Op it Hearrenfean of op It Hearrenfean?

HENK WOLF – 

Koartlyn krige ik de fraach oft je no it Hearrenfean en de Knipe ensfh. (mei lytse letter) of It Hearrenfean en De Knipe (mei haadletters) skriuwe moatte. Ik moat sizze dat it my earlik sein net it measte ynteressearret en dat ik mei beide foarmen gjin muoite ha, as de skriuwer yn ien tekst mar konsekwint is. Mar ik wol Fryskskriuwers bêst helpe om in motivearre kar te meitsjen. Lit ús dêrom mar ris sjen wat der foar elk fan de skriuwwizen te sizzen is.

 

Donorprinsipe
Alderearst: wa is baas oer de stavering fan in plaknamme? Dat is yn it foarste plak de gemeente dêr’t it oanbelangjende plak yn leit. Dat saneamde donorprinsipe makket dat wy tsjin alle staveringsregels yn Raerd en Oirschot skriuwe. Haadlettergebrûk heart ek by dat donorprinsipe. Sa skriuwt de Drintske gemeente De Wolden de plaknamme de Wijk mei in lytse letter en de plaknamme De Stuw mei in haadletter.

Wa’t it Fryske haachje yn rydt, sjocht dat de gemeente kombuorden pleatst hat mei de folgjende tekst:

Heerenveen
it Hearrenfean
gem. Heerenveen

Ride wy noch in eintsje troch, dan komme wy op in stuit in boerd tsjin mei de tekst:

De Knipe
gem. Heerenveen

Dat soe dus pleitsje foar it Hearrenfean (mei in lytse letter) en De Knipe (mei in haadletter). Alteast, as dy haadletter D net gewoan skreaun is, omdat De it earste wurd op it boerd is. Fierder ha wy noch in probleem dat de Fryske plaknammen yn de gemeente Heerenveen formeel de status fan oersettingen ha. De Nederlânske nammen binne offisjeel. Mei men dan it donorprinsipe hanthavenje? Dêr kin men ûngelikens oer tinke.

 

Myn taalgefoel ferset him sterk tsjin ‘Haach skaft hypoteekrinteôftrek ôf’, mar hat gjin muoite mei ‘Hearrenfean wint fan Barcelona’ of ‘Knipe foardroegen foar UNESCO-list’.

 

Offisjele stavering
In oare autoriteit soe de offisjele stavering wêze kinne dy’t de provinsje foar it Frysk fêststeld hat. Dy regeling fine wy op www.taalweb.frl. Dêr stiet: “Nammen fan plakken, geaen, lannen, bergen, rivieren, stjerren, planeten ensafuorthinne wurde mei in haadletter skreaun; as it lidwurd ûnderdiel fan de namme is, wurdt dat ek mei [in] haadletter skreaun”. As foarbylden wurde it Westerkertier en De Westereen neamd.

De fraach is dan fansels wannear’t je it lidwurd beskôgje as diel fan de namme. Dêr haw ik it aanst noch efkes oer. Wy sjogge earst nei de ynterpretaasje fan de Fryske Akademy yn de Foarkarswurdlist. Dy jout It Hearrenfean (mei in haadletter). De namme De Knipe of de Knipe komt yn de list net foar.

 

Wurdboeken
Wer in oare autoriteit kinne de wurdboeken fan de Fryske Akademy wêze. It meast brûkte wurdboek is it twadielige Frysk Hânwurdboek. Dat jout de Knipe (mei in lytse letter) en It Hearrenfean (mei in haadletter), dus krekt oarsom as hoe’t de gemeente it docht.

 

Skriuwwizer
Noch wer in oare autoriteit is de skriuwwizer Mei freonlike groetnis fan Rienk de Haan. Dêr stiet yn: “Ierdrykskundige nammen krije altyd in haadletter (lidwurden ek)”. Dat liket dúdlik, mar de skriuwer wrakselet blykber ek mei de fraach oft it lidwurd no wol of net by de namme heart; hy jout as foarbylden ûnder oaren De Leijen (mei lidwurd) en Knillisdjip (sûnder lidwurd), wylst wy fansels altyd prate oer it/It Knillisdjip.

Der binne noch wol oare autoriteiten dy’t ik der no net op neislein ha, lykas it Hânwurdboek Frysk-Frysk en it Wurdboek fan de Fryske Taal. Dy meitsje grif ek wer in eigen kar.

