Lemmer en De Lemmer

Publisearre op 24 februari 2015

KAREL F. GILDEMACHER – 

Nederlân is in nuver lân, want der binne gjin algemiene regels of rjochtlinen foar ierdrykskundige nammen. Hast alle lannen hawwe dy wol. Se wolle betizing foar wêze en it foar de minsken oer it generaal makliker meitsje om nammen te skriuwen of út te sprekken. Yn Nederlân, dus ek yn Fryslân, is de gemeenteried baas oer alle nammen fan plakken, wetters, fjilden, wegen, paden en gean mar troch. In ried is net allinne frij yn it kiezen fan in namme, mar ek yn it spellen fan dy namme. Yn it eardere Skarsterlân wie Sintjohannesga like offiisjeel njonken Sint Nicolaasga.

De offisjele nammen fan de ‘bewenne oarden’ binne fêstlein yn de gemeentlike basisadministraasje. It is dus men nammen net sa dreech. Bekroadzje jin dus net om hoe it moat, nim gewoan oer wat ienris fêst steld is.
Okkerlêsten skreau in proastich redaktrise fan de Ljouwerter (NDC) dat Kuiken yn in boek in grutte flater makke hie. Hy hie it allegeduerigen oer Het Bildt, wylst it neffens it frommeske het Bildt (het dus net mei haaadletter H) wêze moatte soe.

Henk Wolf wol hjoed yn in aardich stikje ha dat elk sels mar witte moat wat er datoangeande skriuwt. Dat is my bêst, ik hâld wol wat fan anargy, mar it is wol sa dat der oangeande it haadlettergebrûk by ierdrykskundige nammen wol deeglik in ‘stipe’ yn dit soarte fan kwestjes by de Fryske Akademy ferskynd is. Net troch de wurdboekmannen, mar út de nammekundehoeke wei. Ferjitten?

As ferfolch op yn relaasje mei de ‘wetternamme-operaasje’, goed tsien jier ferlyn, haw ik yn oerlis mei Arjen Versloot doedestiids in help jaan wollen by it kiezen, spellen, fêstlizzen en ynfieren fan ierdrykskundige nammen. Utsoarte gjin foarskriften, want elke gemeente is eigen baas.

It provinsjebestjoer hat dy brosjuere (fan 2004) doe trouwens wol mei in oanbefellingsbriefke oan alle gemeenten ferstjoerd. Dy Frysktaklige helt fan dy brosjuere (hy wie twatalich) kin eltsenien trouwens noch altiid op de FA-site fine.

Op bls. 8, paragraaf 5.3, stiet: “By delsettingsnammen dy’t yn it Frysk in fêst lidwurd hawwe, skriuwt men dat lidwurd yn alle sitewaasjes. Ek yn in tekst skriuwt men dat lidwurd dan mei in haadletter”. De Adviescommissie Aardrijkskundige Namen in Nederland hat trouwens it foarnimmen om in ferlykbere ‘regel’ fia de Taalunie as advys te jaan oan alle gemeenten yn Nederlân en Flaanderen. Fryslân rint ris in kear net efteroan. Yn deselde brosjuere wurdt trouwens ek fierder omtinken jûn oan it brûken fan lidwurden.

Ien fan de arguminten om yn neamde gefallen in haadletter te brûken is it feit dat it lidwurd, oars as meast yn it Nederlânsk echt ta de namme heard. Lemmer is Nederlâns, De Lemmer is Frysk. Peazens is it plak, De Peazens is de rivier.

Tiden haw ik prakkesearre oft it dochs net handiger wie om yn teksten in lytse letter by it lidwurd te brûken, mar myn taalgefoel dat ‘De’ by de De Jouwer echt by de namme heard en dus wat oars is as ‘de’ by de Snitser Mar joech my de trochslach.

Nammen sûnder in fêst lidwurd binne yn ús taalsitewaasje makliker (noch in argumint om se by De Gerdyk te bewarjen) en dus hie de gemeente dêr’t ik yn wenje in namme ha moatten sûnder lidwurd. Mar, ja, de ried beslist. Wy sjogge wol hoe’t it giet. De Jouster Courant (ek fan de NDC) fan fannewike brûkt bygelyks yn ien (Hollânsktalich) stikje fan fyftich wurden trije kear de gemeentenamme: twa kear mei ‘De’ en ien kear mei ‘de’. Ken’t skele?

 

Dizze bydrage fan Karel F. Gildemacher ferskynde earder as reaksje op de taalbydrage ‘Op It Hearrenfean of op it Hearrenfean’ fan Henk Wolf op de Moanne.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels