikense wize dwaande: net de eagen fan de dichter sjogge, mar de dingen sjogge sels – wat opheind wurdt troch de skriuwer:

 

de huizen kijken in mijn ogen/daar is het zwart/ginds is het wit/ zwart en wit zien/daartussen hangt een wind/ een lied een wind van woorden

 

It systeem fan de wrâld en dat fan de dichter krije elkoar yn ’t each (moetsje elkoar yn de eagen). Dêrtroch krije de metafoaren fan Van der Wal har kâns op in fierdere ûntwikkeling – it iene driuwt it oare ferskynsel, de dichter is yntermedyêr.

Tusken de wrâld en de dichter hinget in wyn fan wurden, tusken it wurdboekwurd en it poëtysk ynstinkt (magnetysk oarderjen) fan de skriuwer. As it izerfylsel ûnder in magneet (sjoch In nêst jonge magneten) folget de betsjutting fan it wurd de winsken en easken fan de dichter – oare betsjuttingen (izerfylsels) ynfiltrearje yn it wurd as it poëtysk magnetisme troch de dichter stjoerd en manipulearre wurdt. De lading fan it wurd is tydlik, sa’t ek de foarm fan in wurd (groep) en it betsjuttend fermogen in relativenien is. Sadré’t it aspekt (en perspektyf) fan de wurklikheid feroaret (it each fan de dichter) krijt it wurd in oare funksje (betsjutting). It gedicht as einprodukt is mear as de optelsom fan de bylden:

 

Deaferver

It mantsje ferve de wolkens

joech elke wolk in oare kleur.

De wolkens  boarten loftich mei-inoar,

dêr ûntstiene nije kleuren, foarmen.

De himel waard in waaiend skilderij…

Yn it ferkear foelen in soad deaden. (s.41)

 

Manipulaasje fan it magnetysk materiaal slacht foar master op: wolken dy’t loftich kleure wurde feroarje yn in skilderij dat waait, sadat de deaferver syn sin krijt – fier ûnder har kin er de (slacht)offers op syn kredytbalke sette. Dy tsjinstellingen tusken de kleurige wolken en de bluodderige reesbanen hearre spesifyk by dizze dichter: fan swarte humor tilt it op.

 

It gedicht is in komposysje
In wurd op himsels betsjut neat (mear) yn de poëzij fan Van der Wal. De betsjutting ûntstiet troch de manier fan ferbinen mei oare wurden, oer oare wurden hinne, oer sinnen, gedichten en bondels. Faaks bestiet de lêsûnderfining yn earste oanlis út de assosjative byldetaal dy’t de lêzer oer de eagen strykt, en jouwe de betsjuttingen yn nije ferbiningen it folgjende geniet. It gedicht moat generearre wurde troch de lêzer.

De ‘deaferver’ skinkt libben oan de ‘skilderijwolken’ en ûntnimt it dêrmei oan de ferkearsdielnimmers. It tiidwurd deafervje (út soarte in nijfoarming fan dizze dichter, en typearjend foar syn jargon) hat op dizze wize in eigen lading krigen. It is magysk, want it skept offers.

Cornelis van der Wal syn gedichten hearre by de poëzij dy’t de wrâld omfoarmje ta in gebouw fan fantasij – en heart as sadanich by de grutte keunststreamingen fan ekspressionisme, surrealisme, dadaisme en oare. De dichter wurket yn in tradysje. In gedicht fan Van der Wal is in komposysje dy’t troch it werskikken, it op ‘e nij oarderjen fan groepen wurden, it ferfrisseljen fan swarte en lichte humor yn syn taalgebrûk in eigen wrâld yn wurden opropt. Al skriuwend krijt ek de dichter nije ûnderfiningen en sinsaasjes dy’t in plak krije moatte yn de foarm, yn de komposysje.

It ûnder- en ûnbewuste dat in heel soad lju ôfslúte by it lêzen moatte folslein iepenbrutsen wurde. Hjir wurde offers frege, meidat der offers jûn binne. De hillige Graal makket út en troch de wrâld-yn-wurden fan dizze dichter sichtber – foar wa’t ree is iepen en bleat yn de komposysje te stappen. De dichter hat de skonk net op de taalrem – hy jout gas mei beide fuotten. Wat sille ús bruorren yn de romte wol net fan myn stive rûp fine?:

       

Myn rûpke yn ‘e romte

 

Dêr is de sinne, hjir is it rút,

ik tútsje myn hillige búk.