 

Taalkundige arguminten
Men kin ek besykje om taalkundich te beredenearjen oft it lidwurd no by de plaknamme heart, ja ofte nee. In manier om dat te dwaan is om te sjen oft it lidwurd ferkoarte wurde kin. Heart it dúdlik by de plaknamme, lykas by De Haach of De Marne, dan wurdt it lidwurd altyd folút útsprutsen. Net ien seit neffens my dat er ‘yn ‘e Haach’ of ‘yn ‘e Marne’ wennet. Kin dy ferkoarting wol, lykas by ‘op ’t Amelân’, ‘op ’t Bilt’, ‘op ‘e Feluwe’ en ‘op ‘e Gordyk’, dan wurdt it lidwurd blykber noch as in echt lidwurd beskôge en net as diel fan de namme. By ‘op ’t Hearrenfean’ en ‘yn ‘e Knipe’ is dy ferkoarting mooglik. Dat soe in argumint wêze om ‘it’ en ‘de’ as echte lidwurden te beskôgjen en ‘it Hearrenfean’ en ‘de Knipe’ mei lytse letters te skriuwen.

In oar taalkundich kritearium om út te meitsjen oft ‘de’ of ‘it’ noch in echt lidwurd is, is: kin it fuortlitten wurde kin yn in krantekop? Myn taalgefoel ferset him sterk tsjin ‘Haach skaft hypoteekrinteôftrek ôf’, mar hat gjin muoite mei ‘Hearrenfean wint fan Barcelona’ of ‘Knipe foardroegen foar UNESCO-list’. Dat is noch in argumint om it Hearrenfean en de Knipe mei lytse letters te skriuwen.

 

Wat is gebrûklik yn de literatuer?
By eintsjebeslút kin men ek noch sjen wat goede skriuwers dogge. Dat helpt ús lykwols net folle fierder, want dy binne lang net ta ienriedichheid kaam. As ik yn it Wurdboek fan de Fryske Taal sykje om foarbyldsinnen út de literatuer mei Hearrenfean deryn, dan fyn ik 67 stiks. 7 sinnen hawwe It Hearrenfean midden yn in sin, 15 hawwe it Hearrenfean en de rest hat wat oars (Hearrenfean sûnder lidwurd, ’t Hearrenfean of It Hearrenfean oan it begjin fan in sin).

It mei dúdlik wêze dat wy net samar sizze kinne dat ien fan beide skriuwwizen dúdlik goed of ferkeard is. Dy’t Frysk skriuwt, moat sels in noarm kieze. It is net oars.

Comments
9 reaksjes oan “Op it Hearrenfean of op It Hearrenfean?”
  1. Karel F. Gildemacher schreef:

    Bêste Henk,
    It sit mei dat lidwurd en it al as net spellen mei in haadletter makliker en yngewikkelder. Letter, Hjoed of moarn skriuw ik der noch oer. Betrou net te folle op de FA, soms dogge se mar wat, mar dat witst wol.

