It lân jout, de see nimt

Publisearre op 12 september 2016

ELSKE SCHOTANUS – 

Durk van der Ploeg syn roman Foarby it Boarkumer fjoer as iepenloftspul
Ien kear yn de trije jier bringt Mitselwier in iepenloftspul, dit jier is dat Foarby it Boarkumer fjoer, skreaun troch Baukje van Hijum nei it boek fan Durk van der Ploeg. De titel fan Van der Ploeg syn roman referearret oan de ramp fan 1883 doe’t de fiskersfloat fan Peazens-Moddergat yn in fleanende stoarm fergyng. Fierwei it grutste part fan de fiskers ferlear dêrby it libben. Yn it boek wurdt wiidweidich omtinken jûn oan de oanrin en it ferfolch, mar ek oan it rampsillige barren op see. Hoe pakt sa’n enoarme ramp út as foarstelling?

 

Miskien hat it boek dêrby wat tefolle syn gerak krigen: soms ferrint in sêne (my) te traach en der hie wol wat yn skrast wurde kind. Tagelyk is it in prestaasje en in goede set om krekt de skiednis fan boeren en fiskers fan de Dongeradielen yn de eigen omkriten as iepenloftspul te bingen.

 

‘De vis wordt duur betaald’, seit in fiskersfrou yn Herman Heijermans syn toanielstik Op hoop van zegen (1900). As it om de priis dy’t betelle wurdt giet, dan is dy yn de foarm fan minskelibbens. Yn de wurden fan dichter D.A. Tamminga, sa’t dy op it fiskersmonumint op de seedyk by Moddergat stean: ‘As de dea it skip berint, / Dan is der gjin ûntkommen. / O wetter, o wif elemint! / De sé hat jown, hat nommen.’ De fjouwerrigel wurdt sitearre yn it iepenloftspul en fjouwer froulju, klaaid yn it swart fan de rou, lêze de nammen fan de mannen dy’t omkamen – it wiene der 83 – wylst de letterkoaden fan de skippen projektearre wurde. Bygelyks WL-4, in skip mei Westdongeradiel as thúshaven. Dêrby foegje sy ien namme ta, nammentlik dy fan Rimmer Vaderloos, man fan Swaan en heit fan Botte, persoanaazjes út Van der Ploeg syn roman.

Botte is it oerwûne bern fan boeredochter Swaan. In boer as ‘pake Minne’, stiet heger yn de hierargy as fiskers dêr’t de bern gauris mei de honger yn de hals rinne. Pake Minne hie leafst hân dat Botte letter op Orneastate komme soe. De grûn, ommers  jout, wylst de see nimt, boppedat kin de pleats net nei syn dochter Swaan. Botte, lykwols, is solidêr mei syn heit. Rimmer beskôget de jonge as syn eigen en wol ha dat er letter op in eigen skip fart. Sawiesa moatte der bettere, modernere skippen komme, want de fiskers fan Moddergat moatte op syk nei oare fiskgrûnen, fierder fuort: foarby it Boarkumer fjoer. Moat Swaan neat fan har heit ha, Rimmer hat him nedich foar in part fan de liening en as boarch foar de oankeap fan de Vrouwe Weintsje. It skip wurdt neamd nei Swaan har mem, in leave frou, dy’t yn it earste bedriuw te ferstjerren komt.

It dekôr foar it skoft bestiet út de pleats fan pake Minne, de seedyk en de húskeamer fan Rimmer en Swaan. Nei it skoft bliuwt de seedyk, mar binne der ek de see en pake Minne syn stjerkeamer. Achtergrûnynformaasje, bygelyks oer de fiskerij wurdt jûn troch groepkes rabjende, skellende, kleiende en kommentaar leverjende doarpelingen op it seedyk. Want fan wa soe Botte Vaderloos eins ien wêze? Fan Swaan har pianolearaar? En Rimmer, gjin sint om hannen, dy lûkt it seil te heech. En wat moat Rimmer sa betiid yn it jier út te farren. Der stiet ommers in kring om de sinne: dat foarseit swier waar. De ramp sels, dy’t yn de roman in tritich, fjirtich siden beslacht, wurdt ferbylde troch doarpelingen dy’t, by stoarmwaar, op it seedyk stean út te sjen, ûngerêst oer fiskersfloat op see. Lûd, beljochting, plestik foly dat yn beweging brocht wurde dogge de rest. Sa komt it dat wat yn it boek rom omtinken krijt, yn it stik net mist wurdt.

Botte, dy’t dy rampsillige nacht net oan board fan Rimmer syn blazer wie, mar mei in oar skip mei wie, oerlibbet. De Vrouwe Weintsje wurdt weromfûn en Botte giet by pake del om te sjen oft er de liening oernimme kin. Dat alles tsjin Swaan har sin. Net allinne sit der gjin brea yn de fiskerij en hat sy har op see man ferlern, in wichtigere rol noch spilet de enoarme hate tsjin har heit. Yn de rin fan it ferhaal docht bliken wêr’t dy út fuortkomt.

Baukje fan Hijum hat de 367 siden tellende roman werombrocht ta in skript foar in foarstelling fan sawat trije oeren. Miskien hat it boek dêrby wat tefolle syn gerak krigen: soms ferrint in sêne (my) te traach en der hie wol wat yn skrast wurde kind. Tagelyk is it in prestaasje en in goede set om krekt de skiednis fan boeren en fiskers fan de Dongeradielen yn de eigen omkriten as iepenloftspul te bingen. Fan de bern dy’t meidogge spilet Meine van der Meulen op natuerlike wize Botte as jonkje fan in jier as tolve, trettjin. Fan de oare spilers, 45 meielkoar, neam ik fierder Anje van der Meulen-Keekstra. Sy bringt in dan wer ûngerêste, dan wer fertrietlike, dan wer grimmitige en dan wer berette Swaan.

Iepenloftspul Mitselwier Foarby it Boarkumer fjoer, premjêre 8 septimber 2016. Noch te sjen op: 9, 10, 15, 16 en 17 septimber, op it Stinzeterrein yn Mitselwier.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]