Se gûlde dikke tranen – Tryater yn Amsterdam
ELSKE SCHOTANUS – It Amsterdamske Theater Bellevue hat op facebook as profylfoto in ôfbylding fan aktrise Ali Zijlstra, in foto dy’t ek op it promoasjemateriaal fan de foarstelling Rooftop Memories te finen is. ‘De Friezen komen’, seit de poster: ‘Theater Bellevue verwelkomt een maand lang het Friese theatergezelschap Tryater.’ Yn de Bellevuewike, de lêste wike […]
Allegear ha wy deselde woartels
ELSKE SCHOTANUS – It 50-jierrich jubileum fan Tryater wurdt grut fierd mei Grûn, in kronyk fan it libben om twa boerefamyljes hinne. Dêrneist set Tryater it partisipaasje- en ynspiraasjeprojekt ‘In bosk fan minsken’ op priemmen om it fenomeen famyljeferhalen hinne: ynspiraasjejûnen, ateliers, in ynstallaasje fan Bouke Groen yn de foyer fan De Lawei, dêr’t Grûn […]
Wij … jullie …
ELSKE SCHOTANUS – Ek ik haw it lykas safolle oaren oait foar de Nederlânske list lêzen, want it is sa’n lekker tin boekje, de yn 1948 ferskynde debútroman fan Hella S. Haasse oer de freonskip tusken in Nederlânske jonge, soan fan de administrateur fan in teeplantage en Oeroeg, it âldste jonkje fan harren Javaanske tsjinstfaam. […]
Meiwurkje oan teater as in spin yn it web
INEKE RIENKS – Diel útmeitsje fan in kreatyf proses en mei-inoar moaie dingen meitsje, dat fynt Grietje Deinum, publisiteitsmeiwurker by Tryater, it moaiste oan wurkje by it Frysk teaterselskip. De foarstelling Medea wie de earste foarstelling fan Tryater dy’t Grietje seach. “Ik wist doe fuort: dit wol ik ek.” De sfear om de foarstelling hinne […]
Swarte komeedzje sûnder spegels
RYNK BOSMA – Rom fjirtich jier lyn skreau de toanielskriuwer Neil Simon de komeedzje The Sunshine Boys en yn 1975 waard it in film mei de doe ferneamde komyk Walter Matthau yn de haadrol. Fjouwer desennia letter waard it lanlik opnij út de kast helle en it stik mei André van Duin en Kees Hulst […]
Libben om ’e nocht efter de doar
RYNK BOSMA – ‘In libben sûnder leafde is in libben om ’e nocht’ sa song in Fryske artyst ea en dat etiket soenen je hast plakke op de nije foarstelling ‘Memmesiel’ fan Sterke Froulju. Mar dat soe al te maklik wêze, sa die snein 15 novimber bliken yn doarpshûs Yn ‘e Mande yn Tytsjerk. It […]
Fyftich jier Tryater, trije generaasjes op deselde grûn
ELSKE SCHOTANUS – Yn in prachtich dekôr yn de nije grutte teaterseal fan De Lawei fiert Tryater har fyftichjierrich jubileum mei Grûn, in foarstelling dy’t likernôch fjouwer oeren duorret. En dêr sit dan ek daliks de krityk, want fjouwer oeren blike in lange sit as it yn de seal al foar’t de foarstelling begjint om […]
Frijwilliger yn it ljocht: Tineke Bleeker
TINEKE BLEEKER – Koartlyn krige ik fan Tryater in spjeldsje as blyk fan wurdearring om’t ik fan it begjin ôf oan Freon bin fan Tryater. Yn jannewaris lêstlyn krige ik de fraach oft ik as frijwilliger wat oer mysels skriuwe woe; ek in blyk fan wurdearring neffens my. Wat ha ik mei Tryater en mei […]
In tsunami oan Alzheimer
ELSKE SCHOTANUS – Brochten De Paupers foarige simmer Aaltjemeer, nei ús de sondfloed op lokaasje, by it ynpoldere Aaltjemeer by Ferwoude, yn it ramt fan de tsunami fan Alzheimerpasjinten dy’t, troch de fergrizing, oer de wrâld spiele sil, is de foarstelling bewurke foar de seal. Dy wie 21 septimber te sjen yn it Posthús, op […]