    Gr. K

  2. Karel F. Gildemacher schreef:

    Lemmer en De Lemmer
    Nederlân is in nuver lân, want der binne algemiene regels of rjochtlinen foar ierdrykskundige nammen. Hast alle lannen hawwe dy wol. Se wolle betizing foar wêze en it foar de minsken oer it generaal makliker meitsje om nammen te skriuwen of út te sprekken. Yn Nederlân, dus ek yn Fryslân, is de gemeenteried baas oer alle nammen fan plakken, wetters, fjilden, wegen, paden en gean mar troch. In ried is net allinne frij yn it kiezen fan in namme, mar ek yn it spellen fan dy namme. Yn it eardere Skarsterlân wie Sintjohannesga like offiisjeel njonken Sint Nicolaasga.
    De offisjele nammen fan de ‘bewenne oarden’ binne fêstlein yn de gemeentlike basisadministraasje. It is dus men nammen net sa dreech. Bekroadzje jin dus net om hoe it moat, nim gewoan oer wat ienris fêst steld is.
    Okkerlêsten skreau in proastich redaktrise fan de Ljouwerter (NDC) dat Kuiken yn in boek in grutte flater makke hie. Hy hie it allegeduerigen oer Het Bildt, wylst it neffens it frommeske het Bildt (het dus net mei haaadletter H) wêze moatte soe.
    Henk Wolf wol hjoed yn in aardich stikje ha dat elk sels mar witte moat wat er datoangeande skriuwt. Dat is my bêst, ik hâld wol wat fan anargy, mar it is wol sa dat der oangeande it haadlettergebrûk by ierdrykskundige nammen wol deeglik in “stipe” yn dit soarte fan kwestjes by de Fryske Akademy ferskynd is. Net troch de wurdboekmannen, mar út de nammekundehoeke wei. Ferjitten?
    As ferfolch op yn relaasje mei de “wetternamme-operaasje”, goed tsien jier ferlyn, haw ik yn oerlis mei Arjen Versloot doedestiids in help jaan wollen by it kiezen, spellen, fêstlizzen en ynfieren fan ierdrykskundige nammen. Utsoarte gjin foarskriften, want elke gemeente is eigen baas.
    It provinsjebestjoer hat dy brosjuere (fan 2004) doe trouwens wol mei in oanbefellingsbriefke oan alle gemeenten ferstjoerd. Dy Frysktaklige helt fan dy brosjuere (hy wie twatalich) kin eltsenien trouwens noch altiid op de FA-site fine.
    Op bls. 8, paragraaf 5.3, stiet: “By delsettingsnammen dy’t yn it Frysk in fêst lidwurd hawwe, skriuwt men dat lidwurd yn alle sitewaasjes. Ek yn in tekst skriuwt men dat lidwurd dan mei in haadletter”.
    De Adviescommissie Aardrijkskundige Namen in Nederland hat trouwens it foarnimmen om in ferlykbere ‘regel’ fia de Taalunie as advys te jaan oan alle gemeenten yn Nederlân en Flaanderen. Fryslân rint ris in kear net efteroan.
    Yn deselde brosjuere wurdt trouwens ek fierder omtinken jûn oan it brûken fan lidwurden.
    Ien fan de arguminten om yn neamde gefallen in haadletter te brûken is it feit dat it lidwurd, oars as meast yn it Nederlânsk echt ta de namme heard. Lemmer is Nederlâns, De Lemmer is Frysk. Peazens is it plak, De Peazens is de rivier.
    Tiden haw ik prakkesearre oft it dochs net handiger wie om yn teksten in lytse letter by it lidwurd te brûken, mar myn taalgefoel dat “De” by de De Jouwer echt by de namme heard en dus wat oars is as “de” by de Snitser Mar joech my de trochslach.
    Nammen sûnder in fêst lidwurd binne yn ús taalsitewaasje makliker (noch in argumint om se by De Gerdyk te bewarjen) en dus hie de gemeente dêr’t ik yn wenje in namme ha moatten sûnder lidwurd. Mar, ja, de ried beslist. Wy sjogge wol hoe’t it giet. De Jouster Courant (ek fan de NDC) fan fannewike brûkt bygelyks yn ien (Hollânsktalich) stikje fan fyftich wurden trije kear de gemeentenamme: twa kear mei “De” en ien kear mei “de”. Ken’t skele?

    Karel F. Gildemacher

  3. Karel F. Gildemacher schreef:

    is myn bydrage weiwurden of hat ien dy trochstjoerd nei Henk?

  4. Henk Wolf schreef:

    Moi Karel,

    Dat is in moaie reaksje. Skande dat er no allinne as reaksje ûnder myn stik stiet, miskien wol De Moanne him wol as kollum opnimme? Dan kinne mear minsken him lêze.

    Jim brosjuere koe ik net. Ik haw efkes socht op ‘e FA-website en kaam dizze list tsjin. Is dat him?
    http://www.fryske-akademy.nl/fryske-akademy/tsjinsten/taalbureau/plaknammen-yn-fryslan/?no_cache=1&sword_list%5B%5D=plaknammen

    Noch efkes om betizing by oare lêzers foar te wêzen: yn de GBA steane allinne de offisjele nammen. Foar it offisjele ‘De Knipe’ kinst der wol in skriuwwize fine, foar it net-offisjele ‘it/It Hearrenfean’ net, omdat dat as ‘Heerenveen’ yn ‘e GBA stiet.

    Ik bin oars benijd oft de folksmûle aanst ek seit dat er ‘yn ‘e Fryske Marren’ wennet. Ik ha op dit stuit oanstriid om it lidwurd folút út te sprekken en sels in lytse pauze falle te litten tusken ‘yn’ en ‘De/de’. Miskien komt dat trochdat it nuver is om te sizzen dat jo ‘yn marren’ wenje.

    Freonlike groetnis,
    Henk

  5. Jurjen Kingma schreef:

    Hoi Henk,

    Bedoelsto mei it twadielige Hânwurdboek, it wurdboek Frysk-Nederlânsk Nederlânsk-Frysk fan Visser en Zantema?
    Do neamst nammentlik datst it Hânwurdboek lêzen hast, mar net it Hânwurdboek Frysk-Frysk. Neffens my is der mar ien Hânwurdboek, en dy is ientalich Frysk.

    Jurjen

  6. Henk Wolf schreef:

    Hoi Jurjen,

    Ik sjoch dyn fraach no pas en do sjocht myn antwurd miskien wol helendal net mear. Ja, hast fansels gelyk, ‘hân’ moat derút. It komt tink trochdat wy dy twa griene dielen foar it útkommen fan it Hânwurdboek ek altyd ‘de hânwurdboeken fan de Fryske Akademy’ neamden.

    Groetnis fan Henk

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.