Ite en drinke moat myn tydlik liif

en myn rûpke is wer stiif.

Efter de wolkens trilje skruten romteskippen

dêr wachtsje ús bruorren, mei nuvere koppen.

 

Creatio en mimesis
It probleem ‘literatuer en wurklikheid’ spilet wat de poëzij fan Van der Wal oanbelanget in rol yn it beoardieljen fan de gedichten. Kommisjes reitsje op ‘e doele liket it wol, besprekkers sykje it anekdoatyske ferhaal (de bylden út har realiteit dy’t se yn de kop hawwe). It betsjut dat de toan en de ynhâld fan dit wurk foar sokken apart binne, dat de poëzijwrâld fan dizze dichter net werkend wurdt. Neffens my is der gjin probleem.

De wrâld fan it literêre wurk fan Van der Wal is prinsipieel oars, is in folslein nije skepping (dy’t allinne troch dizze dichter kré-earre wurde kin). De trije bondels fan Van der Wal beskriuwe deselde wrâld, wurde mei deselde humor lardearre en relativearje like hurd dit skrinend lânskip. De 99 fersen foarmje de poëtika (oant no ta) fan dizze dichter).

Yn dit wurk sjogge jo gjin wrâld dy’t in ôfspegeling is fan de wurklikheid of in imitaasje fan dyselde realiteit. It is Van der Wals ‘wrâld-yn-wurden’. It falt ûnder de creatio-gedachte – it is net oan tiid bûn, it wurk is eksistinsjeel.

Ofspegeling fan dé wrâld, imitearjen of mimèsis, is hjir net oan ‘e oarder. Ik sjoch ek gjin werynterpretaasje fan de realiteit of in oare fisy op de wurklikheid. De wurden dy’t Van der Wal brûkt bepale it wurk, de wrâld dêr’t him dizze poëzij yn ôfspilet – fan it earste oant it lêste wurd. Sûnder dizze taalkombinaasjes bestiet dizze wrâld net. It magnetisme dat de wurden oarderet, dit wurk komponearret, is hjir de kaai.

De poëzij fan Van der Wal ropt in fassinearjende wrâld op – wreed, leech en benammen dy fan de ûnderwrâld (dêr’t de mins faak neat fan witte wol). Hy lit eagen harkje, earen sjen, fingers prate, noazen sjonge en rûpen dûnsje. De dichter taast de taal net oan, hy ferriket dyselde taal mei nije mooglikheden, boarret yn feite de rykdom oan. Dêr’t klisjees faak de kommunikaasje bepale (en dus de earmoede troef is) dêr skept Van der Wal in generearjend taalidioom dat boarnen yn de mins bleatleit dy’t faak ûnûntdutsen bliuwe, of dêr’t men bang foar is.

Jan H. Mysjkin hat in jier lyn by it Poëziecentrum yn Gent in prachtige samling oersette Frânske poëzij ferskine litten, skreaun tusken 1920 en 1940 (In het teken van de schorpioen). De wichtichste Frânske (fernijende) dichters hat er opnommen: Aragon, Arp, Char, Eluard, Péret, Picabia, Soupault, etc. Allegearre eksploitearje se de taal en skeppe eigen wrâlden. Cornelis van der Wal is dêr yn it Frysk op in moderne eigen wize mei dwaande. Dat is net subversyf sa’t in anekdoatelêzer hawwe wol, dat is magnetisearjend poëtysk. Dat is by definysje de taak fan de dichter: taal ûndersykje en nije (oare) mooglikheden oanboarje – de dichter skept keunst. René Char skreau it sa:

       

Fan de heldere streamen jout poëzij gjin sint foar

de wjerspegelingen fan de brêgen – poëzij is it

takomstich libben yn de nij bepaalde mins

Cornelis van der Wal, Subsydzje foar de Graal. Utjouwerij Bornmeer, Ljouwert, 2003. € 8,90.

 

Dit stik stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 3, 2004

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels