Fryslân en de wrâld 2.0
ARJAN HUT – In smûke sneontemiddei yn de Prinsetún, mar it waaide en reinde allegeduerigen. De polulieren en platanen hollebatsten hoeden op it grize ritme fan in foarjiersstoarm, de moaie wylgebeam by de fiver die lykwols net mei: hielendal koartfike. It paviljoen fan restaurant De Koperen Tuin siet goed fol mei besikers foar de 5e […]
Lemmer en De Lemmer
KAREL F. GILDEMACHER – Nederlân is in nuver lân, want der binne gjin algemiene regels of rjochtlinen foar ierdrykskundige nammen. Hast alle lannen hawwe dy wol. Se wolle betizing foar wêze en it foar de minsken oer it generaal makliker meitsje om nammen te skriuwen of út te sprekken. Yn Nederlân, dus ek yn Fryslân, […]
Taalskiednis fan Fryslân, no ek yn it Nederlânsk
HENK WOLF – De oerienkomsten tusken it Frysk en it Ingelsk komme net trochdat dy twa talen sa nau besibbe binne. En it santjinde-ieuske Frysk fan Gysbert Japiks, dat wy meastentiids Midfrysk neame, is eins in betide foarm fan Nij-Frysk. Dat binne samar twa ferrassende ynsichten út it boek Fryslân, land van talen. Een geschiedenis […]